bytiden tige knap binne. It proaza is oer it algemien litterair swakker, komt net boppe ús foarige-ieusk teltsjepeil út, al binne de libbensbiskriuwings fan inkelde greate Noardfriezen wol fan bilang, al is it nijsgjirrich, ris eat út Storms ‘Skimmelrider’ yn it Noardfrysk lêze to kinnen, en al waerd it wol tiid, dat de bern yn Noardfryslân inkelde algemien bikende mearkes nou ek yn 'e eigen tael lêze kinne. Mar mei dat lêste wurdt de bondel doch eins wer it skoalboek, dat er èk wêze moat, om't krapte oan jild en publikaesje-mooglikheden dy kombinaesje nou ienkear easket.
De reproduksjes fan wurk fan Noardfryske skilders binne op harsels tige moai en slute goed by de skreaune ynhâld oan.
Ien mei oar is dit wol in boek wurden, dat ek fan bilang is foar dyjingen yn ús Fryslân, dy't neijer mei lân, folk en kunst fan dat oare Fryslân yn 'e kunde komme wolle. Dêrom is it in goed ding, dat it boek by it Buro foar Kulturele Saken yn Fryslân foar bilangstellenden to keap is; de priis is f 4,50, net tofolle foar sa'n kreaze útjefte.
M.S.