De Tsjerne. Jaargang 10
(1955)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermdOp it harspit:
| |
[pagina 349]
| |
Der is in soad, dat foar it koart forhael pleitet. It hat syn woartels yn de fortelkunst en de anekdotyk fan it folk. It hat syn reden fan bistean, it is in eigen litteratuergenre. It is as sadanich gauris hwat forwaerloazge en hat wol forlet fan hwat reklame. Mar it koart forhael sitte biskate nuodlike kanten oan. Yn 'e praktyk is it mar al to faek in frijbrief foar oerflakkichheit, flotte journalistyk en handichheit, foar gemaksucht en ûntwiken fan de wiere problemen en wearden fan it skriuwerskip. De skriuwer bisiket it effekt al to maklik oan syn ynspiraesje to úntwringen. Hy siket syn krêft yn in pear skrille linen, yn in forsearre karaktertekening sûnder nuanses, yn it handich etalearjen fan hwat twaddehâns wrâldkennisse, yn in handige intrige en faek dat net iens. Al to faek is yn Fryslân binammen it koart forhael net folle mear as in stikje réalistyske biskriuwingskunst, dat men dan biskiedenwei in ‘skets’ neamt - hwa hat dy ûnsillige Fryske bitsjutting fan dat wurd útfoun? Of de skriuwers sjitte de oare kant oer, hja blaze har haedpersoanen fan Mexico nei Madagascar oft it samar neat is, hja litte moardzje en stekke en sjitte by 't seksje en slepe ús fan de iene sensaesje yn 'e oare. In mannichte skriuwers, dy't sûnder mis de kapasiteiten hawwe foar it skriuwen fan in draechlike roman, wijt him yn Fryslân langer allinne noch mar mear oan it koart forhael, dat op himsels net folle forkeapmooglikheden hat, mar dan dochs noch mar yn elk deiblêd of tydskrift wol plak fine kin. It resultaet? Flechtige idéen wurde hastichwei en amper forarbeide forbrûkt ta in koart forhael, yn pleats fan mei leafde en tawijing útarbeide to wurden yn it ramt fan in greate, geduldfreegjende konsepsje. De lju forsnipperje har yn journalistyk klerkewurk en stekke har energy al klauwendewei yn de koarte-baenriderijen fan 'e geast. Ungelokkich opsette litteratuerprizen dy't bûten elke litteraire réaliteit steane en dy't de mooglikheit forskaffe om mei in koart forhael fan fiif, seis bledsiden in pearhûndert goune by elkoar to ritsen,Ga naar voetnoot1) wurkje dat koarte-forhalegeknoei noch yn 'e hân. Ek mei hjirtroch stiet it koart forhael de lêste tiid yn Fryslân yn in rook fan hillichheit, as leit hjir ús rêdding yn it oangesicht fan de wrâld, nou't dat mei lyryk en roman wol sahwat mislearre is, om fan it toniel alhiel net to praten. It koart forhael is in ta offisialiteit forheven ûnoantaestbere greatheit wurden, suver it summum fan litteraire mooglikheden. It is ek sa maklik. Lit in persoan yn it fleantúch nei Rio de Janeiro stappe of automatysk skilje mei Zanzibar of Hongkong. Nimmen fan de lêzers sil freegje: Hawwe jo wolris yn Rio west, of witte jo wol, dat Zanzibar net automatysk is en Hongkong in oar kengetal krigen hat? Gjin skriuwer wurdt ferge op milieukennis fan dy oarden. Plakbiskriuwing komt der net mear oan to pas, dat is | |
[pagina 350]
| |
út 'e âlde doaze. De lêzer sil dat allegear út syn fantasy wol oanfolje, en kin er dat net, dan nimt er it noch wol oan. Hwat ik sizze woe - it is ommers ek sa, ik bin hwat op 'e rin slein - it koart forhael kin produkt wêze fan de rykdom, mar ek fan de earmoede. Ik bin bang, sûnder nammen of útsûnderingen neame to wollen, dat it yn Fryslân almeast út 'e earmoede berne wurdt. Ut in to skrale groun, út ûngeduld, ût in tokoart oan bisinning en bisinking, in tokoart oan selskennis en selskrityk, in tokoart oan geastlik bilibjen. Ik wol gjin pleit fiere foar de roman. In roman kin striemin wêze en in koart forhael pûrbêst. In skriuwer kin yn beide syn siel lizze, oan beide it bêste fan syn kinnen wije. It iene gefal seit it oare net. Mar ik wegerje oan to nimmen, dat Fryslân's litterair heil eksklusyf by it koart forhael lizze soe. Ik mien, dat geduld en moedsum konsipiëarjen en jin haedstik foar haedstik rekkenskip jaen, it jin fordjipjen yn 'e siel fan in minske of fan in sibbe om myn part, wearden binne dy't by de measte koarte-forhaleskriuwers har gerak net krije. Dat in roman net taei en langtriedderich hoecht to wêzen, Marnix Gijsen hat it nammers al lang biwiisd. Dat yn Fryslân de romankunst der earder op efter- as op foarútgiet. Dat men mis is troch de blynkape fan it koart forhael op to setten en to mienen dat dan alles yn oarder is. Mear net. ANNE WADMAN. |
|