De Tsjerne. Jaargang 10
(1955)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 340]
| |
Anne Wadman:
| |
[pagina 341]
| |
de liberale steatsidé, histoarysk produkt fan de Frânske revolúusje en liedend bigjinsel yn de grounwet fan 1848, dochs oerwoun hat.Ga naar voetnoot1) It wêzen fan dy liberale steatsidé leit net sasear yn it demokratysk bisef as wol yn it prinsipe fan steats-neutraliteit en skieding fan tsjerke en steat. Skieding fan tsjerke en steat, lyk as dy sûnt pl.m. 1800 yn Nederlân trochfierd is, bitsjut yn earste ynstânsje neutraliteit fan de steat tsjinoer alle geastlike en religieuze streamingen, earst yn twadde ynstânsje: neutraliteit fan de steat ek tsjinoer it yndividu, fan hokker rang, rykdom of steat ek, dus: demokraty. De demokratyske idé is dus sekundair: útfloeisel fan it bigjinsel fan de steatsneutraliteit; ek histoarysk sjoen sekundair: fan demokraty kin men ûnder it kiesstelsel fan Thorbecke noch net prate. It bigjinsel fan steatsneutraliteit wol fansels net sizze, dat de steat ‘neutrael’ regearre wurdt - it bitsjut, dat de steat regearre wurdt nei de opfetting fan in politike mearderheit fan it eagenblik, mar mei de garânsje fan sa sterk mooglike earbiediging fan de minderheit. De minderheit fan hjoed kin de mearderheit fan moarn wêze.Ga naar voetnoot2) De eask fan politike stabiliteit needsaket ta dy prinsipiële en fundamintele tolerânsje tsjinoer de minderheit. De inerty yn de steatskontinuïteit makket, dat net elke bislissing fan de mearderheit fan hjoed troch de mearderheit fan moarn to neate dien wurdt. Men kin it Nederlânske folk in kristlike naesje neame, mar de Nederlânske steat is gjin kristlike steat. De liberale steatsidé hat, fan it bigjin oan him forsettend tsjin it ‘droit divin’, it godlik rjocht fan oerheden en foarsten, de steat sjoen as in minsklik organisme, in | |
[pagina 342]
| |
formeel, mar earbied ôftwingend en de yndividuën as steatsboargers oan elkoar binend phenomeen boppe de yndividuën De fundamintele frijheit fan it yndividu - it is noch dúdlik de opfetting fan Thorbecke - kin earst fan de steat oantaest wurde by wize fan útsûndering, as it oer de hege skuon rint, of as der hwat skeef giet. Dit steatsneutralisme is b.g. ek oan to wizen yn de forneamde útspraek: ‘Kunst is geen regeringszaak’. Earst de aperte needtastân dêr't de kunst hjoed de dei yn forkeart, hat oanlieding jown ta maetregels fan regearingswegen, mar safolle mooglik bliuwend binnen it terrein fan de neutraliteit. It is dúdlik, dat binnen dizze liberale steatsopfetting: sa folslein mooglike frijheit en ûntjowing fan it yndividu, en steatsneutraliteit, nuodlike tsjinstellingen en konfliktskânzen lizze. It docht dúdlik bliken út it eigenaerdich lot fan de liberale partij, dy't b.g. sûnt 1874 (de wet-Van Houten) iderkear mear twongen waerd ta yngripen yn de gong fan sosiale saken. Ek op in oar punt: de frijheit fan it yndividu bitsjut: frijheit fan ûnderwiis, dat is dus: frijheit oan it bisûnder ûnderwiis. Dat is in eask fan demokratysk bisef. Mar de steatsneutraliteit bitsjut yn 'e praktyk, dat allinne it neutrale steatsûnderwiis offisiële erkenning kriget.Ga naar voetnoot1) De hiele skoalstriid is der om to tsjûgjen, dat de liberale partij dit dilemma net op prinsipiële wize oplosse kind hat. De stapsgewize lykbirjochtiging fan bysûnder en steatsûnderwiis hat oan liberale kant net in saek west fan de liberale partij as sadanich, mar fan liberale yndividuën, yn har persoanlik bilibbe konflikt tusken steatsopfetting en demokratysk tinken. En mei it neamen fan dizze lykstelling is mei-iens oantsjut, dat de ideology fan de neutrale steat lang net syn folsleine forfolling krigen hat. Skieding fan tsjerke en steat wol ommers sizze: de tsjerke is troch gjin inkelde bân, idéele noch technyske noch finânsiële oan 'e steat boun. | |
[pagina 343]
| |
It bysûnder ûnderwiis is yn Nederlân, wy hoege dêr net omhinne to heljen: tsjerklik ûnderwiis, subsidiëarre fan de steat. Op dit punt binammen sjogge wy, hoe't de neutralistyske steatsopfetting trochkrúst wurdt fan de demokratyske, dy't bod jowt oan foarstanners fan oare steatsopfettingen. De Nederlânske steat is gjin liberale steat yn suvere foarm, ek gjin partij- of tsjerke-steat, mar in kompromis-foarm, lâns demokratyske wegen ta stân kommen, dy't lykwols syn liberael grounpatroan noch wol sjen lit. | |
IIIt hat in skoftlang like, as koe dit kompromis alle partijen bifredigje.Ga naar voetnoot1) Bigjinselprograms binne ornaris feest- of forkiezingsflaggen sûnder folle praktyske konsekwinsjes. Elke partij yn Nederlân wit, dat foar him alteast lâns de wei fan de demokraty gjin parlemintaire absolute mearderheit foar it gripen leit en hâldt en draecht him dêr neffens. Mar ûndergrounsk hat it forset tsjin de liberale steatsidé altyd wol trochwurke. Yn orthodoks-kristlike formiddens is dat forset sûnt de dagen fan Groen van Prinsterer latint oanwêzich en by de roomsk-katholiken sûnt it biskoplik mandemint fan 1868. De biskikbere energy hat him lykwols lange jierren ûntlade kinnen yn de skoalstriid. It liket my ta, dat wy yn de politike forskynsels dy't wy de lêste jierren binammen fan katholike kant merkbite kind hawwe, de symptomen sjen moatte fan in fannijs oplibjen fan de forsetsstriid tsjin de liberale steat of de kompromisfoarm dêrfan. In forset dat oanwint, as ik it goed sjoch, net oml de liberale idé, sa't dy him oponearret yn it hjoeddeiske humanisme, oanwint, mar om't de foltôging fan it katholike emansipaesjeproses yn maetskiplik opsicht laet hat ta in greater oanrekkingsflak fan roomsken en net-roomsken en dêrtroch, yn elk gefal yn forbân dêrmei it ûnûntstriidber en fan roomske kant tajowne feit, dat it Nederlânske katholisisme syn klam op greate groepen forliest: op in groep arbeiders út yndustriële biroppen dy't ûntfanklik is foar ticht by geastlik nihilisme steande ‘kultuerforskynsels’ as | |
[pagina 344]
| |
Vara-showboat, bioskoop en sportmany, op in lytser groep yntellektuëlen, dy't tsjinoer de katholike dogmatyk in twiveljend stânpunt ynnimt. Dat it forlies him yn 'e politike striid min ofte mear dúdlik manifestearre hat yn winst fan it sosialisme - in casu de Partij van de Arbeid - liket my in sekundair forskynsel ta. Likemin is haedoarsaek de attraktive figuer fan minister Drees mei syn âlderdomsfoarsjenning. It primaire forskynsel is in forlies oan katholike kant, binammen yn it suver religieuze, net sasear foroarsake troch de greate sûchkrêft fan it sosialisme of de ynfloed fan it humanisme, mar earder troch oare oarsaken dy't gearhingje mei de foltôging fan de emansipaesje en de groei fan it moderne wrâldbyld. Ik wol en doar net útmeitsje yn hoefier't it politike katholisisme yn Nederlân, mei syn sterke ynwindige tsjinstellingen op sosiael gebiet (Welter, Prof. Duynstee en Mr. Lucas tsjinoer de K.A.B.), yn syn maetskiplike opjefte tokoartsketten is. Ik leau nammers ek net iens, dat it forlies sasear to finen is yn de politike sektor. De Katholieke Volkspartij hat by myn witten troch de s.n. trochbraek noch gjin momint op syn grounslaggen wankele, to sizzen: as politike machtsformaesje. It forlies leit yn 'e religieuze sektor: it katholisisme yn Nederlân moat op 'e ien of oare wize tokoartsketten wêze yn syn formogen alle leauwigen fêst to hâlden. De klachten oer it greate tal net mear praktisearjenden sprekke kleare tael. De oarsaken dêrfan kinne sels de greatste antipapist net allinne mar sympathyk oandwaen. Der is grif in great poarsje geastlike ûntwoarteling en nihilisme mei anneks. De moderne technyk mei syn enoarm yndustriëel produksje-apparaet, mei syn greatestêdskultuer en syn universele driuw nei lykskeakeling en depersonalisearring hat in bres slein yn de religieuze tradysjes en it religieus biwustwêzen fan greate groepen. De klachten fan J. Piebenga oer forlies fan tradysjes yn it tsjerklike meije ientoanich wêze en forliede ta de misfetting, dat it yn it tsjerklik libben mei tradysje allinne ta kin, ûnwier binne hj a dêrom net. De massalisearring fan de moderne kultuer hat binammen de massaliteit en de massiviteit fan it katholisisme in knoei jown. Dat it episkopaet siket om middels om dy bres te tichtsjen, is to forwachtsjen en to billikjen. Der is wolris sein, nei oanlieding fan it mandemint, dat de biskoppen (op oanstean fan Prof. Romme c.s,), har geastlike macht (mis)brûke om de politike macht | |
[pagina 345]
| |
to bisterkjen. Ik leau dat it likegoed en earder oarsom is: dat de biskoppen de politike macht fan de partij nedich hawwe om it tsjerklik front to bistevigjen. It middel dat dêrta socht wurdt is net alderearst in forsterke evangelisaesje ûnder de ôffalligen, mar binammen in forsterke bining tusken it religieuze en it politike katholisisme, of miskien sels it ûntkennen fan de grinzen tusken dy beide. Dit is, mien ik, de grountins fan it biskoplik mandemint: de nauwe forbining, sterker: de folsleine identifikaesje fan de katholike religieuze lear mei de politike organisaesje. De biskoppen - en it ûnreedlike dêrfan kin ik op himsels net sjen - sjogge yn de katholike dogmatyk as sadanich de struktueren fan in polityk systeem. Men kin it spitich achtsje, dat hja it dogge, om't hja dêrmei gâns in stik mienskiplike arbeid fan katholiken en net-katholiken toneate dogge, binammen op maetskiplik geibet, en in spjalting brocht hawwe yn in dochs al teare bining tusken folksgenoaten, - dat nimt net wei, dat hja it rjocht hawwe dizze wei út to tinken en de leauwigen dizze wei út to stjûren, as hja dat as de goede wei sjogge. Nou docht him, as ik goed sjoch, hjir it eigenaerdige gefal foar, dat it middel foar de kwael neat oars is as ien fan de oarsaken fan de kwael. It is ommers klear as de dei, dat de forswakking fan it religieus katholisisme net allinne in gefolch is fan ûntwoarteling, forlies fan tradisionele wearden en massa-nihilisme, noch allinne fan sûchkrêft fan yntellektualisme en humanisme. Ek de al to nauwe, om sa to sizzen ‘forplichte’ bining tusken religy en polityk moat it katholike forlies mei biwurke hawwe. Der is in wikselwurking. It is net oan to nimmen, dat it tal praktisearjende katholiken it stimmetal fan de K.V.P. represintearret (gâns net mear praktisearjenden sille tradysjegewiis op dy partij stimme, of om reden fan milieu of hwerom dan ek), likemin as it oan to nimmen is dat it greate tal P.v.d.A.-stimmen yn stêdden as Maestricht en Nijmegen it tal net mear praktisearjende katholiken dekt. It Katholike Wurkforbân yn de P.v.d.A. hoecht men yn tal net to oerdriuwen om it as in biwiis to sjen, dat binammen ûnder de yntellektuëlen de ûnoantaestberens fan de identifikaesje fan katholike lear en polityk langer net oeral mear erkenning fynt. Yn katholike blêdden als ‘Te elfder ure’, ‘De nieuwe Eeuw’ en ‘De Bazuin’ kin men opposisionele lûden hearre dy't frijhwat dyselde kant út geane. It katholisisme hat ek syn nonconformisten. | |
[pagina 346]
| |
Men soe de opposysjefigueren en oanhingers fan it trochbraek-katholisisme karakterisearje kinne as dyjingen dy't ôfstân dien hawwe fan it dogma fan de katholike steat as takomstbyld en dy't de feitlike en bliuwende réaliteit fan de demokratyske liberale steat as politike grounslach oannommen hawwe. Mar de katholike lear yn syn histoaryske forskiningsfoarm sil him nea by de liberale steat en mar tydlik en opportunistysk by it kompromis deljaen kinne. Dàt is yn feite hwat de anti-katholiken of de katholiko-phoben sjogge as de ‘diktatuer fan Rome’, it ‘ultramontanisme’, it absolutisme, de katholisearjende ekspansy, de machtsbigearte en -útwreiding. De katholike tsjerke is de wiere, de iennichste tsjerke, alle oare tsjerken binne dwael-ynstellingen of tydlike ôfwikingen. It is foar protestanten min dêr yn to kommen, mar hja sille it akseptearje moatte, oars sjogge hja yn de tsjinstanner allinne mar de machtsusurpator of de satan of hwat munster dan ek. De katholike lear freget in katholike steat, dêr't de rjochten fan de minderheden, salang dy minderheden noch bisteane, sa minym binne as mei de minsklikheit mar yn 't lyk to bringen is. Mar feitlik is yn de katholike steat de minderheit in forsin, in ôfwiking fan de stelde oarder. Ik stel dit as feit, net as oanklacht of forwyt. De faek stelde en hast like faek as dwaes ôfwiisde fraech hoe't it komme sil as de roomsken de mearderheit krije, liket yndied net botte opportún, mar hja rekket dochs de kearn fan de saek en is in fraech fan prinsipiëel bilang. De katholike tsjerke kin út har aerd net oars as àlles foar har opeaskje en absolút wêze yn har oansprakenGa naar voetnoot1). Elke forswakking yn de suver godstsjinstige posysje fan de roomske tsjerke sil de driuw oproppe om dy forswakking yn de politike sektor ûngedien to meitsjen. En sa is der, as réaksje op tige útienrinnende forskynsels as geastlik nihilisme en humanistyske trochbraek, dy't fan roomske kant wolris hwat al to maklik oer ien kaem skeard wurde, op 't heden in machtsoffensyf fan de katholike tsjerke yn politike rjochting, dêr't it mandemint fan de biskoppen wol it hichtepunt yn foarme hat, mar dy't dêrneist gâns oare | |
[pagina 347]
| |
symptomen fortoant. Fier foar it biskoplik rounskriuwen al wie der in offensyf yn roomske blêdden en formiddens geande tsjin it Humanistysk Forboun, in offensyf dat fier de proporsjes en de pretinsjes fan dat forboun to boppen gyng. It moderne humanisme is in suver defensive biweging, hiel oars as it offensive atheïsme yn de kommunistyske lannen en by ús de frijtinkersbiweging fan ‘De Dageraad’ ensafh. Mei it rituëel geheimsinnichdwaen fan de âlde fijân fan Rome, de Frijmitslerij, hat it ek neat fan dwaen. Yn it Humanistysk Forboun iepenbieret him oant nou ta allinne it forlet fan geastlike mienskip en minsklike morael foar dyjingen dy't it forlies fan de tsjerke, op hokker wize dan ek ûndergien, yndied as in forlies fiele en dy't de wei werom net fine kinne. It is in ethyske biweging dy't in iepen romte opfollet dy't gjin tsjerke folje kin. It katholisisme koe gjin ûngefaerliker fijân socht hawwe - hwermei't ik net sizze wol, dat it humanisme ûnbitsjuttend of de muoite fan it achtslaen net wurdich wêze soe. Dochs is de reden fan dit disproporsionnearre offensyf wol nei to kommen. Elk katholyk sil meistimme wolle, fan hoe'n greate wearde it is, as in bûtentsjerklike groep dochs op 'e ien of oare wize in geastlike mienskip aangiet en net ta bút falt oan it nihilisme. Mar dat is in minsklike visy en gjin politike. Sjoen fan de ivichheitswearde en it absolutisme fan de katholike lear út wei, is it dúdlik dat in op geastlike, ethyske grounslach organisearre, mylde en tolerante biweging lyk as it moderne humanisme yn Nederlân dochs greater fijân fan de tsjerke is as in oan nihilisme en lossleinens oerlevere mannichte, ienfâldich om't de geastlike needtastân dêr't dy lêste yn forkeart, har makliker wer yn it spoar fan de âlde tsjerke werombringt as in doelbiwuste en binammen op it bisef fan minskene persoanlike forantwurdlikheit steande groepearring. Sinding siket altyd de wei fan de minste wjerstân en fynt dy dêr't de measte need is. It is makliker tûzen papoea's ta it kristendom to bikearen as ien doelbiwust en oertsjûge humanist. Sinding siket de fijân net op, mar siket de warleaze yn syn needtastân. Ik leau, dat wy hjir de oarsaek sykje moatte fan de forwoeden hâlding fan gâns katholiken tsjinoer Humanistysk Forboun en Humanitas - en net yn 'e earste pleats yn it bitinken, dat it Forboun mei syn sosiael wurk gjin ‘tsjerke’ isGa naar voetnoot1). It humanisme | |
[pagina 348]
| |
omfettet in kearn fan minsken dy't út soarte foarstanners en fordigeners fan de liberale steat binne, dy't ek yn de Partij van de Arbeid in sterke middenposysje tusken trochbraekfigueren fan protestantske en katholike signatuer en atheïstyske marxisten ynnimme. Sadwaende past it hiele offensyf tsjin de humanisten yn it kader fan de forsetsstriid tsjin de liberale steat.
(Wurdt fuortset.) |
|