net presys. Wy moatte telle en de sinten moatte yn rôltsjes fan tsien. Oars wol it postkantoar se net hawwe. Yn rôltsjes fan tsien moatte se - en soarte by soarte’.
Sinten, sinten, âlde sinten, nije sinten, sinten mei in stik út 'e rânne, sinten mei in gat deryn, platte sinten, moaije sinten, rare sinten, skjinne sinten, smoarge sinten, sinten - roune, ovale, fjouwerkante sinten, gewoane sinten en frjemde, bûtenlânske sinten, parfumearre sinten en stjonkende, nijerwetske, âlderwetske, moderne sinten, sinten, sinten.
Wy foelen yn 'e sliep - en miskien dreamden wy fan sinten. It wie doe wer joun. De frjemde frou hie sein:
‘Ik moat nei hûs, foar de bigraffenis. Jim kinne wol ophâlde, ja, wachtsje mar oant ik werom kom...’
Mar Heit woech se. Hy sei: ‘Der moat sa'n twahûndert goune wêze’.
‘Och soa’, sei ús Mem.
‘Twa hûndert goune!’ Dorus syn frou lake nuver.
‘Dat kinne wy jo wol foarsjitte’, sei ús Mem. ‘Wy krije it ommers dochs werom, en mocht der mear wêze...’
De frou naem it oan, gewoan, sa fanselssprekkend as hja it yn 'e bûse die. Né, ik kin net sizze, dat Dorus syn frou bliid wie, doe't hja ôfsette.
De sinten kamen de oare moarns yn jirpelsekken en ús Heit sette se op in karre. Mar hy koe dy karre net triuwe; ik tink, omdat der sa'n protte snie lei: ús Heit koe oars altyd wol mei syn karre fuortkomme.
Wy wennen Haedstrjitte nûû. 103, en it postkantoar wie Haedstrjitte nû. 2. It wie gâns in ein. Buorlju holpen ús Heit, en hja soene der grif kommen wêze, mar by nû, 23 briek ús Heit syn skonk. Hy glied út.
De polysje-auto út 'e stêd helle ús Heit, hwant de sikeauto koe net ride.
En op it postkantoar woene se de sinten net yn sekken hawwe, né soks bistie net.
Dat yn 'e krystfakânsje haw ik rôltsjes fan tsien makke, kreas en soarte by soarte. Ik die it op 'e souder en net ien hat my holpen.
Yn 'e simmer dêrop roun ik safolle dagen fan ús hûs nei it postkantoar, vice-versa, hinne rinne, werom drave. Doe wiene myn skuon stikken. De man fan it kantoar sei:
‘Spitich, fanke, de sinten binne âld en it greatste part hat gjin wearde mear. Dêr komt noch by: der sit in soad bûtenlânsk spul by. Nou haw ik dêr wol net safolle forstân