De Tsjerne. Jaargang 10(1955)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 334] [p. 334] Tsjits Peanstra: Twa gedichten. De frjemde keapman. Hy sutele mei fiterbân en jern en frege: ‘Is der faeks hwat foar Jo by?’ Hy seach my oan, mei d'eagen fan in bern, ik koe him net en stjûrde him foarby. Ja, stjûrde him foarby en koe him net. ‘Dou kenst' him net?’ spriek doe in stim my ta, ‘Hast’ net yn him dyn eigen bern forret en mooglik bern, dy't net in thús mear ha en sûnder thús as bange bisten dreaun it needlot yn en fan ellinde stom...?’ Mar hwa wie ik.... hwer wie de keapman bleaun? ‘Myn God!’ rôp ik, ‘o, keapman, kom werom! dyn hiele koffer keapje 'k daliks leech, o, help my út 'e rie, hwat kin ik dwaen?’ - De winterloft wie wûnderblau en heech - doe hearde 'k sêft: ‘Wolstou dysèls wol jaen?’ Mar nea kaem wer de keapman by myn doar en nea ha 'k witten hwat syn sliepsté wie. My bleau allinne 't glinsterjende spoar noch fan syn printen yn 'e nije snie.... [pagina 335] [p. 335] Fugels. Yn rêdde flecht ûntkamen hja it libben om, as de hjerstwyn oer de fjilden gong, to kearen, jimmer ien en nij bisibbe: loslitten bern, yn leafde ivich jong. Faeks hawwe hja net witten hoe't bywilen de loft oerrinnend fol wie fan har liet en hearden hja, yn 't dûkeljende silen, inkeld de wyn, dy't lâns de wjokken glied. Iens kaem de joun, dat sels it tsjuster wachte, ik seach har gean, op wiffe winen dreaun. Doe hawwe hja, yn read en goud biljachte, heech oan 'e loft itselde teken skreaun. Vorige Volgende