Fan Boalsert oant Iran.
De romanpriisfraech fan de Kristlik Fryske Folksbibleteek binne njoggen hânskriften foar ynkommen; as karmasters sille fungearje mefrou dr D. Simonides, S.E. Wendelaer Bonga en Sj. Rusticus. - In ienfâldich, tige ienfâldich optelsomke hat my dúdlik makke, dat yn de wiken en dagen fuort fóar de o.s. Fryske Boekewike (iepening diskear 7 Novimber) dochs noch in tsiental nije Fryske útjeften forskine sil. En oer fariaesje hoecht men net to kleijen, frijwol alle genres binne yn dit lytse tal fortsjintwurdige: fan ‘Tutte mei de linten’ oant en mei in nije (posthume) bundel meditaesjes fan dr G.A. Wumkes silger (de lêste to forskinen by Osinga, Boalsert). - De Arbeiderspers N.V. yn Amsterdam hat, sa is my trochdien, sa goed as ôfsjoen fan de plannen, ek de Fryske versy fan Abe Brouwer syn ‘Zandduivel’ op 'e boekemerk to bringen. - Piter Terpstra is dwaende mei in nij toanielstik yn trije bidriuwen (thema: it twade houlik) dat nei Nijjier yn Drachten ûnder regy fan Lammert Popma syn première bilibje sil. Spilers binne leden fan it Drachtster kritetoaniel. - It regear fan Iran hat de Amerikaenske filmmaetskippij Paramount forsocht, yn dit kin in film op to vimmen oer Omar Khayyam, de greate Perzyske dichter en wiskundige, forstoarn yn 1123, yn Fryslân bikend wurden troch de (nou bundele) oersettingen fan Inne de Jong.
FREARK DAM.