De Tsjerne. Jaargang 10(1955)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 306] [p. 306] E.B. Folkertsma: Gebet foar neneveh. Der dreau in sulv'ren fûgel freedsum oan - Hwat laket de himel, hwat júb'let de moarn! Der hong in biddende earn yn stil bistân - Hwat laket de himel, hwat júb'let de moarn! Der sjit in fjûr'ge kloer op stêd en lân - Hwat laket de himel, hwat júb'let de moarn! Der slacht in lôge oerstjûr fan berchtme oant strân - Hwat laket de himel, hwat júb'let de moarn! Dêr leit in bern to brieden yn 'e brân - Hwat laket de himel, hwat júb'let de moarn! Dêr skreaut in frou, oan skurte en frucht ûntstoarn - Hwat laket de himel, hwat júb'let de moarn! Dêr falt oan moude skeppings hechtst forbân - Hwat laket de himel, hwat júb'let de moarn! Dêr stjerre ierde en minske, grousum fordoarn - God, laket de himel, God, júb'let de moarn? Vorige Volgende