doar op it faeije mêd fan minskekennis oant de grinzen fan it taelbirik, sil leanne wurde mei forriking.
Lit my ta neijer ynlieding in mannich rigels út de twa lêstneamde bundels nei foaren bringe. De dichter bilydt it tokoart oan ‘humanitas’ en syn freze om dit neakene bistean op ierde ‘minsklik’ to neamen yn it fers Vogels en Vissen:
werden geschapen op één dag
en overmorgen zullen de mensen komen.
‘Overmorgen’, dat is de moarn oare kant de tiidsgrins, dy't op Gods tiid oanbrekke sil, as it minsklik moarn foargoed forline tiid wurden is. Sels yn hwat dr Jonker neamd hat ‘de grenssituaties van het leven’, by ûnk en dea, kinne wy oan ús minsklike ropping foldwaen. Yn it fers Watersnood stiet it sa:
Terwille van de vissen die wij waren
en van de mensen die wij zullen zijn
wees niet meer toornig, zee.....
As dizze dichter foargonger wurden is yn in lytse, dodzjende plattelânsgemeente, wol er syn libben opstjitte ta greate dieden en syn wurk tille op heger plan. En as him dat net slagget lûkt er him biseard en heechmoedich werom:
Maar dat wij hier zullen vergaan, vergeten
op het droge, daarvoor ben ik het bangst.
Op it droege, ôfsletten fan it feilich biskûl yn ús oerelemint, ôfsnien fan elke mystike libbensmienskip, ûntgliden oan ‘het sleepnet der apostelen’, dat bitsjut de geastlike dea. En as dat de dichter oanfljocht, skreaut er it út yn iensumheit:
Maar hier is het niet langer meer te harden....
En ik sta weer een beetje wrevelig
apart en als altijd een beetje crazy.
Yn syn lêste bundel komt Guillaume van der Graft ta in djipper selskennis en biseft er dat it de analysearjende,