De Tsjerne. Jaargang 10(1955)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 297] [p. 297] Fedde Schurer: Fiif fersen. Foarlan. Dy't spot mei syn bettere witten Sil doarmje op dûnkere wegen Loslitten, oerlitten, forlitten. Al djipper omlegen Sil him God forsmite Dêr't de grousume mythe Fan hel en fordommenis Taestbere wierheit is. Sa forkomt in houn Dy't syn baes ûntroun Forkomt, dêr't it ivich forwyt is In dier, dat it spoar kwyt is. [pagina 298] [p. 298] Aventur. Doch dyn bêst om myn part, mjuksje Dyn konstruksje As in blom op myn bihang. Al dyn glêdde wissichheden Ha gjin reden En hja meitsje my net bang. Abram Kuyper en Jan Schouten Makken fouten Troelstra hat him raar forsind - 't Libben bliuwt lykwols to dragen Inkeld om't it alle dagen Mei in skjinne laai bigjint. [pagina 299] [p. 299] Ave. As Bileäm ha 'k hillige ingels met As Bileäm ûnskuldige ezels slein En foun, forneatige yn ban en boete De úflecht en de slotformule net. En doe 'k mar wachte op 'e bittere ein Sette in hân my tsjin 'e kym oerein - O libben en o ljocht fan God, wês groete! [pagina 300] [p. 300] Dokter, lit my. Dokter, lit my stil oan myn lot oer. Ik wit, it komt op 'e wil oan en ik bin hwat oerstjûr mar stjûr my dêrom net op fekânsje neffens in dwaze wizânsje de heale simmer hwant hwer is de ienlikheit slimmer as yn Gods frije natûr? Under de swijende beammen hearsket in net to bineammen leadswiere moedeleazens. Der bongelje oan alle tûken stoarne problemen út boeken ûntdien fan alle kreazens. Togearre kin men soks oan mar hwat moat in minskesoan dêr lykme allinne tsjin bigjinne? Dokter, stjûr my net yn Gods frije natûr lit my oan myn lot oer lit my oan God oer - [pagina 301] [p. 301] Risiko Hwat jowt it dy ofstû foarsichtich libbest mei God en eare nei de tachtich stribbest - miskien is dy chauffeur al ûnderweis mei opdracht foar dyn lêste reis. Hoestû dy warste as in liuw de kanker, jonkje, sit al op 'e wiuw of, komyske biskamming de hertforlamming - Al bist foar dea en libben assurearre men kin insidinteel en hommels stjerre meitsje dy net to slim oerstjûr 't kaem betteren as dy wol oer. Mar dronken lju en lytse bern dy wurde grif, dat sil men altyd sjen op fyts of hounekarre wûnder biwarre. Vorige Volgende