- Ik gean efkes nei stêd, sei er ûnder 't biplúzjen fan in sinaesapel, om de wein op to heljen. Dy hat fan 'e moarn in smeet hawn.
- De bus komt mei tsien minuten, andere hja.
Telgersma syn ûnrêst boaze oan. Hja liet him gean, har wurd wie sels in oanmoediging. Mar hy wie fol goede wil:
- Of hast leaver dat ik by dy thúsbliuw?
- Né, sei hja. Hy sykhelle forromme.
- It is foar dy ek biroerd genôch, dat wit ik wol.
Sykje mar hwat ôflieding, sà klonk it. Nou, hy soe.
Hy gyng nei syn kantoar om hwat jild by him to stekken, en seach krekt de skyn fan in persoan it paed lâns gliden. Oan 'e wachtkeamersdoar waerd kloppe. Hy draeide de kaei om. Dêr stie dy forflokte Smit mei syn fluenske troanje. Né ho, nou net ûnbillik wurde. 't Is in oannimlik man fan oansjende. In stevich arbeidersman mei it foarkommen fan in potinsiëel middenstanner.
- Ik soe jo graech efkes sprekke wolle, sei Smit.
- Dat kin, sei Telgersma. Hy fielde in lytse triomf. De man kaem by him en net oarsom. In ekskús wie al it minste.
Smit naem in sigaer oan en pafte. Efkes wie der in swijende terreinforkenning. Doe sei Smit:
- Ik woe dy hypteek wol lyk hawwe.
Telgersma hâldde himsels yn 'e macht, al moast er in kear forheftich slokke. Dy reek prikele yn syn kiel. Hwat woe dy keardel? Smit sei jitris:
- Ik woe dy hypteek wol út 'e wei hawwe.
- Dat kin, sei Telgersma. Dat kin.
Efkes wie 't stil. Doe forfette Smit:
- Hoe wolle jo, mei jild of sûnder jild? In amper to fornimmen gnyske tipte oer syn kreas wêzen.
- Hoe bidoele jo?
- Mei jild - en hy taestte yn 'e binnenbûs nei in pear briefkes fan tûzen - dan bliuwt alles fierder sa't it is. Sûnder jild, dan binne jo fan my ôf. Alhiel en folslein. Op myn wurd fan ear.
Gemiene skurk, tocht Telgersma, skoelje.
- It is krekt sa't jo wolle, forfette Smit. Wy prate as mannen ûnder elkoar, n't wier?
Telgersma syn tinzen arbeiden stadich. Hy moast efkes tiid hawwe. Hy bigriep it wol. Dy smoarge chanteur. Hy hat my yn 'e macht. Ik bin gek, as ik it doch. Mar dy trije tûzen goune soene Agaeth har rêdding wêze kinne. Dinder-