De Tsjerne. Jaargang 10(1955)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 289] [p. 289] G.N. Visser: Dit hus..... Der is yn dit hûs Fryske helderheit En stiltme yn dy't der wenje - Forgriemt dy't idele wurden seit Siele erf net penje nei penje? De boer sit by tafel, de feint, de faem Mar o, de boer syn dochter Tolf jier, mar hja hat ús finzen naem Hwer foun men eagen ljochter? Tolf jier, en ûnwillekeurich tinkt Men dan oan jins eigen âlder En rek'net nei, mar mismoed'gens sinkt In oarenien wurdt hâlder. In oaren, mar sjoch om dy hinne man En nim hwatstû nimme kinste Nim helderheit, nim de heldrens fan Dy stientsjewân ta winste En nim fan de glêzen helderheit Dy't sa fier oer de greiden sjogge En hear it forhael oan, dat boai dy seit O, earnstich - hy 's amper njoggen - En nim út syn eagen helderheit En ek út de blauwe eagen Dy't oer him binne, fan Mem en Heit En bitink, dat sa jimmer seagen Fryske âlden op Fryske bern En gean út dan, gean nei it wide En swar en siz dat is myn folk en Dêr sil ik foar stride Stride foar 't Fryske hûs en foar It kleare yn Fryske sielen It is nou de tiid foar de greate kar Der wachtet in striid, in stielen! Vorige Volgende