De Tsjerne. Jaargang 10(1955)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 66] [p. 66] Marten Sikkema: De fyftsjinde april. Sjoch, bern, hoe't flaggen wiuwe, 't Wurdt allegearre nij. Hark, bern, hoe't sangen kliuwe, Hearlik, ús lân is frij! Wreed hat gewelt hjir woede, Wreed as in bange dream, Mar 't wurdt ús rynsk forgoede. Oft ik de dieders neam? Ja, 't wiene ek mar minsken Krektlyk as mem en heit. Oft dy sok kwea dan winsken? 'k Leau dat it sa wol leit. Ha dy har straf wol krige? Wis, en 't is neat net slim. En dan har bern? Ja, tige, Krekt sokke bern as jim. Hwat dy dan wol misdiene? Dy âlden hiene hja, Dêr't hja nóch wiis mei wiene; En 't docht der ek net ta. Kom, dounsje, sjong nou fleurich, Dêrta is dit ús jown. Hwant freegjen makket treurich, En wy haww' ommers woun? Vorige Volgende