- Ik siz dochs, bring him hjir mar.
- Hy is mei gjin stôk, mei gjin gewelt yn biweging to krijen! Kom, kom yn 'e goedichheit, ik wurd gek!
- Hawwe jim it al bisocht?
- De lêste wiken hieltyd! Der is neat mei him to bigjinen, wy hawwe him blau slein, it joech neat! Kom mei, mynhear, ear't de generael...
- Blau slein? Hwa bliksem hat hjir oarder jown om to slaen?!
De twade luitent K. kin neat mear útbringe, hy is blau oanroun en stiet op it punt fan himsels to fallen. De kommandant riist fan 'e stoel, sjocht spitich nei syn kopij en seit:
- Hawar, lit ús mar ris sjen.
As er troch de greate doarren komt, wurdt er al even oars fan de heidenske herje. De seis tsjinstdwaende biwekkers drave by de seldoarren lâns en bolderje: - Stilte!
- Doch dy seldoar ris iepen, seit de kommandant.
- Dêr sit er net, mynhear! jammert de twade luitent.
- Kin my neat fordomme, iepen!
De kaeijen rattelje en de doar swaeit op. Tsien, tolve lânwachters springe yn 'e hâlding foar de izeren britsen.
- Hwat wie der mannen? Stean dêr net as piassen!
Ien docht in trêd foarút en seit: - Wy wurde gek fan dy fint, kommandant, dat giet nou al wiken sa, om de oare dei.
- Jim hiene earder gek wurde moatten, dan hiene jim hjir net sitten. Ticht dy doar!
K. bigjint wanhopich yn 'e hannen to wringen en seit:
Lit ús daelk nei boppen gean, mynhear.
- Earst dy doar iepen, dy dêr.
- Mar mynhear, de generael kin...
- Iepen, siz ik. Soa, ofsieren, sjoch ik. Goemiddei hearen! Hwat wie der to rêdden?!
- Herr Kommandant, verzeihe aber...
- Neat to verzeihen, waerden jim ek sa oerstjûr as jim slachtoffers jammeren fan pine? Gjin grappen! En gean fatsoenlik op jim skonken stean. Ticht dy doar!
De twade luitent K. is al nei boppen draefd mei ieu fan 'e biwekkers. Ut de iepen seldoar klinkt in gejammer dat jin troch ieren en sinen giet. De kommandant moat nou ek wol nei boppen. As er de seldoar ynstapt, steane seis lânwachters, wyt as deaden, mei de rêch tsjin 'e muorre. Op