| |
| |
| |
Lolle Nauta:
De frijheit yn spegelskrift.
As ik in hânskrift foar my haw dat yn spegelskrift skreaun is, dan kin ik it net lêze sa't it foar my leit. Myn eagen binne der net ta wend en kear it samar om, dat ik sjen kin hwat der stiet. Mei in spegel lykwols slagget it my al; dan bin ik út 'e noed en kin ik dúdlik lêze hwat foarhinne skraechwurk to ûntsiferjen wie. It wurd frijheit is foar my skreaun yn in spegelskrift, dêr't my in spegel foar mankearret. As ik sa'n wurd foar my haw, sjoch ik allinne dat it skrift is, mar lêze kin ik it net. Ik soe it hiel oars lêze moatte as it der stiet, mar myn eagen binne der net ta wend. Faeks soe in spegel my in hiel ein fierder helpe mei dit eigenaerdich skrift dat op it earste gesicht dúdlik is, mar by neijer ynsjoch allinne mar dúdlik liket. Ik moat it lykwols sûnder dwaen en dus de frijheit untsiferje sûnder to witten oft ik it by it rjochte ein haw, om't gjin spegel my wissichheit jowt.
As ik lykwols de bitsjutting fan sok skrift in bytsje foar 't forstân krij, dan bin ik noch net folle fierder. Ik kin dan faeks wol tinke, dat is der mei bidoeld en út dy en dy ûnfrijens wei seach men eat fan de frijheit, mar der binne tûzenen en tûzenen fan sokke hânskriften dy't it oer de frijheit hawwe of dy't fortelle fan minsken foar hwa't de frijheit in bigryp wie. Guon sizze dat al dy wurden oer de frijheit winliken itselde miene en dat de minsken dêryn eins oer itselde prate, mar ik haw sokke wurden noch nea oars sjoen as yn sok ûnlêsber skrift en ik kin dêrom net samar fan ien biskate bitsjutting útgean. Oaren wolle hawwe dat it alhiel net fan ienfâldich spegelskrift forskeelt. It is wol ûndúdlik, sa sizze se, mar kear it mar om, dan sjochst wol hwat it sizze wol; lês it mar yn earslinge rjochting, dan wurdt it dy sûnder mis klear: oer frijheit prate dyjingen dy't oan eat boun binne, dat is mei oare wurden fan itselde soarte allyksa. Oer God hat men it, as men yn wêzen de minske bidoelt. Dyjingen proklamearje de frede dy't de oarloch foarhawwe.
Soks beart ienfâldich en foaral reedlik en faeks binne der hânskriften dêr't it foar opgiet. It wol my lykwols net oan dat der mar ien soarte fan spegelskrift wêze soe, Dy- | |
| |
jingen dy't it skrift fan 'e frijheit omkeard forstean, lykje tofolle op de oaren dy't it lêze sa't it der stiet. It makket net folle forskeel oft men allinne oan goede of allinne oan kweade bidoelingen leaut; yn beide gefallen wurdt net bisocht de frijheit to ûntsiferjen. It is mei dit soarte fan wurden in eigenaerdich spul, hwant hja wolle sels leaver ek net yn de spegel sjen. As de minske om utens giet om ris yn de laits-spegel to sjen, dan lit er moai wis syn wurden thús. Dy sitte mei harsels to pronk, steatlik en treftich. Frijheit, frede, God, it binne foar my wurden yn spegelskrift, dêr't my de spegel foar mankearret.
Sokke wurden wolle in eigen libben hawwe, harsels hieltyd oansjen en leafst fan de minsken ek noch oansjoen wurde. Dat op in massameeting wurde se ophongen, skreaun mei greate, bûnte letters dat eltsenien har sjen kin. De frijheit is der ek by, paradearret fakentiden foarenoan en hat foar in pear ûre de pronk oan. It is net sa slim en ûntsiferje dizze frijheit, hwant sûnder sokke wurden giet de gearkomste net troch. Op sa'n massa-meeting, dêr't de wurden de pronk oan hawwe, komt men in wurd as frijerij of in noch ûnfatsoenliker wurd as fretten net tsjin; dy wurden binne net idel genôch, om't hja tofolle ynhâlde. Dêrom is de frijheit, as pronkstik hantearre, op de massa-gearkomste sa populair en de frede net folle minder. Dêrom moat de frijheit, om populair wêze to kinnen, pronkstik bliuwe en frede allyksa. Dizze wurden hâlde o sa fan harsels; hja kinne it net forneare en sjoch yn in spegel, bihalven út biwûndering en idelheit.
Der is nóch in plak dêr't de frijheit as pronkstik fungearret, dat is dêr't de filosoof húsmannet. Dy hâldt massameeting mei syn tinzen en kin op sa'n gearkomste yn de studearkeamer mei de frijheit alles vuurde. Hjir bigjinne de wurden ek suver fan harsels to hâlden; wol is de filosoof biskiedener as de man dy't de massa tasprekt, hwant by him hinget de frijheit net oan it lewant. Mar oan de oare kant is er minder biskieden: syn boeken - de Freiheit yn safolle Bänder - jowe ek him de needsaeklike sielerêst en hwat is syn wurk wurdich sûnder in pear goede sitaten, faeks oer de frijheit? Syn wrâld kin ek net sûnder it wurd bistean, allikemin as de moaije keamer sûnder it pronkstik; ek hjir is it net sa lestich en ûntsiferje dizze frijheit.
De frijheit as pronkstik, soe dat it wêze? Yn Dútsklân, it lân fan de geast by útstek, sloegen de filosofen foar mas- | |
| |
ter op, wylst de oaren meiinoar meeting hâlden. It wurd frijheit lei èn de filosofen èn de sprekkers foar yn de mûle. Chamberlain wie viktoriaensk genôch om dy wurden méi to biwûnderjen en mei de Dútskers om him hinne sitten to gean, om't hja der sa eptich en deftich útseagen. Hy seach net dat der faeks oare sentiminten efter sieten en dat men sokke wurden oars forstean moat as hja harsels oanbiede. Foar sa'n leauwige is de frijheit net skreaun yn in hast ûnlêsber skrift, om't er noch leaut oan de... frijheit. In pronkstik kin men foar jin úthâlde en jin der efter forskûlje: sjoch, sa binne wy. Dat diene de filosofen en de mannen dy't it folk biwurken diene it ek. Hja arbeiden togearre op sûnder it to witten.
Guon kinne Hitler sa flaeikjend kritisearje: ‘Goed, fansels hy hat ús lân wol...; en de Joaden, dat koe gjin kant út..., mar it slagge him dan dochs en...’ It wie lykwols foar de führer net sa'n poepetoer en frusselje de utersten fan proletariaet en intelligentsia oaninoar. Syn eigen ûnmacht wie great genôch om de heale machteleazens alhiel bigripe en gripe to kinnen en de gelearden, arbeiders en middenstanners to forlieden ta de machtige freiheit des grossdeutschen reiches. Hitler wie minder geniael as neurotysk, ek al sizze de amateur-psychiaters en de would-be-artisten dat soks wakker itselde is. It binne de heale neurotici, de kankerfigueren en de krimmenearders, dy't de greate lieder yn stiltme biwûnderje, om mei in lytse ûntskuldiging foar it eigen fatsoen oer eefkes knypeagje to kinnen nei it aventûr dat hja nea oandoarsten. Somtiden tink ik dat dit soarte it forhael fan in noch-libjende-Hitler ta leginde makke hat. Hy libbet troch, yndied, mar net, sa't hja sizze, earne forskûle yn Dútsklân, mar yn in hoale fan har eigen siel. Siz yn sa'n formidden ris planút dat Hitler in misdiediger wie en hja protestearje as wiene hja misledige. Hitler koe de frijheit oanbiede en de filosofen en middenstanners hiene der al lang genôch om socht om nou wol yn goedens to wollen en nêst it pronkstik fan de ûnthjitten frijheit sitten to gean en sitte to bliuwen, foargoed. It wie Menno ter Braak dy't dizze frijheden goed troch hie; sa gau't sokke algemiene wurden op de lappen kamen, wie dy skriuwer bisûndere wach. De ‘fûgelfaeije frijheit’ wie it iennige dat er sels oerhâldde, as it lêste wurd fan de yntellektueel, dy't er wie, foar de kommende machten oer; net minder lykwols as de paradoks fan in man dy't yn de rekken hie dat it mei
| |
| |
de frijheit neat wie en dy't himsels yn '33 en '34 al fûgelfaei forklearre. Dat is de reden dat er der syn hiele libben wurk mei hie om mei it démasqué fan dizze pronkwurden ré to kommen. Tusken de wurden dy't troch de aether en de krante syn wrâld ynstjûrd waerden hie er gjin plak en it kin wêze dat er himsels mei it wurd ‘fûgelfaei’ dochs noch in lyts plakje joech; to witten dêr't de fûgelfaeijens mei himsels in lyts bytsje to pronk stiet. Ek dat wurd is lykwols minder dúdlik as men op it earste èn it twadde gesicht bitinken op hat.
Efter eltse frijheit sit in biskate ûnderfining. De fraech is net oft men yn de frijheit leaut, ja ofte né, mar oft men dy ûnderfining diele wol en diele kin. Yn dit stik - ek dat seach Ter Braak skerp - hiene de nasionael-soasialisten net minder rjocht op de frijheit as de earste de bêste Hollânske minister dy't it wurd foar in speech nedich hie. Ter Braak wist fan it hast ûnlêsber spegelskrift dêr't de frijheit himsels yn sjen lit, ek al lies er dat skrift mei de spegel fan syn yntelliginsje allinne en miende er dat de frijheit mei in paradoks to fordútsen wie. De frijheit lykwols is ynhâldsleas en de fûgelfrijheit allinne net, foarsafier't se dy ynhâldsleasheit sjen lit.
Doe't it foar ús lân oarloch wie, waerd net foar dè frijheit fochten, mar tsjin de Dútskers en de frijheit wie yn de spegel fan de takomst allinne to ûntsiferjen as bifrijing, net mear en net minder. Op beide fronten waerd fochten yn de namme fan de frijheit en men kin der net iens út konkludearje, dat oan beide kanten foar itselde striden waerd. De frijheit die allinne mei ûnder de tarissing; dêrnei nimt sa'n wurd as earste hakken op; hwat yn tiid fan frede foaroan paradearret, is yn tiden fan oarloch wol faker fordwoun. It hâlden fan massameetings en it skriuwen fan filosofemen bart net oan it front. It pronkstik fan de frijheit kin men dêrre net foar jin úthâlde, om't kûgels hurd binne. Dyjingen, dy't yn de oarloch oan ien front sieten, hiene ien ding mienskiplik: dat hja har fordigenen. De ûnderfining fan it fjochtsjen foar in frijheit dy't allinne as bifrijing to ûntsiferjen wie, is ta dizze minsken biskaet. Likegoed as men oer de frijheit allinne mar prate kin, kin men dit allinne mar ûnderfine. Dat mei sein wurde tsjin de mannen fan it sabeare krityske lûd, dy't yn de oarloch nearne to finen wiene en nou sizze dat der nei de bifrijing neat fan tolânne brocht wêze soe. Allinne dyjingen hawwe it rjocht dêroan
| |
| |
to twiveljen dy't yn de oarloch net twivelen oan hokfoar kant har plak wie. Dat wiene de mannen dy't fochten foar in hast net to bigripen frijheit; dy hawwe it rjocht soks bitter of leauwich, nihilistysk of artistyk foar harsels to forantwurdzjen. It bliuwt in eigenaerdich forskynsel dat J.B. Charles ‘Volg het spoor terug’ skriuwe moast. Der hawwe mar in pear west dy't it boek koel en saeklik analysearre hawwe. De measten hawwe der ôf in pear skoppen tsjinoan jown óf hja binne hoflik wurden, mei in progressyf-yntellektueel aksint op alle wurden dy't se der oer falle lieten.
Men hoecht lykwols J.B. Charles net to fordigenjen, om't de mannen dy't foar de bifrijing fan in fortrape folk fochten hawwe dat sels wol opknappe sille, as hja der alteast forlet fan hawwe. Har ûnderfiningen hâlde by harsels op en dêrmei is alles sein hwat der to sizzen is. De frijheit is ynhâldsleas en dêrom wiene der by de bifrijing mar trije groepen: dyjingen dy't it woun hiene; dy't it forlern hiene en de oaren dy't der net by wiene. Sosiologysk binne dizze groepen mar amper oan to tsjutten, juridysk binne se net sekuer úfinoar to hâlden en se binne mei gjin morele, religieuze of aesthetyske noarm to ûnderskieden. Sosiologen, juristen en moralisten hawwe oan it front gjin funksje, mar op 'en heechsten in wapen. Trije biskate groepen lykwols, om't de frijheit ynhâldsleas is en der foar de bifrijing allinne fochten wurde koe.
Dizze ûnderfining hâldt by himsels op, in aesthetysk net nei to bilibjen (dêrfandinne sa'n soad mislearre proaza en net slagge poëzij yn ‘Nationale Snipperdag’?) en oer to dragen allikemin. It fjochtsjen foar de bifrijing kin allinne mar ûnderfoun wurde; dy't der net by wiene, steane oan de kant. Abel Herzberg hat dat dúdlik sjen litten, hwat de Joaden oanbilanget. Nei de oarloch steane tsjinoer de forfolgen net de forfolgers, mar de net-forfolgen, mei it resultaet dat de earsten allinne steane. Hja diele de ûnderfining fan de oaren net en dêrom moatte dy har mei meilijen of hate der fan ôfmeitsje. De Joaden steane bûten de frijheit krekt dan hwannear't dy frijheit as bifrijing forstien wurdt. Foaral nei de oarloch wie foar har in eigen heitelân mear as needsaeklik: hja hoegden dêrta net op in wer oplibjend Dútsk antisemitisme to wachtsjen. It falt net ta en ûntsiferje it hânskrift fan de frijheit...
De ûnderfining fan it yn 'e mande fjochtsjen hâldt by dy ûnderfining op. Doe't it foar oaren oarloch wie, wiene der
| |
| |
ek guon dy't noch op strjitte boarten en bliid wiene dat se foar in middei frij net allinne op de gryp fan in learaer hoegden to wachtsjen. In forgetten espeltsje fan jeuchlike profiteurs dy't de ‘earnst fan de tastân’ net biseften, om't hja noch boarten, tusken de fronten yn. Hja waerden om acht ûre troch de Dútskers fan de strjitte en in kertier letter troch har âlden op bêd stjûrd; it foel net ta en ûntdek in hâldber forskil tusken dizze beide uteringen fan itselde ûnbigryplike gesach. Hja binne net bifrijd om't se mar amper yn biset gebiet libbe hawwe. Hja waerden wekker doe't de twade wrâldoarloch oer wie en liedende politici al dwaende wiene de minsken oer in tredde oarloch lûdroftich gerêst to stellen. Thijs Booij hat bisocht yn de namme fan dizze ‘Europeeske jeugd’ hwat to sizzen, mar syn wurden wiene like lûdroftich as dy fan de politici. Mei alle biskikber volume hat er bisocht himsels ta in oarlochsbern to meitsjen, mar soks bart allinne oan it front. De frijheit is sûnder ynhâld; it fjochtsjen foar de frijheit ûnderstelt in ûnfrijens dy't net litterair of aesthetysk to konstruearjen is. Dêrtroch waerd bihalven de fûgelfaeije frijheit fan Ter Braak ek de ûnfrijens fan Thijs Booij in fiasko, al hie it fiasko fan de iene grandeur en moat de oare dy grandeur noch altyd wiermeitsje.
Foar dyjingen dy't yn dizze sin de bifrijing net meimakke hawwe is dy bifrijing hast like ynhâldsleas as de frijheit, dêr foroarje feestkommisjes en feestsubsydzjes neat oan. Hja wolle wol dounsje, mar allinne om't hja fan dounsjen hâlde; hja wolle ek wol feest hâlde, mar allinne om't hja der graech oer meije. Hja hawwe tomin hope en hja hawwe ek net genôch tobeksetters hawn om der nei oanlieding fan de bitinking tydlik in gewisse op nei hâlde to kinnen dat seit: eins hiene wy it better dwaen moatten, en: hwat hawwe wy der fan torjochte brocht? As men noch fierder oer har yn de hja-foarm praet, dan forfalt men ta it profetyske à la Thijs Booij, as men der al net ta forfallen is. Yn de moderne maetskippij is sa'n bytsje forbounens, dat men ek fan de iensumen net mear as fan in ‘groep’ prate kin. Hitler hat bisocht dy forbounens op to waermjen; hy hie der bihalven de rhetoryk ek de konsintraesjekampen foar nedich om it bloed en de boaijum tsjin harsels to biskermjen. Us lân is dêr wol fan bifrijd, mar mist fansels ek de primaire forbounens dy't nedich is foar in mienskiplik idéalisme en in mienskiplike skiednis. Soks hoecht jin net to muoijen, om it
| |
| |
lykwols konstatearje to kinnen. Yn in min ofte mear sletten mienskip wurde de greate ‘data’ fan âlder op jonger oerdroegen; krekt dat wol it wurd tradysje oantsjutte. Yn in maetskippij dy't langer út tûzenen en tûzenen mienskippen bistiet is gjin primaire forbounens mear, dy't dat hwat earder as tradysje libben bleau nou noch yn libben hâldt. Dêrom hawwe dyjingen dy't allinne fan hearren en sizzen witte hwat bifrijing is, neat mear to meitsjen mei de oaren dy't dy bifrijing noch meiinoar ûnderfoun hawwe. As der yn de striid foar de bifrijing faeks àl guon wiene, dy't dat allinne-wêzen ûntdekke moasten, binne de striid foar de bifrijing en de tiden nei de bifrijing net folslein fan inoar skaet. Der wiene yn de oarloch guon, foar hwa't net allinne de frijheit mar ek de bifrijing slim to ûntsiferjen wie, om't de spegel fan de takomst minder klear is as men graech hawwe wol. De frijheit is ynhâldsleas, de bifrijing oan in biskate ûnderfining boun. Efter de frijheit stiet de machtige idéalist of de machtige diktator; sa nou en dan forskynt efter de bifrijing it gesicht fan in minske, dêr't syn ûnfrijens noch op to lêzen falt.
‘Im Westen nichts Neues’, de forneamde roman út de earste wrâldoarloch, is net in boek oer in ienling, mar oer in generaesje. Op deselde wize greatbrocht troch fredesmilitairen, dy't har ûnderwizers en paedagogen neamden, wurde hja ek op deselde wize toloarsteld en dy toloarstelling is fan it boek thema, intrigue en forhael. De litteratuer út de twadde wrâldoarloch bistiet dêrtsjinoer út dokuminten fan ienlingen. It fredesidéalisme is yn dy boeken net iens mear as mûglikheit oanwêzich om ôfskied fan to nimmen. De skriuwers fan dy boeken binne ûnbiskerme de oarloch yngien en moatte dy oarloch ek ûnbiskerme forwurkje. Yn dizze boeken - ‘Draussen vor der Tür’ fan Borchert, ‘Grensconflict’ fan Wilders, ‘Arrival en Departure’ fan Koestier b.g. - is gjin forbounens mear mei in mienskip, dêr't men letter negatyf tsjinoer stean kin. Tusken dizze litteratuer en de boeken à la Remarque leit de fugelfaeije frijheit fan Ter Braak, as in lêste restant fan in frijheit dy't yn himsels net bistiet; ek Ter Braak naera syn hiele libben ôfskied.
De boeken fan Borchert, Wilders en Koestler binne folslein ûngelyk. Hja binne skreaun fan in yn de oarloch bihelle dichter, in yn it forset tolânne kommen yntellektueel en in militant romancier. De iene fynt yn syn heitelân gjin
| |
| |
thús mear, de oare forliest syn kristlik leauwe en de tredde docht war syn motiven om him to forsetten ien foar ien djiptepsychologysk to ûntkrêftigjen. Yn alle trije boeken lykwols wurdt op it hwerom fan de striid gjin antwurd foun, ek al stiet yn alle trije boeken in goed rjocht fan dy striid net yn de kiif. Faeks sille guon dat dwaesheit achtsje, om't mei it goed rjocht fan de striid tsjin Hitler ek de fraech nei it hwerom fan dy striid biantwurde wêze soe. Dat binne dan ek dyjingen dy't sokke skriuwers - en de skriuwer is yn dit forbân allinne wichtich, om't er in hâlding ûnder wurden bringt - foar yndividualist útmeitsje, om't hja mei Marsman wegerje har persoanlik needlot mei it lot fan in biskate groep gelyk to stellen. Kin men der fan útgean, dat de minsken ta dy kar tusken yndividualisme en it oare, dat yn sa'n polemyk dizich bliuwt, de frijheit hat? Dizze trije mannen - en sa'n trijemanskip is tafallich, om't in oarenien maklik to konstruearjen is - hawwe de striid net allinne oan it front mar ek persoanlik bisocht út to fjochtsjen. By twa fan de trije mei it resultaet fan de oerwinning frijhwat op in forlerne slach lykje, hja koene it har net permittearje en stel de persoanlike en de politike frijheit, dy't mei wurden sa suver to ûnderskieden binne, mar gelyk. Dy twa hawwe, ek ôfsjoen fan nasionael-sosialisme en kommunisme, tofolle èn tomin meiinoar to meitsjen. Borchert lykwols wurdt yn de nei-oarlochske Dútske litteratuerskiednis mar amper rekken mear mei hâlden, ‘Grensconflict’ leit foar in skelling yn it antikwariaet en ‘Arrival en Departure’ stiet yn de Koestier-biografy net boppe-oan. Allinne de frijheit is populair, it forhael fan in frijheit, dy't muoisum, as spegelskrift sûnder spegel, lêzen wurde moast, wurdt nea in best-seller. It is forliedlik de konstruksje to
meitsjen dy't hjoeddedei troch de eksistinsialisten sa forneamd wurden is, dat de frijheit allinne to finen is as men eigen ûnfrijens kieze wol. Filosofysk mei sa'n idé fortuten dwaen, litterair en minsklik kin men der net folle mei wurde. Hwant soene Borchert, Koestier en Wilders - en hokfoar oare ûnbikenden oaren noch tsjinkommen wêze meije - skreaun hawwe as hja harsels akseptearre hiene? Yn ‘Arrival and Departure’ lit de haedpersoan dy't nei syn analyse earst fan doel wie nei Amearika út to wiken, him lykwols wer mei de parachute falle boppe biset gebiet. Dan stiet der: ‘He was gently swaying and falling, as a leaf falls to the ground, at night under the incurious stars’.
|
|