Anne Wadman:
Eigen-wiisheden.
III
J.B. Charles syn ‘Volg het spoor terug’ leit my as in stien op 'e mage. Mar it ‘Critisch Bulletin’ sprekt fan haedstikken ‘die tot het puurste proza behoren, dat in ons land wordt geschreven’. In forbettere Aart van der Leeuw, as ik it goed bigryp.
*
De Fryske litteratuer hat mar ien reden fan bistean: Dat er noch net bistiet.
*
Petear mei in redakteur fan ‘Quatrebras’. Ik: ‘Symbolyk is my bêst, mar it soe wolris goed wêze, as jimme foar de lêzers út 'e doeken diene, hokker symbolyk dy Fjouwersprong winliken ynhâldt.’ Hy: ‘Hea ja, dêr hawwe wy winliken noch net by neilocht.’
*
‘De Tsjerne’ - it Calsmantsje ûnder de Fryske tydskriften.
*
Sil ús Bifrijingsfeest skielk krekt like bispotlik wurde as foar de oarloch it flagehisen op Waterloodei? Ik bin bang fan al, as de Dútskers sa fatsoenlik bliuwe wolle fan wol in Wehrmacht en in Luftwaffe en in Kriegsmarine hawwe to wollen.
*
It probleem fan de ‘Derde Weg’: Hoe ûntkomme wy oan de twang fan de suggesty: ‘l'histoire se répète’? It forset tsjin de evidinsje docht my sympathyk oan. Mar it is in foarm fan yntellektuële-lúkse dy't allinne bistiet by de graesje fan de anti-Russyske partij.
*
Neffens de V.V.D. is de saek net soun salang't de arbeiderslju sa folle fortsjinje, dat hja op bromfytsen ride. Neflens de P.v.d.A. is de saek net soun salang't de greate lju sa folle fortsjinje, dat hja yn greate sliden ride. It forkear is dus it iennichste hwat de forkearing yn 'e wei stiet.
*
De Fryske litteratuer yn tsienjierrich perspektyf: Hoe't Douwe Tamminga by de krante slagge.