| |
| |
| |
Jhr. J.W.J. Witsen Elias:
Hichtepunten fan Nederlansk toaniel yn tsien jier.
Doe't de oarloch noch geande wie, hawwe guon yn de formiddens fan dy toanielspylders, dy't net foar de twang fan de Kulturkammer bilies jaen woene, har al bisind oer it toaniel yn Nederlân nei de bifrijïng. Der is tomûk gearkommen, konferearre en rapportearre. It resultaet wie in rapport, dêr't de winsk yn nei foaren kaem, dat der in nasionael ‘Toneel-orgaan’ stifte wurde soe, in Nederlânske organisaesje fan selskippen, dy't yn oerliz meiïnoar gearstald wurde moast en wol sà, dat elke spylder of spylster in milieu fine soe, dêr't syn of har jeften sa goed mooglik har gerak yn krije soene. Dat Toaniel-orgaen moast dan, mei't de ûnderskate groepen elk in eigen wensté hawwe soene, it hiele lân bitsjinje en sa, waerd der hope, soe in tastân birikt wurde dy't èn spylders èn publyk reedlikerwize bifredigje soe. De lessen fan it forline hiene op 't lêst djûr genôch west.
Lyk as mei sa folle plannen dy't yn de oarloch útbret binne, waerd hjir ek hwat to min rekken hâlden mei de minsklike natuer, in casu it wakker sterke yndividualisme dat de kunstner hiem hat en dêr't gauris noch in typysk egosintrysk bistean mei mank giet, dat dat eigen bilangen en ynsjoch foargean lit hoppe algemiene bilangen. Goed, der kaem in sintrael lichem, de ‘Toneelcoördinatie’ en dat hat ek wol hwat dien, foaral hwat de organisearring en it bioarderjen fan de ekonomyske en jildlike bilangen fan selskippen en spylders oangiet. De subsydzjes dêr't it Ryk goed foar sei, binne forparte en dy stipe sèls floeide sadwaende hwat rynsker ta. Mar dat der bûten, is der forgelike mei de tiid foar de oarloch net ienris safolle foroare. Selskippen ûntsteane en falle wer útinoar, meiwurkers boartsje like hurd beamkeforwikseljen, talinten of sabeare talinten dy't har tokoartdien fiele sette op eigen manneboel hwat nijs op tou, koartom, it is wer frijïchheit sûnder folle blijïchheit, krektlyk as foarhinne.
Mar it bloed krûpt der't it net gean kin, en Nederlân hat noch altyd gâns bêst toanielspyldersbloed. Fangefolgen, en grif ek mei troch de ekonomyske ‘heechkonjunktuer’
| |
| |
dy't him allinken oppenearre, is der yn de tsien jier nei de oarloch dochs hiel hwat út de wei set. Fuort nei de bifrijïng hearske der skiklikens en formoedsoening dy't wol net algemien wie - allinne de spylders en spylsters dy't ûnder de oarloch weidûkt sieten yn de yllegaliteit wiene der mandélich oan -, mar dêr't dochs forwachting fan wie.
Under de namme Toneelgroep 1945 kaem in selskip nei foaren fan wakker angelikense krêften, dêr't mei hwat goede wil faeks it materiael foar stikken, dy't inoar fan karakter ûntrounen, út helle wurde koe. Hja setten útein mei in gelegenheitsstik ‘Vrij Volk’, dêr't ûnderskate auteurs elkmis in scène foar skreaun hiene en dy't elk foar oar sloech op de wrakselingen foar de frijheit, fan de Batavieren ôf oant 1945 ta. It wie in frijhwat optocht gefal, dizze skiednis, mar it folk naem tankher de gelegenheit to baet om syn favoriten wer op de planken to sjen. Deselde kombinaesje kaem letter noch mei ‘De Naamlozen’ fan A. Defresne, in drama oer it Forset. Mar dêrnei foel de kombinaesje útinoar, hwant de natuerlike spjalting yn aparte selskippen, elk mei eigen ‘klimaet’, naem wer fuortgong. Yn it earstoan gie dat spjalten noch hwat hoeden om en ta; sa ûntstie yn 1946 bygelyks it Amsterdams-Rotterdams Toneelgezelschap, dat de measte topfigueren byinoar hâldde, towyl hja it ‘lytser wurk’ oerlieten oan ploegen as De Komedianten, Het Vrije Toaniel en soksoarte. Ljouwert hat oan dat twastêdde-selskip û.o. in treffende útfiering to tankjen fan Obey's ‘Schending van Lucretia’.
Yn 1947 krige de spjalting fierdersoan syn bislach, dat Amsterdam en Rotterdam rekken byinoar wei. Fierders wiene de Haagse Comedie en Comedia foar it ljocht kommen, wylst Hans van Meerten in mannich goelju út it forset om him hinne sammele hie yn it Nederlands Volkstoneel. Op himsels wie dizze tastân hielendal net sa mâl; elk foar himsels fortsjintwurdigen dy selskippen in eigen karakter en hja lieten sjen, ta artistyk goede, sels pûrbêste prestaesjes yn steat to wêzen. De tûkelteammen kamen pas, doe't it wer lyk as fan âlds op in kommen-en-gean fan meiwurkjenden oangie en guon selskippen, foaral Comedia, knoffels krigen troch sterk forrin fan goede krêften. It Amsterdams Toneelgezelschap ûnder lieding fan Van Dalsum waerd frijhwat bidrige troch de wiffens fan de Amsterdamske folksgunst en troch polityk gekûp, dat yn 1953, nei in dochs wol romroft bistean, biswykte it.
| |
| |
Comedia hie ûnderwilens dochs foar in pear hichtepunten soarge; de Ljouwerters hâlde skoandere oantinkens oan de útfierings fan Gontsjarof syn ‘Oblomow’ en Tennessee Williams syn ‘Tramlijn Begeerte’, wichtich toanielbarren yn it jier 1948. En yn 1949 wie it dit selskip, dat de dichteresse Henriëtte Roland Holst, dy't tachtich jier waerd, eare mei it opfieren fan har treurspul ‘Thomas More’, tige forsoarge, mar hwat statysk. Yn 1951 bisocht Comedia it noch op fuotten to hâlden mei it Amerikaenske suksesstik ‘De Dood van een Handelsreiziger’ fan Arthur Miller, mar Gobeau moast dochs bilies jaen tsjin Saalborn, dy't ûnder Van Dalsum syn regy in fortolking joech, dy't jin neijer gie. Ljouwert hat dat jiers it stik mar leafst trije kear sjen kinnen, twakear fan it A.T.G. en ienkear fan Comedia. De ‘Amerikaenske sykte’ hie de lju frijhwat oanstutsen.
De greatste prestaesjes fan it Amsterdams Toneelgezelschap leine op it gebiet fan de klaseiken. Yn 1949 spile Van Dalsum, mei Sternheim as de nar njonken him, in ‘Koning Lear’, dy't wy net gau wer forjitte sille. Yn 1951 kaem itselde selskip mei ‘De ingebeelde zieke’ fan Molière, alderkostlikst spile, om yn 1952 wer op Shakespeare werom to fallen mei in foarstelling fan ‘Driekoningenavond’, in feest foar each en ear, mei Van Dalsum yn de kluchtrol fan Jonker Tobias. En de útfiering fan Vondel's ‘Gijsbrecht’, dêr't it A.T.G. yn 1953 ôfskie mei naem fan Ljouwert, hearde ek wer ta de hichtepunten fan de ôfroune tsien jier.
It Rotterdams Toneel kaem noch al gauris mei primeurs. Sa brocht it yn 1947 de Amerikaen Miller mei dy syn oarlochsstik ‘Mijn Zoons’, dat noch al ynsloech, en stelde datselde jiers de Frânske moade-filosoof Sartre foar oan it hwat ûnwennich réagearjende Ljouwerter publyk mei de oangripende komeedzje ‘Met gesloten deuren’. Ljouwert hat oars nea net sa Sartre-achtich west; nòch de opfiering fan ‘Vuile Handen’, ek fan it Rotterdams Toneel, nòch dy fan ‘De eerbiedige Lichtekooi’ fan Comedia hiene dêr it sukses dat dy stikken sûnder mis fortsjinne hiene.
Undertusken wie De Nederlandse Comedie oprjochte, dy't al ridlik gau it A.T.G. swier partij joech en it op 't lêst as fêste bispylster fan de Amsterdamske Stedsskouboarch út it sté wist to wrotten. Mei in goede útfiering fan Shakespeares ‘Leer om Leer’ makke hja har yn '51 oan Ljouwert bikend, dêr't letter op folge in tige forsoarge en sprankeljende foarstelling fan Beaumarchais syn ‘Bruiloft van
| |
| |
Figaro’. It wie hast fan tinken to hawwen, dat dit selskip Arthur Miller ek op har repertoire nimme soe; it hie dêr de krêften wol foar. ‘De Vuurproef’, dat binearjende forhael fan in heksejacht, wiisde dat wol út. Mar de kroan op har wurk oant nou ta sette De Nederlandse Comedie fan 't jier mei in planút prachtige opfiering fan Tsjechow syn ‘De drie Zusters’. Mar dêr siet dan ek, skoan to fornimmen, de masterhân fan de Russyske regisseur Pjotr Sjarof mei efter. It wie net Sjarof syn earste sukses; yn 1951 al hie hy de Haagse Comedie de kâns jown, sjen to litten dat hja noch wol mear treast wie as it perfekt opfieren fan society-stikken. Gogolj syn ‘Revisor’ waerd yn 1951 in great sukses foar Laseur-en-har; dêr kaem allinne noch boppe-út Tsjechow's ‘Kersentuin’, opfierd yn 1952. Dat hja Shakespeare, sels yn syn swierste foarm, ek wol oan koe, biwiisde de Haagse Comedie yn 1953 troch it opfieren fan ‘De Storm’, mei Laseur as regisseur, Van Dalsum yn de gastrol fan Prospero en Myra Ward as in nea wer to forjitten Ariël.
In nij selskip dûkte yn 1952 op, Theater, dat har mear op ‘de provinsje’ útlizze soe en har wenplak krige yn Arnhem, al bleauwen de measte leden yn Amsterdam to wenjen. It hong der mei dy ploech tige yn om fan de miet to kommen, mar it wie makke doe't Rika Hopper it as medium naem foar har ôfskiedstourné. Hja spile dêrby de haedrol yn ‘Anastasia’ en ek yn Fryslân is hja huldige.
Cor Ruys mei syn Vrije Toneel is Fryslân oant syn dea ta trou bleaun. Masterwurken joech er net altyd, mar hokfoar rol Ruys ek spile -, hy makke der hwat bysûnders fan, en hoe bysûnder dat wêze koe liet er sjen yn de rol fan de matroas Badger yn ‘Meeuwen boven Sorrento’, dat nouris gjin klucht wie diskear.
Tsien jier binne sûnt de bifrijïng forroun en op it stik fan Nederlânsk biropstoaniel hawwe se Fryslân hiel hwat goeds brocht, al wie it njonkelytsen in heikerwei it hjirhinne to krijen. Net allinne to Ljouwert, mar ek to Snits en op It Hearrenfean kamen frijhwat fan de niisneamde stikken op de planken. Nou liket dêr spitigernôch foroaring yn komme to sillen; de yn it bigjin al neamde ‘Toneel-coördinatie’ komt hjirby fanwegen op in wize dy't foar ‘de provinsje’ net botte gelokkich wiist. Hja hat it nea net safier krije kinnen, dat oer it hiele lân in goed en forant- | |
| |
wurde skema fan toanielfoarsjenning ta stân kaem; soks gie har ek boppe de macht. Mar nou wol hja hwat dwaen foar de toanielminsken, dy't troch tourné's sûnder ein en troch it ‘doublearjen’ (spyljen fan twa stikken tagelyk troch deselde ploech) frijhwat ôfbeund wurde. Dat hat fansels yn, in greater konsintraesje fan de foarstellings op ‘it Westen’. Dêr telle de gemeenten de heechste subsydzjes del, dy't it rykssubsydzje, dat to lyts is, oanfolje moatte en dêr is it publyk ré de heechste yntréprizen to biteljen. Sadwaende is it bislút fallen, it kommend winterskoft sille der yn de rângewesten 180 foarstellings minder jown wurde.
Dêr sil Ljouwert salyk gjin6 lêst fan hawwe; de oerienkomsten mei de ‘greate’ selskippen binne foar it kommend seisoen al ta in útdragen saek kommen. Oft it mooglik wêze sil en bring ek de forhege útkeapsommen op, is noch ôfwachtsjen. Mar op sa'n manear komt der wol hwat langer hwat mear forlet fan in selskip dat spesiael de Noardlike provinsjes goed en forantwurde Nederlânsk biropstoaniel jaen kin. Theater kin dat net neikomme, it hat pielen genôch om de gatten, dy't fanwegen it bislút fan de ‘Coördinatie’ slein binne yn de spylplannen fan skouboargen yn Eastlik Nederlân, to stopjen.
Der wurdt grute dat Grins plannen yn útsetting hat. Sil dêr it klimaet foun wurde, dêr't it biropstoaniel yn dije kin? It is min to sizzen. Sûnder twivel soe it, as der earnstich prikken yn it wurk steld wurde, wol mooglik wêze en krij dêr in fêst selskip. Mar sa'n selskip moat, as it de plakken dy't sûnder opfiering komme to sitten weardich bitsjinje sil, earste klas krêften ta har foldwaen hawwe. En hwannear't men wit, hoe'n toer it is foar Rotterdam - om fan Arnhem mar to swijen - om akteurs en aktrises oan dy stêd to binen, dan kin jins optimisme mar min sprekken lije. Amsterdam en Den Haech binne de stêdden, dêr't de bêsten fan ús Nederlânsk toaniel har thús en ‘noflik’ fiele; dêr fine hja de needsaeklike wikselwurking ûnderinoar en dy tusken spylders en publyk; dêr is dat ûndefiniearbere, dat men ‘klimaet’ neamt.
De stêd Grins soe, méí Fryslân en Drinte, ek foar sa'n klimaet soargje moatte - in oarenien fansels as yn it Westen, mar dochs klimaet - en hok materiael is der yn de trije provinsjes to finen, dat foldwaen kin oan de hieltyd heger easken dy't it biropstoaniel it folk hjir leard hat om to stellen? It binne fragen dêr't wy noch gjin antwurd op witte.
|
|