De Tsjerne. Jaargang 10(1955)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 44] [p. 44] Sjoerd Spanninga: Twa fersen. De joadejacht. Al wurdt dit hert forinnewearre en skopt men it ek withoefier, it hat geduld, hwant let of ier fielt men de skuld fan de forspeinen sels brânnen oant de fingerseinen, en printet him yn eltse hân in merk fan moart en fan fordjer, - wylst lit ús neitins oer it lân in teken trape ta in skriuwen, dat langer libbet as de ieuwen en ien fan jimme allegear, - mar as in stjerre keart it wer. [pagina 45] [p. 45] 15 April. Doe kaem de yntocht fan de Kanadezen en mei foel de binearing fan ús wei, de strjitten jubelen in heech jûchhei, - hwa tocht noch oan de widdouwen en wezen? Lykwols, hár wie it op bifrijingsdei, as hiene hja net út, gewelt en frezen, en roun jit altyd yn it libben stees in skrouwing fan de déá jin efternei. Vorige Volgende