forkear. Trije moanne fakânsje thús, tsien poun groeije, in jurk oan en hoazzen en in pear knappe skuon.
Ik keapje mysels in hoed, ien mei blomkes derop, bitocht Lyn ynienen. As der nou net in huoddeforkeaper is, dy't my as tank foar de tsjinst oan 't faderlân foar myn dûbeltsje in beeldich huodtsje jowt, is de hiele bifrijing my ek net in stûr wurdich.
Hja lake om har mâlle bitinksels. In bytsje gek hat de bifrijing my al makke. De huodden kostje aenst foar elk wer itselde.
De klokken bigounen to lieden. It galme en droane oer de stêd, drôf en bliid tagelyk, markearjend de grins tusken twa tiidrekken. En Lyn mocht beide bilibje, hie der sels net ien fan misse wold. De klokken liede en ik libje, jandoarje, ik libje. Godtank, ik libje. De triennen spatten har út de eagen. Wim en Bertus, Jaep, Theo, Pytsje, Geart, Anne en hwa allegearre mear fan har âlde freonen mochten de cascade fan klokkeklanken net mear hearre. Heare, hwerom ikke? Hwerom rêdde ik it altyd wer, gauris op in pear tellen, in inkeld saneamd tafaltsje ôf, en rounen dy oaren krekt al yn 'e fûke?
Lyn stapte it greate gebou yn. Rounom folk, bikenden en ûnbikenden, kammeraten fan de âlde KP, yn tiden net sjoen, guon krekt út de finzenis, bleek en meager, swaeijend op har skonken as hja de reek fan har earste Sweet Caporal djip ynsûgden. Rounom waerd der fûstke en tute, kofje en broggen omdield.
- Heu, Aly. Ha, dy Diny. Libbestou ek noch, Annemary?
Lyn andere op al har âlde nammen, lyk as hja har jierrenlang oanpast hie by alle identiteiten en formommingen.
Op ien fan de keamers boppe brutsen se de keet ôf, sa't it hearde. Doe't Lyn dêr de doar iependie, stie hja each yn each mei de bifrijing. Yn in greate rounte, trije, fjouwer rigen breed, dounsen of sieren yn unifoarm, jonges yn overalls, koeriersters, earm yn earm. Guon dounsen swijend en swittend, oaren rôpen der withwat by. Hja dounsen suver ekstatysk, de flier skodde. In stampede, skeat it troch Lyn hinne, doe't hja meitroaid waerd yn 'e rounte en meidounse, alles forjittend lyk as de oaren, alle illinde, alle ûntbearingen, alle fisioenen fan sellen en forhoaren, yn in roes, in útwei yn it massael biwegen, wylst de toerklokken letten, letten.