De Tsjerne. Jaargang 10(1955)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 39] [p. 39] Tsjits Peanstra: Bifrijing 1945. De loft wie fol geroft en 'k hold de siken yn... forweegde dêr de klink en wyndre it gordyn en waerden nachts de klokken let, waerd sachts de tiid forset? doarst elk hjir mar to wêzen hjir, samar foar de glêzen? of, wie der immen wei? Dy't ik dat frege, sei: ‘De nacht! 't Is ommers dei!’ Vorige Volgende