| |
| |
| |
S. van Tuinen:
Oantinken fan fierrens.
As wy alle oantinken oan it leed ús oandien en it ûnrjocht, ús tokoartkommingen eltse dei meitôgje moasten, dan soe ús libbenskrêft en libbenslust forlamme wurde. Forjitte to kinnen is in seine. Mar alles forjitte fan de jierren '40-'45, dat kin net. Wy moetsje har noch dy't nea wer echt laitsje kinne; by guon is it lûd tobrutsen en de blidens birutsen. Wy moetsje ek wer de ‘forkearden’. Wy moetsje ús sels ek wol ris. Dêrom is it sa goed en wês effen stil by de deadebitinking en út tankberens, de frijheit yndachtich. Mar it is gâns in skoft lyn, dy oarloch en dy bifrijing.
| |
Ouverture.
De Maeijedagen fan 1940 wiene de measte Fryske soldaten om utens, bûten Fryslân. Fryslân lei iepen, hwant de fordigening troch de grinsbataljons mei gjin namme hawwe. De stelling-Wûns koe de Dútskers ek net keare.
Fryske soldaten binne sneuvele om utens. Wy tsjinnen by it Fryske Depôtbataljon dat justjes foar de slach út Ljouwert nei Alkmaer forfear. It waerd dêr gjin fiktoarje. Wy binne biwarre. Op de lêste dei moast ús folk him útrisse foar de bifeiliging fan de noardflank fan de festing Hollân. In grapmakkerij, hwant de helte hie noch nea sketten. Wy hiene slachtfé wurden as it mienen warden wie. It is der net oan ta kommen. Troch de radio klonk foar it lêst it Wilhelmus en doe wie it dien. Wapens ynleverje, luiterje as kriichsfinzene en troch de ‘greatmoedigens’ fan de Führer ridlik gau nei hûs ta.
Fryslân biset gebiet foar it earst sûnt de Frânske tiid.
| |
Rerum novarum. I.
It folk, wy, ik wisten net hoe't wy mei de fijân, mei de soldaten oan moasten. Wy yn Fryslân sieten der dûbeld mei tangele omt der mei dit soldatefolk of yn har gefolch ek guon út it Dútske Fryslân kamen en har by ús presintearren. In stikmannich Biwegingslju hellen har yn en wy sieten der frjemd foar. Freon of fijân? Of beide? Ridlik gau die it bliken, sy wiene mear Dútskers as Friezen en
| |
| |
wy bleauwen ek Nederlanners. It paste net, ja it joech gjin pas en gean mei har yn de mande. Us ‘mande’ wie Oranje, Gerbrandy en de Ingelske radio.
De Dútsker waerd nettsjinsteande Trijemanskip, Nederlandse Unie en Colijn syn brosjuere ús wrede fijân. Sy hiene yn de Maeijedagen fan '40 ús de oarloch forklearre, al wie it net botte offisieel! Wy forklearren it har yn de Maeijedagen fan '43. De Dútsker bisocht ús soldaet to meitsjen. Dat slagge: frije Friezen waerden soldaet, mar in frjemd soarte. De boer, de weinmakker, de timmerman, de winkelman, de dûmny, de master waerden Geuzen: Greide-, Wâld-, Wetter-, Klaei- en Stêdgeuzen. Lês de list fan har dy't de slach forlern hawwe yn it boek fan Ypma der mar op nei. De âlde pommeranten fan foar 1940 net, mei útsûnderingen. It wiene de rekruten, de nije lichting.
| |
Homines novi.
De rekruten wiene fuort gjin feteranen. Hja makken frijhwat ûngelokken en de feteranen fan de lichting foar 1940 skodhollen oer ‘de geheime’ ûnder de groun. Binammen omt se to min ûnder de groun bleauwen. Elts wist der fan en nei de healwize Septimberdagen tominsten. Trouwens nei Stalingrad kamen der hiel hwat lju opsetten dy't op mear as ien front fochten of fochten hiene.
As jo pylgerje om utens by de oarlochsgrêven lâns en de nammen lêze by Bloemendael en Vught en sa mear, dan lêze jo Fryske namuren. Mar Fryslân krige ek gâns tarin fan immigranten: Joaden, Hollanners, hongerlappers út de greate stêdden, partisanen, fleaners skikten mei oan de tafel, sliepten yn de gekste bedsteden, founen hjir in skûle. Wy fortrouden har net altyd, binammen net as se ús as lieders yn ‘de geheime’ taskikt waerden. Mar se krigen iten en tek. Noch greater waerd it tal fijannen, doe't de evakué's delsetten kamen, mar ús folksmienskip koe hiel hwat oan.
De fijân makke it der ek nei, dat wy doarsten al mear en mear. De rekruten waerden soldaet en de Dútskers soldaet makke. De Geuzen heinden yn 'e nacht containers op. Wy koene ús lân: de reden, greiden, fearten.
Men soe oars sizze, Fryslân kin gjin skûle jaen, it leit der sa neaken en bleat hinne. Mar it die bliken, de stedtsjes, de doarpen, de mieden, de marren, de Wâlden, it Waed, oeral faun de Geheime honk. It folk waerd wekker.
| |
| |
| |
Rerum novarum. II.
Doe't de frijheit yn 't sicht kaem, moast der ek wol ris tusken de bidriuwen troch tocht wurde oan de tiid nei de oarloch. De krantsjes bigounen der oer to skriuwen en de iene oars as de oare. Soe it heve? Moast it nou alhiel oars en better as foar 1940? Hwa soe de oarlochswinst krije? Soe it polityk de oare wei útgean?
De kaert is net fundaminteel foroare. Tiden hawwe tiden. Wy kamen wer tolânne yn deselde formaesjes, tsjerklik, polityk, sosiael. Net yn alles, net ider. Der is dochs wol hwat foroare. Mar oer it generael net folle oars as yn hiele Nederlân. Nije mannen kamen oan it roer, nije kranten forskynden, mar in revolúsje bieau wei. It draeide almeast yn wêzen út op restauraesje.
| |
Winst.
Is der dan gjin winst? Ja, freonskip dy't bleau. En Fryslân is Frysker to foarskyn kommen. It Fryske folk, dat wurd is nou wol klisjé, lyk as ús folksliet. Us tael hat nije kânsen krige, ús mannen nije plakken. It meiïnoar oparbeidzjen yn Fryske formiddens is sterker. It folk is selsbiwuster wurden en de gasten fan om utens, de waermmielrinders, de útfanhûzers witte folle better as foar 1940: Fryslân, dat asyl, hat hwat aparts. It is in reservoir fan folkskrêft. Dat hat wol ris faeije gefolgen, lyk as op 't heden, nou't it Westen folle gjin genôch mannen yn 'e fabriken brûke kin.
| |
Relikwyen.
It moaiste yn Fryslân fan hwat wy oprjochte hawwe, fan ús ‘monuminten’, is forboun mei Fryslân yn tael, geast en trou. Men kin der it skriftke fan de Kultuerrie 1955, De frijheit yndachtich, op nei lêze. Der is in dokumintaesje byinoarbrocht. It tinkboek fan Ypma is in geef wurk.
Ik woe, wie der noch folle mear bard, hie eits gemeentebistjûr syn aparte archyfkolleksje mar oer dy jierren en hie elts doarp syn biskriuwing. Ik woe dat dy jierren ús kunstners noch folle mear bisiele ta de artistike biarbeiding fan de stof. Us dichters ha inkelde moaije gedichten skreaun, mar ik woe ek wol in samling sjen fan de rymlerijen fan it folk; ek yn it Hollânsk fan foar en nei de bifrijing. Se bisjonge it lytse en ek it greate, lyk as it stellen fan de klokken, it minne iten, de distribúsje, it leed fan de Joaden, it ûnrjocht, de moardpartijen, it leauwe. Tink ek oan Fryske deiboeken en brieven. Ik soe ek wol ris in bondel preken
| |
| |
út dy tiid hawwe wolle, in typearjende kar. Hoefolle foto's fan en oer dy tiid binne der noch? It wurdt tiid foar de Aldheitkeamers om to sammeljen.
| |
Epos.
Hat de skiednis fan '40-'45 stof foar in epos? Ja. It epos fan de lytse lju almeast, de gewoane en fan jongerein, net altyd de gewoane. As der in film makke wurde soe fan ús forset, dan moast it in sobere film wurde. Hiel hwat oars as de Amerikaenske dêr't Moddergat oardel tel yn figurearret. De boer sil der yn spile wurde, syn pleats, de kij, de ierappels. It omsittend laech fan frjemd en eigen. De Bibel sil ek wol ris lêzen wurde. Bern moatte der yn. De keaplju en Joaden en Memmen dy't de húshâlding net forsleaukje lieten en foar hwa't it hûs nea to fol roun, dy't altyd noch plak en honk en klean hiene. En fammen dy't koerierden yn frjemd habyt.
In soad montaezje en show komt der net by to pas. Ek net safolle romantyk. Faeks wol hiel hwat folkshumor. Soms de oanrin nei it dramatyske en in stik tragyk. Ik forjit nea de rige fan Dútske auto's, mei wapene Dútskers foar op, dy't de GOL, de Gewestlike Operaesje Lieder, en syn Adjudant fuortbrochten (en letter weibrochten) út Warkum. Wy seagen se to Boalsert passearjen, wylst yn in achterkeamer drok telefoanearre waerd: Help, help, har en ús. En it reinde, en ús ploegen yn tsjerke. O, dat machteleaze!
Soene yn in film of yn in boek of yn in monumint ek de motiven fan it forset útbylde wurde kinne?
| |
Motiven.
Ja, hwat wiene dy motiven? Der is net safolle oer praet en tocht, by myn witten. Frijheit. Inkelden frieten harsels op fan wrevel en woede oer it ûnrjocht. Guon fochten foar God, Nederlân en Oranje. Mannichien foun Dútske lear en libben sa únkristlik en sa ûnminsklik, dat se moasten de opjagen, de illindigen, de swalkers helpe. Guon binne der foarset en koene der net foarwei. Oaren founen har paed nei it forset op eigen manneboet. En allegearre woene frijheit, rjocht, barmhertigens. Frijheit, dat wurd hie hjir wol in âlde klank. Dat appèl is forstien en de Dútskers hawwe ús net brekke kinnen.
| |
| |
| |
Bifrijing.
Dêrom wie de Bifrijing in wûnder, it Maitiidswûnder, it wûnder fan God. Hwat hawwe wy doe bliid west. Hwat hawwe wy doe wûnderdagen bilibbe. It feest fan de Maitiid, de sinne, de flaggen. Mei it soldatefolk fan ús freonen, meat and vegetables, parties, players en sûkelade, alles meiïnoar yngrediënten foar it feest fan de frijheit. De seremoanymasters wiene wol ris hwat greatsk. It gyng ek wol ris hwat rûch. Mar hwat in feest! Mei triennen siedzje, mar sjongend sichtsje.
It aldermeaste bliuwt my fan dy jierren dit by: soms moat men hiel hwat oer hawwe foar de frijheit, foar in libben fan kristlike frijheit. It kin sa fier komme, dat men moat jin alhiel ‘ynsette’, it libben der by opsette.
As is goed soe, moast it yn Fryslân medaljes en lintsjes snije. Of nimmen moast ien ha. Of allinne posthúm. Mar it forfelende is, as men bigjint mei dy únderskiedings, hwer is de ein? Of it bigjin? Hja moasten der mar net mei bigoun wêze faeks. De freedom is mear as de medal of freedom. Lyk as de jonkerstitel yn de tiid fan Kening Willem I foar in diel fan de Fryske adel méár wie as de baronnetitel.
Wy sille net ivich bitinke kinne hwat der bard is yn 1940-1945. Us deaden lykwols, ja, dy sille wy noch lang bitinke moatte. Us bern en bernsbern, harren sil hwat forteld wurde moatte oer Fryslân Annis Domini 1940-1945. En de deaden sille bitocht wurde moatte.
| |
Martlers?
Binne ús deaden martlers? Dat wurd bitsjut yn it Gryksk tsjûgen. Ja, tsjûgen binne it, bloedtsjûgen. Dat wiist gêns oars as de Latynske spreuk: Swiet is it foar it Heitelân to stjerren. It stjerren op it ‘fjild fan ear’ is net swiet en it earefjild seach der net hearlik út, byg. net yn Dokkum op dy 22e Jannewaris 1945. It wie kâld yn de snie to lizzen en bloed en snie is gjin romantyk. De soldateromantyk hoege se ús dochs net wys to meitsjen. En sa moatte wy ek net de kant út fan in deadekultus en ús deaden yn in al of net kristlik Walhalla in earesit jaen. Us deaden binne bloedtsjûgen, mar oars as de kristenmartlers, oars as in Bonifaes. It bloed fan de martlers sied fan de tsjerke. Har bloed is ek sied, mar almeast yn nasionale sin. En sa earje wy ús martlers, dy't net allegearre tsjûgen wiene, mar soms oars neat as slachtoffers; martlers dy't de dea net
| |
| |
sochten en it libben net op it spul setten altyd, mar soms allinne mar forlieze moasten.
Gjin helten allegear, dreaunen soms mear as driuwers. En soms boppe har macht en minsklikens útwoechsen; soks moat genede wêze.
| |
Restanten.
Nou bidoel ik net de striid oer Skiermuontseach of in stikkene brêge, mar it fraechstik fan de ‘forkearden’. It wie en is better goed to wêzen as forkeard, dat praet gjinien my út 'e holle. Mar it is net altyd maklik to ûnderskieden. De utersten lykwols wie it wol dúdlik mei yn 1940-1945. Yn Fryslân (lyk as rounom?) binne inkelden oerroun nei de fijân fan de frijheit. Forrieders fan persoanen wiene se oer it generael net en greate steatslju likemin. Mar in inkelden-ien stiek boppe it slach fan opportunisten út. De measten hawwe it forlies fan de Bifrijing 1945 ek net royael nommen en wrokken (wrokje?) lang nei. Ik woe, hiene se har nei de Bifrijing hwat minder fortoand. Hja moatte har tiid ôfwachtsje (fansels net om werom to slaen!) en by it Bifrijingsfeest net foaroan stean; soks kin it folk min hawwe. Utfanhûzje, dat is it bêste. En har bern, dy moatte wer meidwaen; dy meije net bilije de forkearde kar fan de âlden. En as dy, great wurden, der foar stean moatte, moat der gjin fete yn har wrotte, mar de freugde dat sy har plak wer hawwe, dat sy frij opgroeid binne, oars as de tekene berntsjes fan de Joadenaesje.
| |
Feest.
De sin fan it feest is de tankberens om de frijheit. It feest mout by uzes sin ha; oars fiere wy gjin feest. Sa binne wy: gjin feest om it feest.
Mei it feest in great feest wurde; de iene hwat mear foarenoan, de oare hwat mear forside, de iene frijer, de oare hwat biskamme, mei wale en masker foar. De bern allegear om better en sterker great wurde to kinnen yn ús tiid fan de atoom-energy. Dy hat trouwens net it lêste wurd; oars woe en koe ik gjin feest fiere. God is de earste en de lêste sprekker op dit feest, troch it Wurd.
Dokkum, Maert 1955.
| |
| |
|
|