Anne Wadman:
Eigen-wiisheden.
II
Ik harkje al jierren nei de Radiolympus om der by to wêzen as Garmt Stuiveling foar de earste kear fan syn libben sizze sil: ‘Dat weet ik niet’. Dat wurdt lang wachtsjen, sizze de lju. Ik haw de moed noch net oerjown.
*
It iennichste forskil tusken de Negerhate yn Amearika en it antisemitisme ûnder Hitler: It lêste wie in ta systeem opskroeve mentaliteit, it earste is in ta mentaliteit forwurden systeem.
*
As it wier is, dat progressive bilêstingen sa ûnbinlik binne foar lju mei hege trakteminten, dan bigryp ik net hwerom't dy lju it alderienfâldichste middel fan frijwillige salarisforleging net tapasse.
*
It misbigryp by ús saneamde folksskriuwers: dat wy mei ‘litterair’ bidoele: sierlike wurdkar, moaije sinnen, keine bylden en dichterlike bibberaesjes, yn ien wurd: ‘wurdkunst’. Hja miene dat it forhael-sels de spanning oproppe moat. Mar de greatste spanning sit net yn it forhael, mar yn de fearkrêft fan de folsin dy't allinne de spanning fan it forhael rjocht dwaen kin.
*
Geart Jonkman is dus in folksskriuwer. Mar hy wit it gelokkich sels net.
*
Foar gâns s.n. ‘biwegingsfriezen’ is de heitelânsleafde in pervertearre eigenleafde, lyk as dy fan somlike âlden dy't net leauwe wolle dat har bern al seksuéel warber binne.
*
Salang noch ien Neger yn Súd-Afrika troch in oare doar yn it stasion stappe moat as in blanke, moatte hja my net oankomme mei it leffe praetsje, dat men earst yn Súd-Afrika west hawwe moat ear't men de rasse-diskriminaesje haetsje mei. Ik fordom it om dêrfoar nei Súd-Afrika.
*