It liket him goed ta. Fan Marsum kin der dan troch de doarpen fan Baerderadiel sjen yn Snits to kommen. En it soe al nuver rinne moatte, as dêr neat rydt, dat him meinimme kin. Sa snijt Harke de Jong Ljouwert ôf, dêr't syn hûs stiet en dêr't syn jonge berne is en dêr't er graech wêze mocht foar't de Dútskers der wiene. Lywols syn plan kin net trochgean. Hwant as hy by de Harnzerfeart komt sjocht er, dat fan it paed net folle oerbleaun is. Hiele stikken misse der út, weislein troch it wetter; en der is fansels de hiele oarlochstiid neat oan dien. Dan sit der neat oars op as gean dochs troch de stêd. Hwat soe it ek foar kwea kinne, de Biltskestrjitte troch, by it stasion lâns en daelks de Skrâns yn!
Yn Ljouwert is yndie nimmen, dy't nei Harke omsjocht. Hjir en dêr steane Kanadeeske tanks en weinen oan de kant fan de strjitte. De bern jûchheije en de froulju steane yn de doarren. Oeral hingje de flaggen út. As Harke yn de Skrâns komt, hat er noch gjin bikend gesicht sjoen. Dêrsa steane auto's; greate lompe weinen, en minsken sitte der yn, op oerdwerske planken, boargers. Harke ynformearret, hwer't hja hinne sille en it docht bliken, dat der ek auto's foar Snits binne. Yn ien dêrfan kin Harke der noch krekt by. Hy fielt nou, hoe wurch hy is, mar it lijen is oer. En hy byt yn in brogge, dy't de frou yn Wânswert him meijown hat.
Noch wol in heal ûre bliuwe de weinen stean; dan sette se mei in soad gewelt ôf. Der wurdt songen op 'e strjitte en Harke soe meisjonge wolle. De boel rôllet de Skrâns troch, mar by de Huzumerleane is it ynienen wer hou. Der moatte soldaten yn en der moatte boargers út. Sa giet it yn de oarloch. En Harke, dy't it lêst komd is, kin fansels net bliuwe. Mar se sizze, dat der daelks noch mear weinen nei Snits ride; en op in ûre earder of letter komt it net oan yn in snuorje, dat nimmen noch in slach docht.
As de auto's fuort binne en Harke, net sa botte moedich, dochs de stap der yn sette wol, komme him forsetslju tomjitte, yn har blauwe pakjes. Tusken harren yn rinne arrestanten, in frommis mei wyt hier, in lange fint mei in briltsje en in jongkeardel mei in skipperspet yn 'e hân. En dêr efteroan in kloft minsken, opslûpene bern meast, laitsjend, roppend, wizend. Ja, sa giet it nou. Harke sjocht binijd nei it tafrieltsje. En ien fan de forsetslju sjocht binijd nei him. ‘Hou!’ seit hy, ‘wachtsje! Plysje de Jong. De man