De Tsjerne. Jaargang 10(1955)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 26] [p. 26] Fedde Schurer: Gebet nei tsien jier. Helten ha wy net west, dat hold net oer, oars wiene wy der nou allang net mear. In kromke dimmen dus, net al to oerstjûr oer 't Poepefolk dat it tsjin ús forlear. Wy bin biset, wy bin bifrijd. - Sa leit it lân. En dêrom stean wy nou wer rjocht oerein mei stramme skonk, de flagge yn 'e hân. - Ja, tsien jier lyn is Hitler hjir forslein. Is 't gat dêr't wy út blieze ryklik great? Forjow it ús, in minske maat dochs hwàt. As men jinsels forsmyt is 't neat mei neat. Lit ús in bytsje swarre oer dit en dat. En nim dit folk net kwea, lyts as it is, dat it sa'n bytsje om by to setten hie, en dat it bang wie yn de tsjusternis en net as ien man foar de frijheit stie. Lykwols, ús deaden krije foechsume ear. Hja stoaren, al of net út frije wil, en mei har stjerren bin wy noch net klear, dêrom bitinke wy har altyd stil. Dit pleatsforfangend lijen, elk jier nij, is 't slimme riedling dat ús foarlein wurdt. Wy libje noch, hja bin der net mear by. Dêr swijt men op, hwant dat fordraecht gjin wurd. Wy bin minmachtich, ha de helbom net. Troch greateren wurdt wol oer ús biskaet. Wy witte wol, 't is lang net lyk it heart. - Ien ding bliuwt oer. Jo binne it dy't ús laet. Vorige Volgende