lykwols neigean hoe't it yn it lyts wie, dan kin men der net foarwei en wurd persoanlik. Soks is gjin egotisme, mar needsaek. Men móat persoanlik wêze, omt ús lytse forsetsstriid ek in striid om frijheit as eigenbilang wie en omt party lju gewaer wurden binne, dat de freonen fan doe de fijannen fan nou wurden binee. Guon hawwe striden yn in groep en koene, doe't it ôfroun wie, mei har groep de oare groepen as fijannen oanmerke. Oaren kamen yn it forset tolânne net omt hja yn in groep foar in groepsidéael fjochtsje woene, mar omt harren sokke algemiene idéalen as minsklikheit en liberaliteit troch de holle spoeken. It is nijsgjirrich to sjen, dat algemiene idéalen isolearje. Sadwaende skriuw ik dit stikje as ien fan harren, dy't mei Marcel Arland en Hella Haasse mear mankelyk as greatsk konstatearje moatte: ‘Wanneer men geen enkele partij aanhangt, maakt men zich al gauw bij alle partijen verdacht. “Hij is niet een van de onzen, dus speelt hij onze tegenstanders in de kaart. Hij staat alleen, hij moet niets van ons hebben, wij zullen maar doen alsof hij niet bestaat.” Deze straf is een van de meest eervolle onderscheidingen die een schrijver zich kan verwerven’. (Hella Haasse, Zelfportret als legkaart, bls. 154.)
Myn wiif en ik hawwe yn oarlochstiid bisocht om, yn de mande mei fabrikanten, eksporteurs en forsetsstriders, in fichesbak fol Ljouwerters oan mear iten to helpen as de Dútskers har ta hawwe woene. Dat wurk wie net bilangryk en net gefaerlik, mar dêr giet it net om. It giet der om, dat de lju, dy't wy bisochten to helpen, Roomsk en Protestantsk, Baptist en Herfoarme, liberael, soasialist en kommunist wiene. It fjûrwurk fan de bifrijing wie lykwols jit net kâld, doe't in griffermeard man, dy't sûnder protest fan it forsetsiten meipluze hie, protestearre tsjin it feit, dat minsken as ik, dy't net ien-twa-trije ré stiene om Soekarno op to heljen, kampongs del to baernen en sa fuort hinne, frij op 'e dyk rinne koene. Moast men gûle of laitsje? Men moast jin der ûnder deljaen, deljaen ûnder it feit, dat men, lykas de NSB-ers foar '45, ‘niet een goede Nederlander’ wie. Ik hie in freon. Hy wie Roomsk en hy is to Drachten deasketten. Wy hawwe altiten goede freonen west, mar in oare Roomske freon sei nei de bifrijing tsjin my, dat it goed wêze soe, as de Roomsken mei kaarten mear as 51 pst. fan it Nederlânske folk útmakken, omt dan û.o. my it skriuwen forbean wurde koe. Myn rhetoaryske frage oer