| |
| |
| |
E.B. Folkertsma:
Krante en kultuer yn Fryslan.
Under krante bigryp ik yn dit stik it deiblêd en it ienris, twaris of trijeris wyks utkommend wykblêd, yn 'e regel streekblêd, dy't it sij allerearst it sij tagelyk ek op allerlei gebiet nijs trochdogge. En sûnder dat der nou sprake wêze kin fan in oare funksje, meije wy dochs sizze, dat hja hjir yn Fryslân yn it folkslibben greater en ynmoediger sté hawwe as miskien wol earne oars en yn alle gefallen as oer hiele Nederlân mei syn saneamd ‘landelijke’ blêdden. Foar hûnderten of sels tûzenen Friezen is har krante mocht it noch net wêze freon, dan dochs goede maet. Hja fiele der har net allinne saeklik of forstanlik, mar ek gemoedlik mei forboun.
Foar in diel moat de forklearring dêrfan socht wurde yn it Fryske aerd, dat graech wenne wol en meidertiid sterk went, de trou fan 'e tradysje ken, en gâns earbied hat foar skrift en yntellekt. Mar it sit ek mei oan 'e lytse ierdrykskundige en idéële forkearsdistânsje, dat wol sizze oan de neije kunde. Dat hâldt sels, it hâldt net to min yn it persoanlike. De krante is foar de Fries mar komselden in mynhear. Hy ken Fedde Schurer, Hindrik Algra, Jan Piebenga, Piter Wybenga, krektlyk as er eartiids Hepkema en Hof koe. Hy ken har net allinne, miskien allerearst net ienris út 'e krante, mar ek der bûten om: út sprekkerij op allerhanne gearkomsten, fan kursussen, fan wykeinen, út 'e Fryske Biweging, op tsjerklik gebiet, hoe dan ek. Dy bân troch persoanlike kunde yn maetskiplike, politike of idéëelkulturele formiddens, dy't hja mei it folk ien en mien hawwe: har plak en biweging dus yn it folkslibben, it docht gâns mear ta de posysje fan ús blêdden as mannichien yn 'e rekken hat. En dat hâldt by redakteurs en journalisten net op; ek oer útjowers en printers kin dy bân rinne. Hoefolle lêzers fan 'e Drachtster krante kenne Laverman en syn saek net? Foar de lêzers fan it Frysk Deiblêd wie de Motor to Snits yndertiid in bitroude klank, ja suver in bigryp. Folksbineamingen as de Hepkema, de Jong's krante, Eisma's krante - Noard Frysk Advertinsjeblêd - sprieken en sprekke ditoangeande dúdlikernôch. En sels de ynfloed fan lju as Jonkman en Sytsma, mei har geregeld kontakt
| |
| |
mei aginten en korrespondinten hiele Fryslân oer, moat foar de goodwill fan 'e krante net ûnderskat wurde.
Hwat yn 'e twade pleats de ynhâld fan ús blêdden oanbilanget, bine dy rubriken de greate mannichte fan it folk it sterkst, dy't út in yntellektuëel each it primityfst binne. Foar it neist sille der gjin rubriken mear, trouwer en mei greater stúdzje neigien wurde as dy fan 'e famyljeadvertinsjes en de boargerlike stân. It is wer de persoanlike kunde, dy't de Fries dêr hinne lûkt en dy't hy der yn siket; en yn 'e biheinde streek en it lytse Fryslân ken er hiel hwat lju min of mear persoanlik. It familiale gefoel fan 'e Friezen - mear famylje en stam as folk - kriget der syn gerak. Allyksa moatte fuort neamd wurde de saeklike advertinsjes, en dêrûnder net it lêst de lytse. Dy wurde troch withoefolle lêzers goed neigien, ja troch gâns in party suver bistudearre en bipraet. Net allinnich om der mooglik gading oan to meitsjen, op to skriuwen, efter oan to gean, net allinne mei't hja forskate advertearders, it sij saken it sij persoanen, kenne of út in sucht om to rieden hwa't har efter biskate korrespondinsjenûmers forskûlje; mar ek, mei't dat bûnte libben fan keap en forkeap, hier en forhier, fraech en oanbod yn it stik fan alle mooglike waer, fan útforkeapen, formindere priisoanbiedingen, boelguodden, fan oanbod fan en fraech om feinten, arbeiders, fammen, húshâldsters, ûnderwizers, kunde, forkearing en houlik de wrâld en it byld fan har deistige bilangstelling is.
Hwat de greate mannichte fan it folk ek tige neigiet, is it dramatyske nijs. Net sa lyk, lang net yn 'e earste pleats dat fan 'e atoombom, of it moat al op barsten stean yn 'e wrâld, né, binammen dat fan oanridingen, ûngelokken, ûntspoaringen, brân, fordrinkingen, ynbraken, fortsjusteringen, fjochterij, oantaestingen, en al hwat mar mear de kant fan Jan Greshoffs ‘sappige moord’ út leit. En dan foaral tichteby bard, yn alle gefallen leafst binnen de Fryske grinzen. Fansels ûntkomme in bernemoard to Rotterdam, in Dútske Blauburd en in fjildslach tusken gangsters en polysjes yn Amearika ús Friezen ek net; mar hwat der him ôfspile hat ûnder Wytmarsum, to Gietsjerk of yn Peazens, dat konkretisearje hja harren noch altyd effen skerper. Hawwe hja dêr al net ris west? Sit der noch gjin kunde? Is der yn dy oarde noch gjin famylje to birekkenjen? Sok nijs sa tichteby wei, it wurdt harren skrikliker, of minskliker en tagelyk goddeleazer. Hja kinne it sawol mei- en neibilibje
| |
| |
as der rjochter oer sitte. Hja krije der suver diel oan, it diel fan 'e bilangstellende taskôger of dat fan it sij it feilich objekt: it slachtoffer, it sij it frijbliuwend subjekt: de dieder. Mei oare wurden, hja lêze soks yn literaire forbylding. It is harren feuilleton en literatuer. Dêr't nimmen út opmeitsje moat, dat de krante net foar sketsen, koarte forhalen en in feuilleton yn har foarm hoecht to soargjen. Hwant ek dy wurde drok lêzen, as hja tominsten spannend binne. En binne hja dat, dan kinne hjà troch de macht fan 'e skriuwers wol fierôf, oeral to wrâld spylje.
Alhoewol, faek hearre dy sketsen en koarte forhalen yn ús dei- en streekblêdden mar amper ta de literaire lektuer. Faek is it einliken hwat dramatysk forklaeide geakunde, folklore of pleatslike skiednis. Mar achtsje it likegoed net to licht, yntellektuële lêzer! Dêrom krekt bistiet der yn Fryslân wiidút bilangstelling foar, dyselde dy tûzenen Friezen hawwe foar de natûr en de histoarje fan it harren hieme gea. It is dan ek allesbihalven tafallich, dat ús deiblêdden, hwerfan't ik hjir by namme neame wol de Ljouwerter en de Hepkema, mar ek forskate streekblêdden, lyk as de Kollumer, de Burgumer, de Frjentsjerter, de Balkster, de Bildtske krante en de East Stellingwerver, sa foar en nei it Fryske folk suver in ûnútputlike stof oan geakunde, folkskunde en pleatslike skiednis biskikt hawwe en dêr noch altyd mei trochgeane. Dat fortsjintwurdiget en is mei alle tokoartkomming in great stik folkskultuer, seedlik sawol as maetskiplik en sels yntellektuëel fan rike wearde; it jowt de Fryske kranten foar gâns in diel in eigen karakter, en it bynt krante en folk net to min. En yn dat ramt passe en postuere ek de wyklikse forhalen yn ús parse moai aerdich, hoe binaud hja faek út in literair each wêze meije.
Mar nou binne wy dan oer de folkskultuer hinne tink oan 'e yntellektuële rubriken ta? Né, hwant wy moatte hwat frjemd hinne en wer springe, tominsten sa op it each. Der is nòch in rubryk, de skrik langer fan deiblêdredaksjes, dy't lykwols troch withoefolle lêzers drok en trou neigien wurdt. Ik bidoel dy fan it pleatslik nijs: tynge fan allerhanne meast lytse foarfallen, bisûnderheden, eigenaerdichheden, bjusterbaerlikheden - it keal mei de twa koppen! - ek wolris, en foaral forslaggen fan alle mooglike gearkomsten, jiergearkomsten, iepenbiere jounen, út- en opfieringen, folle net genôch út doarp en gea. Dy folje sa njonkelytsen in aerdich stik fan ús blêdden, ek al komme se fan need yn 'e
| |
| |
deiblêdden fakenfolle gâns forkoarte. Yn it foarbygean opmurken: dat is ien fan 'e dingen, dy't de streekblêdden sa'n sterke posysje bisoarge, troch't hja mei har biheinde krite sok nijs wiidweidiger opnimme kinne. Net fansels, dat it greate tal lêzers dy't dizze rubryk neigeane, dat hielendal dogge; it nijs fan eigen doarp en gea wurdt der út socht, foaral hwat de forslaggen oanbilanget, en it oare der op tanommen. Hwant wer binne it it lytse formidden en de neije, leafst persoanlike kunde, dy't de bilangstelling oproppe: de lju hawwe der smucht op, to witten, hwat der op har doarp, yn har foriening, ûnder har kunde bard is. Dêr libje hja yn mei en nei.
Mar hwat nou einlings it greatere nijs en de yntellktuële rubriken oangiet, de bilangstelling dêrfoar wurdt yn yntellektuële rounten ornaris oerskat, en soms frijhwat. By ûndersyk falt hja altyd wer ôf. Op 'e greate mannichte abonné's binne it mar in bihindich tal, dy't dat diel fan 'e krante-ynhâld lêze: net der flechtich oer of der rûch troch hinne geane, né it wier lêze. Fansels treft dat lot de iene soarte nijs of de iene rubryk mear as de oare. Forbjusterjend is it suver, hoe'n bytsje lju navenant bûtenlânske skôging en sels bûtenlânsk nijs neigeane, fierder as de koppen of op syn moaist yngeander as in hastige skaei troch de ynhâld; forbjusterjend trouwens allyksa, hoe'n earmoedich bytsje ierdrykskundige kennis en polityk bigryp der ûnder de mannichte bistiet fan lânnen, folken, ûntwikkelingen, forhâldingen. It moat al oarloch wêze of gleon oan oarloch ta, ear't de bilangstelling wider om har hinne grypt. Om in oare rubryk to neamen: reportaezjes hawwe ûnder de lêzers mear omtinken, mits of foaral as hja forslach en biskriuwing út eigen doarp, eigen kontrei, eigen Frysk folkslibben en Fryske folkskultuer leverje. Oer finânsiële en ekonomyske rubriken hoech ik net to praten. Better der foar wei komme op 'e mannichte fan 'e lêzers, tominsten yn godstsjinstige formiddens, tsjerklik nijs en tsjerklike skôging - al hat de skôging lang de gunst net fan it nijs: biroppen, twatallen, bitankjes, yntréën, ôfskieden, forstjerringen en biïerdigingen. Bioardielingen fan boeken en toanielstikken en krityske forslaggen fan op- en útfieringen fan toaniel, sang, muzyk, kabaret en douns, krektlyk as fan útstallingen fan byldzjende kunst, komme net folle fierder as moai lytse rounten mei kunde oan en bilangstelling
foar idéële kultuer. Dochs hawwe lektuer, literatuer en toaniel
| |
| |
yn dizzen in foarsprong, en ek moat hjir yn it bisûnder neamd wurde it meilibjen yn breder rounten lêzers mei hwat Fryslân sels opleveret, lyk as festivals, konkoursen, priissjongen, folksdounsûtfieringen, it Fryske boek, it Fryske toaniel, de Fryske revu. En hwat ta bislút it haedartikel oanbilanget, noch it tal lêzers derfan noch it bigryp hwermei't it lêzen wurdt kin fan fierrens sprekken lije. Wol stiet it der dêrmei nei wierskyn noch it gunstichst foar by blêdden, dy't in godstsjinstich of polityk moai homogene en bisibbe lêzersrounte hawwe, lyk as it Frysk Deiblêd, mar ek dêr hâldt it lang net oer.
Hjir moatte lykwols twa opmerkingen by. It navenant lytse tal wiere lêzers seit neat tsjin de wearde fan sokke rubriken en har ynhâld. Dy wearde bliuwt der om, allerearst foar it diel fan 'e folksmienskip mei yntellektuële en ynternasionale bilangstelling, kunde en skôging, mar ek ta in libbene, fruchtbere ynwurking fan folks- en yntellektuële kultuer opinoar. En yn 'e twade pleats, hwat better reporters, bioardielers, journalisten en redakteurs yn 'e folkstoan witte to skriuwen, hwat greater rounte fan bilangstellende lêzers hja oanhelje. Faeks hat nimmen safolle lêzers kennis en bigryp bybrocht fan ynternasionale polityk as yndertiid P. Brouwer, redakteur fan it Frysk Deiblêd, dy't wolris net frij fan in biwyske skoalmastereftichheit, mar yn alle gefallen tige opfiedkundich en populair, der ûnderrjocht yn joech, dërby ornaris bigjinnend mei in dúdlike útiensetting fan 'e lizzing fan it lân, dat yn it nijs en oan bar fan bihanneling wie. En hwat, op itselde mêd sawol as op oare terreinen, earst yn 'e Hepkema, dêrnei yn it Ljouwerter Nijsblêd, Hof prestearre hat, sa't hy yn 'e folkstrant wist to skriuwen en yn en út 'e geast fan it folk to skôgjen, it krige net allinne bilangstelling bûten it wenstige publyk foar soksoarte stof, mar makke it ek.
Hoefolle hat de krante - algemiene del- en streekblêdden dan - einliken mei kultuer út to stean? Hat hja der diel oan? Bringt hja der de lêzers fan by? Forskaten bitwivelje it. By harren giet de parse foar in forgeardersbak, dêr't mei it wetter ek de smoargens en it ûnrant fan it dak yn gearrinne, of noch ûngunstiger foar de greate rûchskerne, dêr't it ôfeart en ôffal fan 'e kultuer op smiten wurdt. En hwat kin de wierheit yn dy biskuldiging leagen hjitte? It falt de krante hwat langer hwat minder ta, to
| |
| |
suverjen hwat hja fan alle kanten oerstjalpend oanfierd kriget. En dochs, mei dat al is har earste opjefte: trochdwaen en meidieling fan nijs, in kulturele akte fan 'e greatste bitsjutting. Sûnder kennis fan nijs kin kultuer net ienris biweechlik bistean, yn alle gefallen sûnt de útfining fan skrift en printsjen net. Ja, de nijsgjirrichheit is ien fan har sterkste prikels, dy't har troch útwikseling yn biweging hâldt en oanset ta oanhâldende warberheit en skepping.
En kin de krante it helpe, dat der sadwaende langer gjin ein is fan nijs en kultuer? Nijs makket de honger geande, en de nijsgjirrichheit wurdt nea sêd. Kin de krante it helpe, dat de wrâld, de lytse sels, sa oerstjalpende ryk is oan kultuer fan 'e mannichfâldichste soarte en foarm, likefolle of't it yntellektuële oanbilanget, folksaerdige of dy't mar kwalik foarm hat? As dan ek noch de lêzersrounte in bûnt grienmmank is fan útinoarrinnende of sels stridige bilangen, smaken en bilangstellingen en in diel fan harren net allinnich ynljochting, mar boppedien ek foarljochting en forantwurding bigeart, hwat kin de krante oars as jow fan alles en noch hwat? Alhoewol, faeks hat hja dy oantrún net ienris nedich, faeks is har eigen driuw om sa'n follesidich mooglik byld fan wrâld en libben to jaen, al genôch. Sit der ek net hwat bikoarliks, hwat avontûrliks, hwat forliedliks yn, it bûnte, mids alle ellinde dochs prachtige skoutoaniel fan wrâld en libben op to fieren?
Mar dêrom krekt wankt de krante altyd it gefaer, dat hja meisleept wurdt fan 'e stream, dy't hjasels troch har kriget, oanhellet en sa goed mooglik bisiket to lieden. Mei alle bêste bidoelingen en forantwurde foarljochting moat hja har linkelytsen hwat langer hwat sterker to war stelle om earne sté en stân to hâlden en net in ûnkrityske lêzersmassa to foarmjen, hwaens bilangstelling mar ien kant útgiet: dy fan 'e populaire sensaesje.
Dat jildt ek foar Fryslân. It sil de lêzers fan dit stik miskien opfallen wêze en nij dien hawwe, dat ik by it neigean fan ûnderskate rubriken de bilangrike ôfdieling fan sport en spul oerslein haw. Mar is der ien dy't sa klear wiist hwatfor wei it út wankt? Oan 'e iene kant lêze tûzenen de forslaggen, biskriuwingen, forhalen fan 'e tradisionele folkssportkrigen: hurdriderijen, keatspartijen en hurdsilerijen mei ynlike bilangstelling. Dêrnêst lykwols nimt ek yn 'e kranten, fûl meilibjen mei eveneminten fan moderne sporten hurd ta, en foaral de fuotbalkrigen, spile yn
| |
| |
Fryslân, yn Nederlân, oer de wrald sels, binne it, dy't mear as hwat oars ek de greate lêzersrounte hertstochtlik lûke. En hwat hast noch slimmer is: it idioom dêr't hja yn ‘forslein’ wurde of leaver forslagge, wurdt der al pikanter, piperiger en barbaersker op, hwat fan 'e weromstuit sels de tael fan 'e tradisionele sportforslaggen bigjint oan to taesten. Mar oare forskynsels sprekke like dúdlik. Hwa't bygelyks de sintralisaesje en uniformisaesje langer fan de nijsfoarsjenning troch nijsburo's, parse-agintskippen, foarljochtingstsjinsten, ensfh., de greate flecht fan it folk hjoed de dei op yllustrearre wykblêdden mei sensasionele reportaezjes en forhalen, hwer to wrâld ek wei swile, de stream fan populaire, suver foarmleaze forstruijing, dy't via de radio yn tûzenen en tûzenen húshâldingen rint en de bioskoopprogramma's neigiet, dy wit hwat der to rêdden is en komt.
Allergeloks hat de Fryske parse hâld, kin dat alteast hawwe. Wol ûntkomt ek hja net yn alles oan 'e geast en de smaek fan 'e tiid, mar wylst safolle greate blêdden yn ûnderskate lannen, oan guon yn Nederlân ta, har slim dy kant oer driuwe litte, hawwe hja kear en hâld oan it eigen fan it familiale formidden, it biheinde forbân, de lytse folksmienskip. Of seit dat to min? Al is der gjin reden ta opsprekken en noch minder ta noflike gerêstheit, seit it mei dat al to min, dat ús blêdden nou al tiden it folk safolle kennis bybrocht hawwe en altyd troch bybringe fan syn geakunde, folkslibben en histoarje? It binne bydragen dy't lêzen wurde, safolle net as advertinsjes, famyljebirjochten en sportforslaggen, mar mear, foar it neist gâns mear as bûtenlânske skôgingen en haedartikels. En seit it to min, dat ús deiblêdden en sommige fan ús streekblêdden Fryske skriuwers en kritisi, mannen as Tsjibbe Gearts, Gerben Postma, Wielsma, Brolsma. Hof, Kalma, Fedde Schurer plak jown en har yn steat steld hawwe ta publikaesje fan literair en literair-kritysk wurk? It wie en is in aktyf diel yn 'e eigen kultuerfoarming.
In Fryske parse dy't mei Fryslân takin, bigeart gjinien. Hja is in ûnmooglikheit, en sels in ûngaedlikheit. Mar dat wol noch net sizze, dat ús blêdden de hiele wrâld mei ham en gram hawwe oer to nimmen. Hjoed de dei moat de fraech steld wurde, hwatfoar wrâld dat is. It liket wûnder breed, sa ynternasionael mooglik to tinken, oan wrâlds uterste einen ta, mar kin dat langer noch mei bihâld fan
| |
| |
karakter, sté en eigen mienskip? Helje wy mei de tsjintwurdige wrâld faeks ek ris net folle oars as de massa oer Fryslân, in massa dy't it ûntfoarmje en ûntwêzenje sil? Moat fan need al hwat Fryslân is, ek syn parse, it net mear as ea yn in wize biheining sykje, dy't eigen forarbeiding mooglik makket? Dat is gjin lichte saek, binammen net foar de krante, mar wy komme hwat langer hwat tichter foar in ûnûntkombere kar: dy tusken de foarmleasheit fan it greate, wiidfiemjende en it karakter fan it lytse. En lichtwol is biheining, forarbeiding en oaneigening allinne net ienris mear mooglik, mar moat it dêrnêst hwat langer hwat mear ta opposysje komme. Opposysje fan it ûnmachtige tsjin it machtige, fan it nederige tsjin it hege, fan it ienfâldige tsjin it blinkende, dy't dêrom greatheit yn karakter en moed easket en in folkslibben forneare kin, mear biskaet troch sede en ethos as troch yntellektualiteit en skientme.
|
|