De Tsjerne. Jaargang 10
(1955)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 75]
| |||||||
Freark Dam:
|
1. | Alle joden, die niet onverwijld gevolg geven aan een tot hen gerichte oproep voor de arbeidsverruiming in Duitsland of Polen, worden gevangen genomen en naar het concentratiekamp gebracht. |
2. | Alle joden, die geen jodenster dragen, zullen naar het concentratiekamp worden gebracht. |
3. | Alle joden, die zonder toestemming der autoriteiten van woonplaats of woning veranderen - ook indien zij dit slechts tijdelijk doen - worden naar het concentratiekamp gebracht.’ |
Fjirde tafriel:
Moat it dan dochs wêze, Blok? Gjin birjocht kommen fan de boargemaster, dat Jo frijsteld binne? Jo ha dochs in húshâlding; dit kin dochs samar net, jou saek....
De frou is sa oerstjûr, Bakker, en it lyts fanke, Lea, dy is siik. Asthma, al in hiel skoft. Dy soe sa'n ein nea reizgje kinne. Mar in gelok, hwant as Lea nou net siik west hie, kiene de frou en sy nou daliks meimoatten. Nou hoege se net earder as Lea moat hielendal opknapt wêze; dan meije se my efternei. Mar dokter sil wol goed op har passe. Goed op har passe, bigripe jo Bakker?
Och, faeks is it yntiid wol ôfroun. It is nou al twa jier oan 'e gong, soks kin dochs mar net yn der ivichheit trochgean, sa'n oarloch. Dat hâldt ienkear op, dan ha se har nocht, moatte jo mar rekkenje, Blok. Hitler kriget ommers fan alle kanten op 'e kop. Nou wer yn Ruslân! Dat soe earst sa hurd wêze mei ús maet, mar dat wie homar! As je de kranten goed lêze, Blok! It giet goed man, it giet bêst! It giet pûrbêst!
??? Ja, ja...
Nou ja, jo bigripe my wol, ik wol mar sizze....
Tocht jo dat, Bakker? Tocht jo dat wier, Bakker, soe dat sa wêze? Och, in skoft lang fuort, dat is it slimste net. Ik bin noch jong, nou, en sterk. Lit my dan ris in set arbeidzje yn Poalen, yn in great wurkkamp, sizze se. Jo moatte sa mar rekkenje, wy Joaden binne wol hwat lijen wend, wy strûpe der daliks net ûnder. In manljuskamp is der en in frouljuskamp. Hurd arbeidzje, skriuwe se. Mar se sille ús as minsken bihannelje
Datselde tink ik ek Blok, ja.... It is al slimmernôch, dat se jim sá bihannelje. Wy sille jim misse. Hoe lang ha hjir al gjin Joaden wenne dy't Blok
hieten? Blok de slachter, Blok de foddeman, Izak Blok de lapkeman, dat wie jou pake. Dêr kocht ús mem al skeldoek fan. Jim Heit, Mozes Blok, ha 'k fan ús heit in soad forhalen fan heard. Us Heit en jim Heit wiene sahwat fan deselde jierren en in soad meielkoar op en út. As er yn 'e winkel kaem - it wiene doe fan dy foege baeskes - dan sei âlde Izak, jim pake, altyd mei sa'n swart kalotsje op, as se ris hwat spul hiene: ‘Tink egom Jehannes, it is in Joad, hy bimiticht dy.... Hy brijke sahwat, âlde Izak Blok, sil 'k mar sizze, hy koe de ‘r’ net sizze - oars in bêste man.... Saterdeis wie de winkel altyd ticht, dan setten se meielkoar nei de Gerdykster sjoel, stiif yn 't swart lekken, altyd deselden....
Ja, dat die Heit ek noch, fêsthâlde oan de Sjabbas en sa.... It is allegear wol slim foroare, hast al ús famylje sit nou yn Amsterdam. Mar de lêste tiid hearre wy neat en ik fiel my hjir net mear thús, Bakker, ik bin leau 'k net earder rêstich as dat Sara en Lea aenst ek by my binne, yn Poalen. Lea, dat is noch it slimst Bakker. Sa sterk is se net. Mar fleurich wol, oan 't lêste ta. Se moast alles sjen hwat ik yn dit ding pakte, yn dizze rêchsek. Brea foar trije dagen, leppel en foarke, sterke wurkskuon, it sil dêr allegearre wol krap wêze. Heity moast har gau in kaert skriuwe, sei se, út Poalen wei. It stumper hat noch nea yn 'e trein sitten...
Dat moatte jo altyd dwaen, Blok, in kaert skriuwe. En as jo forlet ha fan 't ien of oare - jo oppenearje jo mar! Salang as wy hjir yn Fryslân noch goed moal bakke - en jou frou sil jo dochs wol pakjes stjûre meije?
Tink leaver om Sara en Lea, Bakker. Se bliuwe sa allinne efter, yn Poalen binne wy meiïnoar. Hâld in eachje mei yn 't seil, as jo wolle en tink der foaral om, Lea moat earst hielendal wer better wêze. Sara is soms gleonhastich. Der sille yn Poalen ek wol dokters wêze, seit se. Dat sil 't ek wol, mar sa'n reis yn in trein allinne al foar sa'n bern.... Ik sil harren daliks skriuwe, dan witte se hoe en hwat. En dan hearre Jo mar ris oan. Mar nou moat ik sjen dat ik oan 't stasion kom. Wy moatte joun foar acht ûre yn Vught....
Leo, Leo, dou moatst
avensearje. Tink derom hwat se skreaun ha: hwa't net presiis op tiid is! Lea sil wol gau opknappe, ju. Astou to plak bist komme wy ek wol sa gau mooglik. En hjir
Nou moatst dy ôfjaen, jonge, hèn. Wy komme wol, wy komme wol, hear. Tink derom datst jouns altyd droege sokken oandochst.... Toe, wiuw noch in kear foar Lea, ik ha 't bedtsje foar 't finster skoud....
Hjir Blok, noch in lekkere fine koeke mei eh.... op reis.... sil 'k mar sizze. - Kin er der noch by yn? Sûnder bon, hear!
Dáách, dáách, Lea, dáách Sara. Sara de kop der foar hâlde. En net earder komme as Lea moat hielendal wer better wêze.
Wy komme sa gau as 't kin!
Wy sille goed op harren passe, Blok, hear!
Fyfte tafriel:
‘Lytse Lea Blok krige gjin kaert fan har heit út Poalen. It hat net lang duorre, dat sei de bakker niis al. Leo Blok hat in wike yn Vught west en doe gie er oer Westerbork nei Auschwitz. Dêr woerd er, mei hûnderten oaren, kealknipt en slein, foaral slein. Krekt salang oant de Joaden mei kneppels tsjin it stikeltrie opjage waerden. Mar dat trie stie ûnder stream, hja bleauwen der daliks dea oan hingjen.
Lea Blok krige gjin kaert fan har Heit. Net iens in stam-
kaert mocht se hâlde. Har asthma wie noch lang net oer, doe moast se mei Mem ek nei Poalen. Nei Heit ta, seine se. Hwat frjemd dat er nea skreaun hat.... Se hiene beide de rêchsek al ynpakt klearstean. Mei in pear yn elkoar rôlle tekkens en net to forjitten Lea har moaiste poppe, dy moast mei, sei se. De bakker lykwols sei, dat dit dochs to fier gong.... Hwa wit, sei er, hwat jimme boppe de holle hinget. Se moasten mar by him komme, sei er, salang soe it nou wol net mear duorje mei de oarloch. Dat sadwaende binne Sara Blok en lytse Lea al goed fjouwer wike by de bakker. Underdûkt, sizze se dêrtsjin. Op in nacht binne se kommen, hast net ien wit it. Noch net, tominsten. Wy sille dwaen hwat wy kinne, sei Bakker, mei minder kin 't yn dizze tiid net ta, sei er.’
Sechde tafriel:
Joun, Bakker!
Ek joun, hearen. Wel stom! Plysjes oan 'e doar hie 'k tocht! Ris sjen oft der ek to lang arbeide wurdt yn 'e bakkerij? Nou, dêr is gjin kâns op, langer. Wy wurde by de tomme heind, sa fier is 't hinne. Foaral nou't it sa bêst giet oan it front. En dan dy forflokte bonneboel - dy foedselslach, dat bitsjut my hwat, hearen!
It sil dochs wol ris ienkear wer oan 'e witebôlle ta komme, net?
Nou, dat sil him oan jim net lizze, wol?
Hoe dat sa, hoe bidoele jo dat?
Krekt sa't ik it siz - jimme woene dochs leafst ek dat Hitler...
Krekt sa't jo sizze, Bakker. Mar ja, wy moatte ús plicht dwaen fansels.
En dy plicht hâldt yn, dat jim jouns nei achten, as nimmen mear op 'e dyk mei, de bakkerijen ôfsneupe
en jin de deaskrik op 'e lea jeije? Of.... eh.... moat it boekje ôftekene wurde?
Nou, àlle bakkerijen....
??? Hoe woene jo sizze?
Jo ha dochs gjin kwea gewisse, wol?
Myn gewisse is sa suver as hwat, sa suver as hwat, myn goeije man. Hwat wie jim boadskip, opper?
Nou ja, sjoch, Bakker, wy woene hjir wol even telefonearje mei it bureau.
?? Dat moat altyd wêze opper, soe 'k sizze - ja, dy telefoan is sa'n genot. Skilje mar raek - as it tominsten gjin forkeard boadskip is. Myn fortsjustering wie dochs wol ynoarder?
Siz, de Boer, wolle jo efkes bûtendoar sjen, goed sjen, oft de fortsjustering fan de bakker ynoarder is? Goed alles opnimme, dakfinsters en harkenieltsjes en sa, hèn? Jo witte hoe't de foarskriften binne. En sjoch tagelyk de buorren noch ris goed nei. As de Dútskers komme foar kontrôlle, krije wy it fansels wer op 'e kop....
Komt klear, opper. Mar ik ha der niis ek al goed om tocht, oars....
Ja dat sil 't wol, mar men wit nea, hjir op sa'n efterôf doarp....
Is dat jou maet, opper? In nijenien, net?
Ja Bakker, in nijenien, in hiele nijenien, ien fan it nije ljocht sa to sizzen. It nije ljocht, dat net tofolle útskine mei - bigripe jo wol Bakker....?
O, just jawol.... Nou siz op, opper, hwat wie de swierrichheit, hwat woene jo bitelefonearje?
It is eins hwat in biroerd gefal Bakker, om mar planút to praten. Dat kin nou even, sille wy mar rekkenje.
Ja, om my wol hear, ik ha gjin nije plysjes of sok folk yn 'e kost of dit of dat....
Se ha ús út 'e stêd wei nou al trijekear nei dy Joaden hjir tastjûrd - nea witten trouwens, dat der yn sa'n efterôfgat ek noch Joaden sieten.
Mar ien húshâlding mear, opper, Leo Blok en dy. En.... nou gjin ien mear.
Né, dat ha 'k yn 'e rekken. De doar sit op 't slot en de blinen foar de finsters. En de buorlju witte fan neat, dat ha wy nou al trijekear heard. It is my bêst
fansels Bakker, ik hoopje dat se in goed plak krige ha, mar hjir komt gedonder fan, hèn - it hiele hûs sil yn elts gefal wol leechhelle wurde. En de moffen komme der sels mei de oerfalwein efteroan, dêr stean ik jo boarch foar. Biroerde boel - yn elk gefal, ik moat nou joun ynstruksjes freegje oan de sjef. Dêrom woe ik hjir efkes skilje...
Ja, dat wiif hie al lang fuort wêze moatten fansels, allang!
Hoe dat sa, plysje, hoe dat sa?
Hoe dat sa, hoe dat sa? Dat witte jo dochs likegoed as ik Bakker, dat de Joaden hjirwei moatte - dat is nou ienris foarskrift.
Soa, tsjonge, is dat foarskrift....
Alles ynoarder mei de fortsjustering, De Boer?
Alles ynoarder opper, ik hie it niis wol goed op nommen, dat sei ik ommers al
Ik hie hoop hawn dat wy se joun snappe kind hiene, dy rotjoaden...
En frou Blok wie wer net thús?
Ik sil nou daliks skilje om ynstruksjes. Wy sille de doar wol ynwâdzje moatte....
Fansels!
Mar dat doch ík nou ienris leaver net sûnder foarskrift.... Der wie ek noch in famke, seine jo, Bakker?
Ja lytse Lea, dy is....
Hwat ìs dy??
Hwat dy is wit ik fansels net - mar se wie siik, okkerwyks. Dêrom mochten se earst noch hwat langer thúsbliuwe, sjoch. Mar ik ha se nou al yn gjin tiden fornommen, yn gjin tiden. Elkenien tinkt hjir dat se al lang ôfreizge binne - hwat soene dy stumpers oars....
Ja, dêr ha dy rotjoaden de slach wol fan, hen, om de saek to bimiterjen. Dan binne se siik en dan dit en dan dat....
Soene jo éven stil wêze kinne, De Boer, as ik mei de sjef praet? Ik forstean der sa neat fan....
forsearje? Jawól, ynspekteur. En dan forsegelje, alles - dan komme se moarn of oaremoarn wol. Jawis, it hûs sil wol leechhelle wurde moatte. Dus dan hoege wy ús joun net fierder drok to meitsjen, ynspekteur? Ta jou tsjinst, ynspekteur. Ja, it is hjir allegear rêstich, ynspekteur. Se moatte allang ôfreizge wêze. Hwerhinne? Né, dat witte se hjir ek net, ynspekteur. Goejoun ynspekteur.
Sa, dat is dat!
Mar hwer sitte dy Joadinne en dat Joadebern! Se moatte hjir earne yn 'e omkriten sitte, dat kin net oars. Wy moatte se dochs fange, opper, earder binne wy net klear!
Sille wy it fangen mar net oan oaren oerlitte, dy't der de slach fan ha? Ik folgje myn foarskriften, hèn, De Boer? En eh.... wolle jo nou wol daliks nei dat hûs fan Blok gean en dêr wachthâlde? Ik kom fuort, noch even rekkenje mei de bakker, en even nei hûs skilje, dat it joun hwat letter wurdt. Geane jo nou mar - der mocht yntiid ris hwat barre yn in leech hûs. Mar tink derom, der net allinne yn op - wachtsje oant ik kom, hèn?!
Né, opper!
Dat tocht ik ek. Jo witte net hwer't se sitte. Bakker wol? Dy frou Blok en dat lyts famke - Lea hjitte se, seine jo net?
Né, opper, hoe soe ik dat witte?
Nou né, fansels net, mar 't koe ris wêze, nou? Jim hearre sa'n soad by de streek, net wier? En soe 't sa'n wûnder wêze as se hjir of dêr.... hwat witte wy der fan ôf hwat hjir op it plattelân allegear kin of net kin....
Ja opper, hjir kin in soad, in hiel soad, as 't moat, dat is sa....
Dat woe 'k mar sizze Bakker....
Ik woe mar sizze: mochten jo ris hwat sjen of hearre fan dy frou en dat famke, dy lytse Lea, warskôgje my dan, as jo wolle.
Jo warskôgje, de plysje warskôgje??
Dat sizze jo forkeard, Bakker. As jo my, my persoanlik, mar warskôgje, dan is 't wol goed, hèn? Faeks soe ik helpe kinne, hèn? It koe ris sa útkomme,
n't wier? Twa kinne mear as ien, foaral....
Foaral as se neat fan elkoar ôfwitte, bidoele jo? Bigrepen, opper - ik sil in eachje yn 't seil hâlde. As 't nedich is, warskôgje ik wol.
En ik warskôgje ek wol yntiids.... Dus dat is ôfpraet?
Ofpraet opper, de hân der op....
Mar nou moat ik dy nije knaep efternei - ik kom joun let noch efkes oan, Bakker. Faeks witte jo dingen dêr't dy frou Blok wearde op hat, berneklean foar dat famke of sa. Jo koene harren noch al goed, net? As 't forsegele is, komt der neat mear út. As jo al ris tael of teken fan harren hearden, sil 'k mar sizze....
Dêr prate wy dan aenst noch wol efkes oer - jo moatte jo nou earst ôfjaen en ik krij eins ek sin oan iten safier is 't hinne. Wy wiene joun hwat ryklik let, de hiele middei sutele en sa.... Hjir, noch in goeije segaer? Noch fan foar de oarloch, echte tabak.
Tanke. En.... jo witte it, hèn Bakker: as der warskôge wurde moat of help nedich is....
Ik wit it opper, dan kinne wy op jo rekkenje!
Sawnde tafriel:
Kinne wy fierder ite?
Ik ha alles skoattele. Dy opper, dy is goed, dy ken ik fan froeger. Hy sil joun let noch werom komme. Dy man kinne wy op rekkenje, frou Blok, hat er sein.
Ha jo it him dan forteld?
Né, fansels, ik ha neat sein - en hy hat ek neat sein, mar yn dizze tiid bigrypt men mei in heal wurd hwat men oan elkaar hat. Se sille nou aenst earst jimme hûs forsegelje....
Och heare, se helje alles leech!
Ik wol nei ús Heit. Mem, hwer is ús Heit, hwer is ús Heit....?!
Se helje alles net leech, frou Blok. Ik ha mei de opper praet. Dy komt aenst noch even oan, sei 'k niis ommers al. Hy moat jim net sjen fansels - mar
lit dat mar oan my oer.
Wie Leo hjir mar.
Wiene wy mar by Heit!
De oarloch kin net lang mear duorje, frou Blok, jo moatte moed hâlde. Jou man is noch jong en sterk, se sille him wol as minske bihannelje - en ik wit net, frou Blok, mar eh.... jo meije dochs bidde dat eh.... God rêdding jowt, dat mei 'k tsjin jo dochs wol sizze, hèn?
Sille wy lêze? Frou Blok fynt it net slim? Wy binne dat sa wend, mar yn dizze tiid wurdt it wer mear as in gewoante....
Stil Lea, harkje leave - gean jou gong, Bakker.... Wy binne Joaden, mar dit mei wol.... wy sille wol harkje, al diene wy allang nearne mear oan, nearne mear.
Wy ha der ek to min oan dien, en ek der to min nèffens dien, frou Blok....
‘Hja hawwe yn har hert sein: Lit ús har allegearre útroegje en hja hawwe al Gods synagogen yn it lân opbarnd. Us tekens sjogge wy net; profeten binne der net mear; en gjinien ûnder ús wit hoelang. Hoelang o God! sil de tsjinstanner húnje? Sil de fijân altyd troch jins namme lasterje? Hwerom lûke Jo Jins Hân tobek? O lûk Jins rjochterhân út it binnenste fan Jins boezem, meitsje der in ein oan.
Jo hawwe my ûnder yn 'e kûle lein, yn tsjusternissen, yn djipten. Jins grime leit op my, al jins weagen hawwe my slein. Myn kunde ha Jo fier fan my skaet, Jo hawwe my harren ta in ôfgriis makke; ik bin opsletten, ik kin der net út.
Myn each forkwynt fan ellinde; ik rop ta Jo, Heare, de hiele dei, ik stek myn hannen út ta Jo....’
‘Myn each forkwynt fan eilinde; ik rop ta Jo, Heare, de hiele dei, ik stek myn hannen út ta Jo....’
(Ein fan it sawnde tafriel.)
- voetnoot*)
- Fragminten út in tafrielespul ta bitinking fan de bifrijing, skreaun yn opdracht fan de Culturele Ried Opsterlân.