| |
| |
| |
B. Tuinstra:
Jittik en kamzelen.
Forhael fan Ealse.
Wy hiene nei in forfeelsume film, dy't yn 'e kranten wûndere bêst bisprutsen wie, noch in skoft yn 'e stêd omtoarke om ús argewaesje to fortraepjen, mar neigeraden de fuotten kâlder waerden yn it wiete waer, wiene de hollen hiter wurden; wy krigen suver spul. Net ienris oer dat healwize hipperige byldforhael en de forlerne joun - och, soks is jin ornaris wol ringen wer út 'e lea - mar oer it nijs yn it foarprogram.
- Parse en propaganda’, neamt Ealse it jimmer. En trochstrings seit er der by, de faeijens en ûnfetsoenlikens fan soks soe jin bybleaun wêze út 'e bisettingsjierren, dat men soe der winliken gjin each nei draeije moatte. Mar it ûnthâld fan de measte minsken rikt net sa fier. - En boppedat’, ornearre er, ‘dy fint mei dy tûfe en dy snor hat gâns apostels makke, mear as de lju sels foar it forstân hawwe.’
Wel - en dêr gyng it nou om! Ik wie hwat koart en sei, hy hie jimmer sok praet yn 'e romte dêr't er elkenien mei op it sear komme koe en hingje dan ek noch de ûnnoazele út as immen it op himsels bitriek en der oer rekke wie; en dan foelen de wurden him ek noch út 'e mûle oft it bibelteksten wiene. - Koartom, it soe omtrint op in tsieren gean om't der op it wite kleed hwat spul útjown wie oer de plannen oangeande de bitinking fan 'e bifrijing. Mar aldergeloks, Ealse houd him stil en sa stapten wy dêr dan op 'e lette joun troch de âlde stêd, noartich swijend, mei de noas yn 'e kraech fan 'e jas, en ûnder de lantearnen sahwat glûpsk fansiden gluorkjend hoe't de oare it winliken naem; it hat grif wol hwat op in film like.
It muoide my oars al, dat ik sa mei de hiele wâl tsjin him útfallen wie en ik tocht: hoe wol dit komme! Hwant Ealse kin wakkere stiif wêze en hy wie yn steat en siz my de hulde op om sa'n ding fan neat. Wier - ik wie al heal fan doel om bakseil to heljen, mar soks leit jin min, dat ik seach it noch mar efkes oan. En sa stoatskaefden wy fierder.
Mar doe't wy foar de doar fan syn kosthús stiene, foroare er ynienen - hy waerd suver praetsk, dat ik moast
| |
| |
mei yn 'e hûs om in kop kofje en in segaer en dan soed er my ris krekt fortelle hwerom as er sa mâl waerd, as it oer bisetting en bifrijing gyng. Hy soe wol wer mis wêze, lyk as sa faken, hy hie nou ienris in nuver sté yn 'e holle, dat wist er wol, en hy woe der al sa leaf net oer prate, mar as syn bêste maet net fielde hwer't de skoech knypte, dan moast er dochs ris fanwegen komme, om't dit hie djipper taest as men tinke koe.
Ja - sa gyng dat sahwat; hy waerd op it mankelike om 't ôf, dat my tocht, hy moast syn hert mar ris luchtsje. En boppedat - Ealse syn forhael soe sa goed ek noch wol wêze as dat fan dy joune út it dreamefebryk - it gyng op 't lêst foar itselde jild en ik hie dochs neat mear to forstriken. Sadwaende. -
- Dou witst' wol’, sei Ealse, nei't wy ús noflik om 'e kachel toplak skikt hiene en de rook fan gleone kofje en goede segaren ús om 'e noasters bigoun to driuwen, ‘dat it tige yn myn aerd leit om lûden, kleuren en roken, dy't ik op in stuit waernim, to forbinen mei foarfallen út it forline; yn myn ûnthâld komme dan ynienen dingen nei boppen, dêr't ik net oan tocht. Och, ik wit net krekt hoe't ik it neame moat, it is nea liker as dat de tillefoanlinen fan 'e sintugen hjir of dêr koartsluting meitsje. En ik leau, it slacht ek wolris werom op myn uteringen. Dou silste it wol healwiis achtsje, tink, mar it hat folle mear ynfloed op myn wêzen, as hja faeks miene. Sa'n waernimming bringt jin in sitewaesje yn 't sin, en neigeraden dy moai of mâl wie, taest it yn 't moed en krije de lûden en de kleuren en sa bitsjutting. As ik it wurd bifrijing hear, komt my in jittiklucht yn 'e noas en ik kin der neat oan dwaen, mar dan moat ik sûr praet útslaen - ik kin dat wurd net luchtsje. En witste hwer't soks fan komt? Net om' t ik net tankber bin foar dy bifrijing, en ek net om't ik, lyk as mannichien, ûntofreden wêze soe oer de gong fan saken neitiid. It is folle simpeler; dy deis fan 'e bifrijing, doe't alleman útlitten en bolbjirken dounse en sprong en song, siet ik op 'e stoel mei de skonk boppen in tobke mei jittik-en-wetter en koe ik om 't hurtsje mar farske omslaggen om dy pynlike poat wuolje. It stonk allegearre like sûr en ik siet mar to sûr-sjen, wylst de lju yn 't moaije waer omhoallefoallen.
Wis, it wie in bifrijing, en foar my binammen, om't hja hawwe my dy deis út 'e bak helle, dêr't ús eabele bisetters
| |
| |
oant de lêste ûre ta noch alle war dien hiene om my - neffens de letter - alle bonken stikken to bruijen; en ik bin der sa tankber foar as ien! Mar 't wie yndied in sûre bifrijing, hwant doe't ik, nei al it laitsjen en gûlen om't ik de sinne wer sjen mochte, ta myn sûpe en stút kaem, wie it earste dat ik fornaem dy forfúlde jittiklucht. En dy bleau my by, dy hiele reed lâns de bloeijende wegen; dy hong om my hinne, doe't myn maten my greatsk nei de keamer ta droegen, dêr't ik myn wichtich plak bisette moast; dy stank siet my yn 'e klean, dy stiigde op út myn papieren en formulieren, dy sloech elkenien tomjitte as er ta de doar ynkaem. Dêr siet ik dan - foar de goeden as byld fan 'e tramtaesjes dy't harren ek bidrige hiene, faeks wol as oanmoanning om mar ris goed regaed to hâlden ûnder it byinoarswile túch; en foar de forkearden as offer fan har forflokte freonen en faken as foarsizzing fan 'e forjilding. Ik kin dy eagen net wer kwyt wurde; dy eagen fan guods fan 'e goeden allikemin as dy fan 'e forkearden - hate en eangst lizze in nuvere gloede oer it antlit fan 'e minsken; dûmens en wredens, dommens en ûnforstân tekenje mear as men tinkt. Dêr siet ik dan, en ik seach mear as men miende; ik fornaem mear as de measten forwachten en winsken en ik koe net folle oers dwaen as forbiede en formoanje nei't de flaters makke wiene of de missetten bigien. Goed en tsjoed lizze ticht bymankoar; earbied foar de minske is faken fier to sykjen. Och, de lju wiene harsels net; hja koene gjin ûnderskie meitsje - hja oardielen yn eigen saek.
Ik hie by myn staf in fytsmakker, in man dy't net sa tige snoad wie en yn it deistige libben nimmen tonei komme soe, in mantsje sa goed as bôlle, mar yn it bitinken fan fyn ynleine fornederingen foun er syn wjergea net.
En der waerd my in pelysjeman op 'e lea stjûrd foar it forhearren, dy't yn syn eardere tsjinsttiid in model keardel útmakke hie, dêr't neat op to sizzen foel, mar by de Rexisten hied er doe net út 'e toan fallen! Ja - macht is in raer ding.
Der hat in fint foar my stien, dy hie de dea fan sawn jongkeardels op syn gewisse, in goare oanbringer, in fûle forrieder, en hy simpere as in bern en stonk as in murd, en ik haw him forachte, mar yn mysels biklage om't er sa'n bytsje keardel útmakke. Lykwol, ik haw syn eagen sjoen, doe't hja him weifierden en him ûnforhoeds it kâlde stiel fan it pistol yn 'e nekke setten. En ik wist net, hwa't ik it measte forachtsje en bikleije soe.
| |
| |
Der wiene ek oaren; oan wjerskanten, mar hja wiene minmachtich. Der wiene mannen, rjochtskepen keardels, dy't bisochten op earbere wize har plichten nei to kommen en minske to bliuwen en der wiene knapen, dy't der rjocht foar útkamen dat hja lid fan 'e klub wiene, dy't der foar stiene en dy't harsels net biklagen, ek net as hja rjocht ta kleijen hiene. Mar it measte part socht it yn lytse dingen, dêr't gâns persoanlik skeel, breaniid, lamliddigens en leffens mei anneks wiene.
Winliken wie der mar ien, dy't it hiele trelit goed taksearre en dat wie ek noch frijhwat in frjemdenien.
Mar dat wie al yn 't ôfgean fan 'e merk, nei't ik it stjonkende tobke ta de keamer útsoald hie en lynjend op in stôk troch it hûs strampelje koe; ik woe mar sizze - om earlik to bliuwen - de sûre lucht wie oplutsen.
Wel - it wie in boeresoan út 'e omkriten, in fint mei in helder forstân mar mei nuvere oanslaggen, dy't sa lang as it sahwat lije koe op 'e stúdzje gien hie en dy't gau syn nocht fan it ûnderdûken krige. It wie in nuvere bruijer, dy't yn earder tiden wakker de studint ûthinge hie en faken op 'e doarpssetten en pretten de boel yn ûnstjûr jage hie mei syn mâlbearderich praet en gedoch en fandatoangeande net op in al to bêste namme lei. De memmen warskôgen de dochters foar dy wyld, dy't rounom en altyd deun by de taep siet en rûch praet útsloech, dat, hy hie mar rom forskaet ûnder de fammen. En de heiten wisten foar in soantsje, dat ris oer 't string stapt wie, gjin greater skimp en skande as in forliking mei de fordoarnens fan 'e studint; en sadwaende hied er jimmer wol selskip foar in wyld aventûr omfierren.
As men it goed biseach, dan wie 't fansels inkeld mar in jonge blast, dy't it to bêst en to noflik hie en dy't him dêrom by nou en by dan ris tige tjirge en sadwaende op in kweanamme kaem. Fandatoangeande die it winliken nimmen nij, dat er op in dei nei it weeshús stiek en him oanjoech foar in baentsje by de Eastlân-buorkerij yn 'e Oekraïne. It wie fansels in griis, om't men hie him yn 'e ûndergrounske skoan brûke kind; fan polityk en sa hied er gjin grissel forstân, mar it aventûr loek him en yn it eigen gea wied er dochs forspuid. Né - ik wol neat goed prate - it wie der fier by troch, mar hy waerd forkeard lyk as oaren wol goed wurden binne; suver by tafal, it wie mar krekt hokker kant as hja omtearden. En fansels, immen dy't studearre, mocht
| |
| |
men fan forwachtsje, dat er syn forstân brûke soe as it gewisse him it paed net wiisde. It wie in wiffenien, dy't him mar al to maklik biflappe liet. Sadwaende is er yn it griene pakje sjoen en dêrmei stie foar it folk syn fonnis al fêst: it wie to winskjen, dat er dêrjinsen mar in bom op 'e bealch krige, of in kûgel troch de harsens, hwant oars moast men der hjir mei rêdde en dan rekke er de kop wol kwyt. Ja, ja - dat wie it praet fan froede lju!
Mar it bitearde oars.
Hwant al hie it gewisse him dan de goede wei net wiisd, hy krige yn Ruslân al ringen foar 't forstân, dat er dêr it heil net hoegde to forwachtsjen. En doe't de Russen sa forslein net wêze koene, of hja krongen nei it westen, bigoun er - lyk as er letter sei - de sitewaesje ris wittenskiplik to biskôgjen en syn konklúzjes to meitsjen. Koartsein, hy naeide út en liet it oan syn bazen oer om it liet fan it nije Europa oan 'e ein ta út to sjongen. Men moat soks net to licht achtsje - dêr hearde wol moed en oerliz ta en men moast goed lige kinne.
Mar hy rêdde it op en kaem yn Dútsklân tolânne, dêr't er nei in skoft fan swalkjen en hongerlijen yn in lyts hyngstespul bidarre. Hy makke avesemint, hwant hy wie redsum by fé en folk en it duorre net sa mâlle lang, of hy gie mei de spullebaes, in lijerige Tsjech, yn 'e kompe. En sa swurven hja mei har skeamele weinen en meagere gudzen it súdwesten yn, in hongertocht fan dagen en wiken, dy't mar in krappe fortsjinst opsmiet, dêr't de foeraezje foar minske en dier net ienris út bitelle wurde koe. It wie earmoed en lijen en har have forkaem linkenoan; mar hja teagen fierder, op 'e westgrins oan, yn 'e forhoping, dat de bifrijing einlings komme soe. Ja - sa siket elkenien by eintsjebislút dochs de frijdom op syn eigen manier.
Doe forstoar de âld spullebaes en de studint swalke mei in pear weinen, in stikmannich hynders en fjouwer kamielen fierder, Hoe't men soks neame moat, ik wit it net, mar it lok wierre him mei, hwant op in dei bidarre er samar tusken de Kanadezen. Hy hat syn kunsten foar harren fortoand en krige foer foar syn fé en in bitroude stâl, doe't hja fornamen, dat er syn talen spriek en in feardige tolk foar harren wie. Sa is er noch in wykmannich mei ús bifrijers optrutsen, oant hja gjin forlet mear fan him hiene en him, kreas forklaeid as Kanadees en mei in bûsfol bêste papieren, mei syn hynders en kamielen by syn âlden op 'e pleats brocht ha.
| |
| |
En doe hat de fytsmakker syn trekken noch thús krige. Dy wie fansels yn in omsjoch by my en frege fel, oft dat nou sa mar koe; nou, né fansels. Dat dy rekke mei syn ploech mei sten en pistol nei de pleats ta om it sirkus yn bislach to nimmen en de spullebaes sels fêst to setten.
It wie in moaije loop: de jongkeardel sei kâldwei, hy hie harren al forwachte en hy stelde út, hy soe sels it spul wol meifiere, om't kamielen wiene wûndere dingen, dêr koe men alles mei bilibje. Mar hy krige in stomp yn 'e rêch en in slach oer de snút, dat er him mar ketoen hâlde koe: hja hoegden fan him neat to learen. Nou, dy hynders, dat wie gau birêdden by boerefolk; dy hiene hja yn in omsjoch fan 'e stâl. Mar dy kamielen! Hast dy wolris goed bisjoen? Hja sjogge jin út 'e hichte wei oan, sa heechhertich as in rikemans widdou en hja hawwe gjin fetsoen. Om koart to gean, doe't de mannen der hwat tsjin oanhingen en helje dy dingen fan 'e stâl, doe soe de fytsmakker sels wol; hy wie op 't lêst de kommandant. Mar de kamielen hiene in goede krêbbe foun en it wie harren dêr skoan nei 't sin, dat hja swaeiden mei de lange halzen hinne en wer en op in stuit spuide ien de fytsmakker in kwits oer de klean, dat raer wie. Hy siet der ûnder! En elk moast wol laitsje, dat syn oansjen wie nei gychem.
En hja hawwe yn 'e stêd in âld wiif opfandelje moatten, dy't yn har jonkheit yn it hyngstespul west hie, om dy kamielen fan 'e pleats to heljen, hwant de studint woe der gjin han mear oan slaen.
- Ik skamje my om dy dingen’, sei er, ‘al kin ik it my skoan bigripe - hja hawwe echte soldaten sjoen!’
En hy reizge fleurich nei it kamp.
|
|