De Tsjerne. Jaargang 10
(1955)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 91]
| |
F.J. Bergstra:
| |
[pagina 92]
| |
saek fan de likwidaesje fan Joaden, kommunisten, Poalen en al soksoarte ‘Unterrasse’ neffens de théoryen fan it nasionaelsosialisme, likegoed ûnbigryplik hwerom't de slachtoffers ek noch mishandele, úthongere, opsetlik ynfektearre (dysentery, flektyphus), libben forbarnd en salang't hja noch koene forplichte wurde moasten ta ûnminsklik swier wurk. Binammen ta dat lêste jowt it utiliteitsmotyf: sa goedkeap mûglike wurkkrêften, gjin bifredigjende forklearring; op dat punt bringt Cohen ús ek net fierder, wy krije sels gjin foarstelling fan de wurkobjekten, lit stean fan har nuttichheit. Dat hâldt gjin krityk op it wurk fan Cohen yn; hy hat him mei sin bigrinzge ta inkelde foar him bilangrike aspekten en oare bûten biskôging litten. Ek de proeven op minsken binne foar de yn de Nederlânske of lit ús sizze West-Europeeske tinkwize opbrochte medikus ienfâldichwei ûnbigryplik. Cohen jowt ek hjiroer inkeld dy feiten dy't út de litteratuer bikend wurden binne en as folslein bitrouber biskôge wurde meije. Oan alles docht bliken dat de driuwende krêft efter dizze experiminten de net-medikus Himmler wie, dy't sels by forskate experiminten oanwêzich west hat. Men moat ris bisykje soks yn forgelykbere Nederlânske omstannichheden to ‘fortalen’, b.g. sa eat as in opdracht fan de minister fan justysje oan de tichthûsartsen om in pasjint of proefpersoan in bipaelde bihandeling al of net to jaen. By ús soe de lytste ynminging fan de amtlike ynstânsje yn dat hwat allinne de kompetinsje fan de medikus is, oanlieding jaen ta in stoarm fan protest. Dat in polityk orgaen rjochtlinen jaen soe foar in medyske fraechstelling, dat is foar ús op himsels al ûntinkber, lit stean in opdracht dy't sa tsjin alle therapeutyske en kurative prinsipes yngiet. Dizze viviseksjeproeven binne dan ek hast de meast wearzgjende feiten dy't Cohen biskriuwt, saeklik-sober en dêrtroch sa binearjend. Tige goed is ek syn biskriuwing fan de psychology fan de Häftling: hoe't de ynisiale réaksje derfan ôfhinget oft it slachtoffer troch eardere kennis fan saken der op de ien of oare manier op taret is hwat him to wachtsjen stiet of net. Yn it earste gefal in akute dépersonalisaesje, yn it twadde gefal in akute skrikréaksje dy't ta in heechst gefaerlike stupor liede koe. Opfallend is ek syn meidieling dat oanwêzichheit fan in fêste politike of religieuze libbensoertsjûging fakentiden in bislissende ynfloed hie op it formogen fan de Häftling om de kampforskrikkingen troch to stean. Ien fan | |
[pagina 93]
| |
de luguberste útwurkingen fan it kampsysteem is de morele desorganisaesje dy't de slachtoffers ûndergyngen; bihalven by in groep oertsjûge politike tsjinstanners fan it régime, dy't har arrestaesje as in ûnderskieding en in erkenning opfetten, wie der gjin sprake fan kameraetskip en inerlike lotsforbounens. De konsintrasionnair waerd op himsels weromsmiten en focht foar syn lêste bisit: it neakene bistean; net allinne tsjin syn boalen, mar ek tsjin syn meislachtoffers. It giet net oan in résumé to jaen fan alles hwat Cohen meidielt. Dit boek moat lêzen wurde, en it kin ek troch de netmedikus lêzen wurde, sûnder dat dat ôfbrek docht oan syn wittenskiplik karakter. Allinne op it lêste haedstik wol ik noch apart yngean. Cohen makket tige goed dúdlik, by it bisprekken fan de psychology fan de SS-er, dat men hjir oer it algemien net to meitsjen hat mei fan hûs út misdiedige yndividuën, mar mei in misdiedich super-ega, in Ueber-Ich dat troch jierrenlange opfieding yn militaristyske, extreem-nasionalistyske en antisemityske rjochting alle oriëntaesje op normale ethyske noarmen kwytrekke is. Yn tsjinstelling ta de kollektiviteit fan de finzenen, dy't er lyk as dy fan de SS ûnder it ljocht fan de massapsychology fan Freud bisjocht, is de SS wol in massa; de finzenen neamt er, omdat hja net in lieder hiene op hwa't hja har libidineuze affeksjes oerdroegen: in mannichte. By de SS wie it objekt fan de oerdracht de Führer. It Ueber-Ich fan de SS ôf to lieden út it Ueber-Ich fan Adolf Hitler, dy't troch tafallige persoanlike erfaringen dy't mei de Oedipus-situaesje gearhingje sa forwoeden anti-semyt en pathologysk nasionalistysk wurden wie is lykwols al to simpel. Op 't lêst is Hitler ek folle mear exponint as Urheber fan dizze hiele ‘verrückte’ geasteswrâld. Lit ús net forjitte dat al sûnt de Napoleontyske oarloggen de Prusyske jonge opbrocht is yn de oertsjûging dat der mar ien libbensforfolling is dy't der op oan komt: de dea op it slachfjild. En it antisemitisme is der al sûnt de dagen fan Abraham; it wie al yn de foarige ieu yn Dútsklân sa sterk dat der alhiel gjin nije útfiningen fan Hitler nedich wiene om dêr de jongerein fan in hiel folk efter to krijen. Foar myn gefoel forklearret it oedipus-kompleks fan Adolf Hitler heechstens in stikje fan it antisemitisme fan Hitler, mar ek al neat mear. En it is sels de frage oft dy forklearring wier is. Hwant al is der oer Hitler sa foar en nei al hiel hwat skreaun, dochs witte wy mar in hiel lyts | |
[pagina 94]
| |
bytsje fan syn inerlik krekt yn psychologyske sin. As it yndied mûglik wie om út de dingen dy't wy fan him witte ta krekt dizze kompleksen en ûnbiwuste impulsen to konkludearjen, dan wie dêrmei de deadsklok let oer de hiele psycho-analyse. Men soe Hitler analysearje moatte om dêr efter to kommen. Dit is eigenlik it iennichste punt fan krityk, dat ik op Cohen hawwe doar. Dat ek nei it lêzen fan syn boek de erfaringen fan de konsintraesjekampbiwenners ús inerlik frjemd bliuwe is net syn skuld. Hy seit sels, dat hwa't it net sels bilibbe hat, neat bigripe kin fan de geastestastân fan har dy't der troch kommen binne, en hy docht ek gjin war om it ús oanfiele to litten. Persoanlik fyn ik it ûntbrekken fan in minutieuze phaenomenologyske biskriuwing fan hwat de Häftling yn it kamp bilibbe in gemis. It hie wol gien bûten it kader fan de taek dy't de skriuwer him steld hie; hy ponearret inkelde kearen de stelling dat immen, dy't it sels net bilibbe hat him der gjin foarstelling fan meitsje kin. En dat fielt men sels ek as men it boek lêzen hat: men wit hiel hwat feiten, men bigrypt hiel hwat relaesjes, mar men sjocht se troch in dikke glêsplaet: gelokkich mar, oars wie dizze lektuer net troch to stean. Dat nimt net wei dat men dochs freget om in detaillearre biskriuwing fan hwat der yn de finzenen omgien is, b.g. ien dei fan moarns oant jouns. Gâns dingen, dêr't wy wolris fan heard en lêzen hawwe, dêr't wy fan witte dat hja ta de útsochte en fynst ynleine kwellingen fan it hiele sadistyske systeem hearden, wurde inkeld efkes neamd of oanstipt: de appèls mei de tellingen; it gefjocht en de oergunst om iten en itersark; it lizzen mei pûr frjemd yn itselde bêd. Men soe dit op de ien of oare manier meibilibje wolle, b.g. yn de trant fan in Odysseia à Ia Joyce. Mar men bigrypt ek dat dit in hast ûnmûglike eask is: in sa sensitive natuer dy't dat biskriuwe kin is ek wol sa asthenysk dat er him ûnmûglik langer as in pear wiken yn de hel steande hâlde kin. Cohen jowt dúdlik oan hokfoar reduksjes fan de komplete minsklikheit nedich wiene om jin sa op it iennichste eindnel: it yn libben bliuwen yn to stellen. Allinne de tige sterken koene de dêrta nedige forskoatteling fan har inerlik folbringe. It tragyske is lykwols: foar har dy't der trochkommen binne, bistjut dat alles yn fierwei de measte gefallen gjin inkelde winst. En men freget jin ôf;: wie dy geastlike forneatiging, dy't dan dochs oerbliuwt ek yn dy gefallen dêr't | |
[pagina 95]
| |
de materiële forneatiging om de ien of oare reden weibleaun is, ek opsetsin? Sit efter dit divelske raffinemint fan it sadistyske systeem ek noch sa eat as wittenskiplike birekkening, sadat men wist hwat men birikke soe? Dat is faeks noch it meast binearjende riedling fan it hiele kompleks en it rikt fier út boppe de bitsjutting fan de SS, dy't op 't lêst wer histoarje wurden is. Hoe stiet it mei de Russyske folterkeamers, hwat bart der yn China, en hwat bart der sa ticht by hûs, yn Amearika? Fansels leit it net op de wei fan Cohen, dizze fragen to bisprekken, mar syn boek ropt se op.
Ljouwert, April 1955. |
|