Krityk yn 't koart.
Folkskunst of tokoart oan styl?
Yn in bitinkingsútjefte as dizze jowt it grif pas en siz ek in wurdmannich oer de klokken dy't Fryslân nei de oarloch der by krigen hat: forfangers almeast fan de eardere, dy't de bisetter gründlig neffens it a-bie rubrisearre nei de smeltounen fan syn wapenfabriken sleept hat. Der sit ntl. oan dy nije klokken ek in ‘litteraire’ kant. De measten drage opskriften yn har brûns bigetten dy't, as der gjin katastrofen tusken komme, de ieuwen trochstean kinne.
De klokke-list dy't it Bureau foar Kulturele Saken opmakke hat is noch wol net folslein, mar jowt al genôch oanwizings. Op in tal fan 57 klokken, dy't op 42 ûnderskate plakken oanbrocht binne, neamt de list 58 opskriften. Nijsgjirrich is it dy ynskripsjes ris to fordielen neffens de tael. It docht dan bliken, 25 binne yn it Frysk, 21 yn it Hollânsk, 10 yn it Latyn en 2 yn in pleatslik dialekt. Dat wiist dus hwat it Frysk oangiet net iens sa min.
Wichtiger as it tal is lykwols it gehalte fan dy opskriften. Is it forkeard to freegjen oft, hwat hjir yn it duorsum brûns fêstlein is, litterair ek hwat helm hat? By dy ynskripsjes, dy't folsteane mei in bleate meidieling oer jiertal fan naderjen en forfangen hat sa'n fraech fansels gjin sin. Mar fierwei de measte klokken hawwe birime opskriften krige: in ‘litteraire’ foarm dus. En sjocht men troch dizze bril it hear ris oer, dan kin it mar yn in pear gefallen sprekken lije. Skrale treast is dêrby dat men by de Hollânske teksten - de Latynske litte wy der bûten - likegoed ôffal kriget as by de Fryske. Earlikerwize moat sein wurde dat de greate heap fan dizze klokkelyryk net boppe it glêdde of knoffelige rymke útkomt. Dat is net sa'n niget as men wit, dat sa'n opskrift fakentiids it resultaet is fan in lokale kriich ûnder de boargerij. It binne dus produkten fan eigen groun. Op himsels in aerdich idé, mar as dy selsfoarsjenning allinne suterige frucht opleveret, hie it dochs better west en sjoch earst fierder om jin hinne. De pleatslike smid krige op 't lêst ek gjin opdracht om de nije klok to meitsjen.
It is dúdlik, de lju fan de litteratuer binne hjir hast nea oan it wurd. De measte opskriftmakkers bisteane út minsken (boargemasters, geastliken, skoalmasters, tsjerkfâdden, anonyme boargers), dy't allinne mar om Sinteklaes hinne de rympinne roere. Hawwe de dichters dan gjin oansiken krigen om de biwizen fan har bitroude omgong mei tael yn it klokkebrûns fêstlein to krijen? Men moat it hast wol oannimme, mar dan wurdt de ûnbikendheit fan ús tsjerkfâddijen (dy't almeast de jitopdrachten joegen) mei de litteratuer en mei de lju dy't dat ambacht bidriuwe, hjir wol pynlik demonstrearre. Nou kin men jin der ôfmeitsje en sizze: dy klokken hingje moai heech yn har tuorren forskûle en it bigreatlik glimke fan ús neiteam, stel dat dy oer 300 jier noch tuorren restaurearret, kin ús dan gjin kleuren mear nei de wangen jeije. Miskien sille hja skielk dy âlde opskriften sels heech oanslaen as hearlik-primitive poëzij: de earste wrakselingen mei de tael yn it tiidrek fan de eksperimintelen.
D.A.T.