De Tsjerne. Jaargang 10(1955)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 33] [p. 33] Marten Sikkema: Twa balladen fan François Villon Ballade foar Robert d'Estouteville Op moarntiid ier, hwannear't de sparwer slacht, Hat er wer optein 't sinneglânzjen preaun, De ljurk har blydskip sjongt út alle macht En fear oan fear forient mei d' eigen freon, Wol ik jo biede, fan myn langstme gleon, Hwai leavjenden oan lok genietsje kinne, Yn 't gouden boek fan Amor is 't biskreaun, Hwant dêrta is 't dat wy togearre binne. Myn iennichste forkarde, oant de tiid Dat dea forskynt en helpt my út 'e wei, Laurier, dy't leaflik foar myn rjochten striidt, Oliif, dy't swiet jowt oan myn bittre dei, 't Forstân seit dat 'k jo nea forlitte mei, Hoe sil ik swalkje dan by jo fandinne? Ik wol jo tsjinje en kom myn plichten nei, Hwant dêrta is 't dat wy togearre binne. En mear jit: as it lijen my birint, Om't de Fortún syn sinnich spul bidriuwt, Dan is 't dyn eachopslach dy 't kwea oerwint Krekt oft de wyn in plústerke forwiuwt. Hwannear't it sie strak yn 'e ierde kliuwt, Dan sil 'k dêr, hoopje 'k, knappe frucht fan winne. De goede God wol dat men warber bliuwt, Hwant dêrta is 't dat wy togearre binne. Prinsesse, hear dus hwat myn sizzen is: Dat ea ús herten nochris skiede kinne Is jimmer ûnbisteanber, dat is wis, Hwant dêrta is 't dat wy togearre binne. [pagina 34] [p. 34] Ballade fan de koarte sprekwizen Ik ken de miggen yn 'e brij, Ik ken de mannen oan 'e broeken, Ik ken it waer syn grapperij, Ik ken de apels oan 'e tûken, Ik ken de beammen oan it rûken, Ik ken de regels fan hwat bart, Ik ken it wrotten, 't lyntsjelûken - Mar 'k ken mysels noch foar gjin part! Ik ken it wammes oan 'e kraech, Ik ken de muontsen oan har lokken, Ik ken de hear oan 't feintelaech, Ik ken de nontsjes oan har rokken, Ik ken de skobberts oan har flokken, Ik ken hwa't kiezzekau fortart, Ik ken oan 't fet de soune slokken - Mar 'k ken mysels noch foar gjin part! Ik ken de ezel en de guds, Ik ken de fracht dy't hja forneare, Ik ken Katryn en Lyn en Luts, Ik ken it gokspul sûnder eare, Ik ken ek sliep en dream, de teare, Ik ken Bohemens naesje swart, Ik ken 't gewelt fan Rome's leare - Mar 'k ken mysels noch foar gjin part! Prins, ik ken alles, 't mist my nea. Ik ken de kleur dy't skielk fortart, Ik ken de allesfretter Dea - Mar 'k ken mysels noch foar gjin part! Vorige Volgende