[Nummer 2]
Meidielingen:
Foroaring yn 'e redaksje. Mei yngong fan dit nûmer hat in redaksje-foroaring pleats foun; de hear J.A. Wybenga seach him, om persoanlike reden, spitichernôch needsake as samler en as redakteur to bitankjen.
Wy sizze fan dit plak de hear Wybenga tank foar it wurk dat er tidens syn redakteur- en samlerskip foar de Tsjerne dien hat, en binne bliid him as meiwurker to bihâlden.
Tagelyk kinne wy ta ús foldwanning meidiele, dat de hear Marten Sikkema him ré forklearre hat in beneaming as redakteur fan de Tsjerne oan to nimmen.
To bigjinnen mei dit nûmer sil it samlerskip tonearsten waernommen wurde troch de hear D.A. Tamminga, Tulpstrjitte 14, Snits.
De Redaksje.
Freonlik forsiik oan de lêzers, dy't noch in bân foar 1954 hawwe wolle en noch net bisteld hawwe, harren sa gau mûglik op to jaen oan Fa. J. Kamminga, Dokkum.