mar altyd hat it der west, dat wée fielen, krekt oft er nea sêd wie. Mei bealgjen wie it noch hwat to stjûren. Mar faken, nachts, as er de sliep net krije koe, dan wist er dal er Fryslân miste. Fordomme, skriuw ôf, dat hwat west hat. Gjin heal spul. Hjir moast er nou syn libben opbouwe. Dit wie in nij bigjin. Dan ek gjin gestin mear oer hwat foarby is. Fryslân, hâld der oer op.... wienen de lju dêr sa bêst? Né, dat net.... mar ja, jins freonen en dan alles fan doe't men jong wie....
‘Au, forrek, dy poat.’
Efkes himsels lins jaen. Hiel efkes. Net lang.... né.... né.... Dêr, dy stobbe is de snie ôf waeid.... kin er moai efkes sitte....
‘Net sitten gean.... fierder....’, poent er himsels oan. ‘Sitten gean is....’
Forheftich skuort er de spalke skonk de forlieding foarby.
‘Noch mar ien, hospes, dit guod smakket skoan.’ De forlieding op de boppeseal fan de Trije Botten is him to mânsk. Dat frommis ek mei har getsjoen. Dan wer al en dan wer net. ‘Jit nochris yn.’ Moai seit er it op. Nou by de trep del. Plat op de hûd en neat stikken.... mar hy fielt de smak.
Langút leit er yn de snie. De pine oan de stikkene skonk makket him suver mislik. ‘Oerein.... oerein.... net lizzen bliuwe.’
De hannen klauwe yn de snie, dy't oeral meijowt. Dêrjinsen, dêr by dy beam, dêr kin er hâldfêst fine. Djip lûkt er in spoar nei de beam. De skonk piniget net mear, mar is swier as lead.
Noflik sa efkes tsjin de stamme to sitten. De tûken litte har fracht los. Stikken snie falle oer him hinne.
‘Hwer ha 'k myn gewear?’ tinkt er, skerp ynienen. ‘Dat leit dêr fansels.’ Hy eaget it eintsje oer. ‘Hoe kom ik der by?’
‘Hoe kom ik der by.’ De beide guozzen dy't er krekt sketten hat op de Waed, topje en draeije mei de ebstream nei bûten. Dat se nou krekt yn sé falle moasten. Dy skoandere fûgels, ....ik kin se krekt net rikke.
‘Dat forflokte Fryslân. Dat wurdt myn dea. Ik moat