| |
| |
| |
Sjoerd Spanninga:
Fersen
Ik stean hjir as in stille moarn....
Ik stean hjir as in stille moarn
yn 't opgean fan de sinne,
mei ljochtsjend om my hinne
it earste sjongend fûgellûd,
dat wynderjend de wjokken slacht
en fjurket út 'e finne, -
mar 't rûzjen fan de nacht hâldt oan,
bliuwt donker yn myn bloed.
| |
| |
| |
Leginde
Soms sjocht men wol in haven
in greide wurden foar it fé,
dat weidet yn it griene djip,
en boppe bloeit de hagedoarn, -
de wylde wjokken fjochtensré,
dy't syn skaedbyld slacht,
en wint it tij oan fan de nacht,
dan rûzet it fan raven, -
wylst brânt it kustljocht wer opnij
en wiist in taflecht foar de stoarmen, -
in spoekefjûr hâldt stil de wacht;
bûkdelling fan in machtich skip,
hwant slûchtrêd komt de moarn fanwegen,
en docht de hynders en de kij
to witten dat it daget, -
| |
| |
| |
De beam
De driuw nei 't reine witten
fan syn binearjend inge skûl,
dy't de âlde sede hoedzje,
mar 't djipst biwegen finzen
de frijdom sels it nije libben heine, -
dan komt út húl fan it forline
wol de rede foar it ljocht,
hwant inkeld dêrta hat de beam
syn kearsen kostlik brânne litten, -
dit wie de griene hope fan de maitiid,
dy't er meidroech yn syn bloei,
de dream fan it mystike wêzen,
by it tinen fan de tûken,
de foarjierswinen bliid it blêdte ta,
en hwat as sied ûntjoech him nei de sinne,
of memme' skerte, de natûr,
oan djipbiwoartele oerlevering biwarre,
frjemde kimen iepenspringen
en dochs de fierten aloan neijer lûken, -
wylst stil de dizen klearje om har hinne,
forwûndering de brune eagen op.
| |
| |
| |
Stjonkroazen
en de geast bihearsket fan ús tiid,
in rôfslot lyk út earder dagen,
troch de holle sealen dwale
en de bitsjutting neigean
of har bisauwe oer de finzenissen
mar fierders is der suver neat,
dat noch in hûgenis biwarret
dy't hjir regearren oer it folk, -
| |
| |
| |
De hillige tocht
It wiis bidoelen hat gjin oare winsken,
dou silst de wegen fan de iens'men gean,
hja dy't it oansjen sykje fan de minsken,
ha foar de hege stiltmen gjin bistean,
mar ljochtet dy dyn wearde om 'e sliepen,
en giest in man to pearde troch de wrâld,
dan bloeije sinneblommen oer dy iepen:
dou stiest yn glânzen fan in hillich wâld.
| |
| |
| |
De gongelstôk
Ik bin mar yn dit koart bistean
in iken stêf om mei to gean,
bifike fan wol mannich reis,
mar nei it grêf al ûnderweis,
|
|