De Tsjerne. Jaargang 10(1955)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 6] [p. 6] Marten Sikkema: Fersen. Forslein. Heech oer de huzen sproeiden ljochtfonteinen, D' oerwinningsmars teach dronken troch de stêd. Dou koest fan alle wille lang net sêd, Mar ik bin gien, forslein mei de forsleinen. En lûdleas spegelen de moannemarren Yn it foreale park: it wachte ús, Hwant ienris wie syn dreameryk it thús Fan dy't de langsten foar de joun biwarren. Omdôch, omdôch, ik stie mei lege hannen Dêr by de brêge: alle lok waerd waen. Doe joech ik myn illinde flokkend baen Oer gâns in float fan blanke mearkeswannen. [pagina 7] [p. 7] De dream. Doestou dêr foardroechst, foar in seal Dy't lûdleas fan bitsjoening wie, Doe seachst my oan, forwûndre heal, Oft tusken ús in dream bistie. Dyn mûle spriek, en ik fornaem De klanken, de bitsjutting net, Omdat dyn glimkjen ta my kaem Mei in ûnthjitten, nea forret. N'ou ha 'k dy wersjoen: wer dyn blik, Dyn mûle dy't de fersen sei, En 't wie as earen: dou en ik, En tusken ús de dream, sa nei As nea gjin dream mear komme sil Op ierde tusken dy en my, Dou biste gien, en ik wie stil, Hwant neat bistiet der, lyk oan dy! [pagina 8] [p. 8] Rondiel foar de lytse griene. Inkeld in glimk hwannear't wy groetsje, Sa't earder de augueren diene, Is ús jit bleaun, myn lytse griene, As wy inoar hjir nou noch moetsje. Fan 't ljochtsjend lok dat wy doe hiene Moatte wy sa de neiglâns hoedzje; Inkeld in glimk hwannear't wy groetsje, Sa't earder de augueren diene. Faeks moatte hja har blydskip boetsje Mei trystens, dy't hjir lokkich wiene, Hast ienris sein, lang foar't wy giene. Mar wier, neat kin sa'n skea forgoedzje, Inkeld in glimk hwannear't wy groetsje. Sa't earder de augueren diene... [pagina 9] [p. 9] Panorama. De siker dy't, hoe't loft of wetter driuwt, Yn alle stêdden 't lân syn roken priuwt Hat fuort himsels en 't lok wer yn 'e macht Hwannear't syn fuotstap oer de brêge slacht. Hjir blinkt de sinne, wyn fordriuwt de reek, De trekfeart lûkt mei smelle ljochte streek Syn mett'ne bôge troch it griene fjild, De bisten stoarje steatlik yn 'e stilt'. In boer biskout syn lân, lyk ieuwen lyn, En floitet wis; in moune mealt de wyn; In fiskerman wjerhâldt syn stadich skip En stoppet piip; en nearne rêst de ljip. Dan stapt er troch, oan sinn' en wyn forlern, En sjocht himsels wjerspeg'le yn it bern Dat fleurich traepjend him to mjitte komt, In apel byt, en glimket yn 'e romt'. Vorige Volgende