De Tsjerne. Jaargang 10(1955)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 3] [p. 3] J.F. Siemensma: Fine minnist. Ruerd Siemensma - foreare foarfaer! Hwaens biente rêst op Whitheads Cimetry to New Paris by Goshen, yn de steat Indiana. It tinken oan dy is keppele oan in âld forhael, in mearke allyk, dat syn triedden wevet en omgiet yn de dellingdoarpen fan 't âlde Gaesterlân. Dyn ûnrêst brocht it fjûr yn de Gemeente: gjin wapens drage - forset tsjin it Regear - gjin tombré wykje ... en as it op 'e neil baernde, dan soe der yn Gaesterlân in ein oan makke wurde. Ruerd Smit, as dû, apostolysk fan oanliz, stie neist dy yn de minniste aksje fan dy dagen. Ienriedich smeiden jim it izeren bislút: inkeld dwaen hwat it Leauwe jimme gebea en al it oare treast wêze. Jim hâldden boelguod en joegen jim steat fan frije boeren op. Jim waerden lânforhuzers en slim earmelytse swalken jim troch it lân fan Pennsylvania, dû en Lysbet, dyn moedich wiif, Ruerd Smit mei sines, Haeitsje Visser mei sines, Romke Huitema mei sines en mei jim keppel op 't avontûr bigiene bern. Nei trije wiken fan tsjinstuiten en hongerlapjen binne jim, ôfmêd en útrûpele, bidarre yn 't lân fan Goshen, mei syn rûzjende wâlden. Dêr sloegen jim bilen in ljochting yn de bosk. Doe't it ûnk dy mette en dû foelste op dat plak, stie dârre, middenmank de bloeijende ikkers, in blokhut-skuorre fan rûch spjirrehout, en jim wijden dy ta timpel fan Kristus. It jiers dêrop kamen jim freonen út it heitelân, roppen fan God, en fan jimme. In foege ieu hat de Gemeente dêr arbeide. Hja wreide har fortúnlik út, hwant der rêste seine op jim wurk. [pagina 4] [p. 4] De neiteam fan de Fine Minnisten pylgert hjoeddeis nei Whitheads Cimetry en toevet mei fromme oandacht, earbiednisse yn 't herte, op jim grêfstéen, Ruerd Smit en Ruerd Siemensma. * * * Minskene wegen binne al folle frjemd en ûnbigryplik. Dû, sljochte ploeger en melker, waerdste pionier yn 't wylde en fan it ûnbineamb're. Mar dyn bruorren binne bleaun op âldfaers hiem. Oerpake sichte dêr eltse simmer de hjouwer. Pake krige it spul yn hierkeap en struide it earste baeltsje Super op de sânnige groun. Heit laette it bidriuw de berchwei op: syn stamboekkij brochten it fetgehalte omheech, en Sneons, as er it molkpûdtsje útskodde hie, telde er mei binijde eagen it jild dat 't fabryk him dy wyks tatocht hie. Dat it konto by de Suvelbank woe wakker dije. Sa't heit woun, sa wounen de oaren. De ploege snijde eltse maitiid de fuorgen rjocht, de sichte sloech eltse simmer de ripe nôten del, en swiere frachten waerden op kreakjende weinen troch de mendoarren riden - it wurk gyng troch. likefolle oft it oarloch of dat it frede wie. Mar by al dy boerewinst waerd de Gemeente stadich lytser, al mar minder krêft en bisieling gyng der fan har yn doarp en omkrite út. En it bliuwt drôf, mar wier: de âlde kristlike geast forswakke dêr forgoed. Oare eachmerken en oare doelwiten biwennen tinzen en herten fan 't Gaesterlânske boerefolk. De feinten reizgen nei slêd om to learen. Hja waerden skoalmaster, skilder, learaer, doktorandus - ien fan harren waerd sels prof. En de froulju, o, dy Gaesterlânske froulju - de húshâldkursussen en it plattelânske boun setten in suffragette-kop op it torso fan boeretryntsje. * * * [pagina 5] [p. 5] Ruerd Siemensma, o pionier fan 1853! Aste dyn eagen noch ris opslaen koeste en dû soeste se oer it gea fan dyn berte weidzje litte, grif soe it dy oandeare, dat dyn mienskip ûntboun, it âlde laech forstruid is oer d'ierde. Soms blêdzje ik yn 't famylje-album, en dêr fyn 'k dyn byld; dyn glandige eagen stoarje my oan, dyn lippen steane faninoar, krekt of sil dyn mûle sprekke. Hoe jerne, o hoe jerne soe 'k nei dy hearre wolle en fan dy leare hoe't men libje en de wrâld forsaekje moat om ivichheden, en dêrmei in greater lok, to winnen. Trochfuorre ha se my mei filosofyske systemen en oan de eksistentialistyske dis siet 'k àl to lang: siele en hert binne der leech en kâld by bleaun. Lang, lang en úthâldend haw ik socht, mar nea foun ik de geast dy't dy bisiele, nea fornaem ik de ing'letong dy't ta dy spriek, nea blonk foar myn fuotten it ljocht dat oer dyn wegen stie... En bliid bisef 'k hwat ús folk yn dy oan greatheit hie. Vorige Volgende