De Tsjerne. Jaargang 10(1955)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 1] [p. 1] [Nummer 1] G.N. Visser: Twa fersen. Net periodyk unthaldd' ik my.... Net periodyk ûnthâldd' ik my, mar jimmer De geast bitwong 't wjerakseljende fleis. Moast gjin oerwinnerssin dan mines wêze? Moast ik net wêze as in beam by 't hjerst, Forgeaste as de dean fan Canterbury Of as in Eastersk patriarch, de Paus? Mar né, ynsté waerd ik hyltyd ûnreiner, Drôviger, bitser, skrilj' ik hyltyd mear Towekker nachts út dreamen, deadsk biswit. Ik leau, ik moat de hill'gen konsultearje De pylderhilligen, dat fleisleas skaei: ‘Lear my jim truc, jim âld biropsgeheim!’ Mar né, 'k hâld op, dêr't oaren mei bigjinne, Bid God, dat er de frou, 't fatael serpint Birôvje mei fan har fatael prestige, Unttsjoene mei, lykskeakelje de stien De balstien, dy't ik op myn wandertochten Passearje, net magnetysk yn it minst: [pagina 2] [p. 2] Tinzen, twifels. Tinzen, twifels, id'le spekulaesje Taeije rangen, giftich duvelsjern, Tayljend, wyljend ... tyljend weroan en Luëslyk stil woek'rjend, o tramtaesje Wuolsel om myn keninklike pols En myn boarst taknipend en de kiel Smoarend yn gewaeks oandat de siel Skreaut en moartet út in martle hals. Hwêrre bist, prinses' dy't my forlost Dy't bliidmoedich, bern út ljochtlânsdouwen Sjongt it liet fan hope en bitrouwen? O, hwêr bistû? sjuch, ik wachtsje, as't Barre mochte, dat dyn toverpea... 't Hamm'ret oan myn sliepen, nea, nea, nea... Vorige Volgende