Bengt Anderberg (1953):
In moarn, hundert jier lyn.
De strjitten wiene stil, forlitten en sinne-biskynd, yn ien fan 'e stimmingen, dat men tinkt, nou wurdt libbens geheim op in stuit iepenbier. It ratteljen fan in wein yn 'e fierte by de merk rôp alle forwachtingen fan 'e siele towekker, in flecht blinkende douwen omslút de tsjerketoer as in krânse fan oantinken.
Oan de kade lei in lytse wite stomboat en wachte op 'e tiid fan ôffarren en op it efterdek wie de man, der't ik oan tink. Hy roun op en del, wylst de lange, swarte jas him om 'e knibbels flapte, as studearre er oer in preek. De hannen hold er yn 'e bûsen, de hannen kniepen om in pear dingen dy't er fan thús meinommen hie: de bûsdoek, it lytse pinnemes, in porsleinen fûgel, dy't fan syn jongste dochter west hiene. It antlit fan 'e man loek gear by de dûbele biljochting fan loft en wetteroerflak.
Nou kamen de roeiboaten de rivier op, fol mei fisk, en de mieuwen swinge op hege, bûchsume stallen der efter oan. In gouden koepel tosplintere en sonk werom yn rêst, flak foardat de stomboat fan de kade foer. De wearskyn fan in kajútspoarte glied nei ûnderen yn it wetter lâns de glystrige stiennen muorre yn giel, grien en griis en waerd as in mêsblêd wei yn it slyk. De boat gliidt fuort troch de weake splinters fan it kylwetter.
Lytse eilannen komme nei foaren mei hûzen en doarpen yn heldere kleuren. De flaggen klapten oer it dak en de geur fan farske kofje swong yn it roun. De hoarizon waerd wei yn in skiere dize mei fûgels en loftspegelingen, swevende oerden.
It wie waerm en koel tagelyk, twa lânskippen moeten inoar op it wetter, de eiderguozzen foelen nei ûnderen mei in ûnwêzentlik rûzjen, spatten yn it koele wetter en fearen fierder nei it waerme. Fier efter de boat bilune de stêd yn in enoarme dampwolken, in ôfgryslik loftrioel.
Hy stoep op de railing, stie dêr en hold him beet oan ien fan 'e leadrjochte stangen, dy't de boppebou stipen of dêr hinne laetten. De lytse trillingen fan syn pols moeten de fiere echo's yn it metael fan 'e stoommasjine en it droanen fan 'e skroeven. De oare hân kaem út 'e bûse wei, men