stimmich... mar ek gewoan en gemakkelik. 'n Stik of hwat gewoan, mar knap klaeide mannen bitsjinnen de minsken, as men soks noch bitsjinjen neame koe... hwant elk gyng as goekunde mei in oar om. Hy hie wol ris eat fan de Nijljochters fan Zwijnsdrecht lêzen, nou sokssahwat like it... al wie it dan hjirre net it dielen fan de earmoede, mar dy fan it rike libben. Hwat soe him dit hjirre wol kostje meije? Doe kaem der ek in man by him. Dy lei iin pear pûdsjes by him del en sei, hy soe 't ien en oar meinimme foar in flaubyt ûnderweis.
It duorre lykwols mar koart, dat hy him yn dy wielde dompele... hwant hy koe dêr net sitten bliuwe; hy soe nou op hûs oan reizgje kinne... hy soe ek fierder op paed moatte foar syn organisaesje... èn hy soe allinne wêze wolle om himsels werom to finen en de rykdom fan syn húshâlding to biliden... hy soe, hy soe earne op 'e heide de oare fine wolle, it avontuer yn 'e bosk moetsje doarre, him driuwe litte op ien fan de marren yn 't Noarden; hy soe útflokt wurde wolle fan syn heit, mar dy wie dea; skrieme wolle oan memme skerte, mar hja wie wei. De segen fan noch ién kear kom-oer boartsje by skoalle soe hy gripe wolle; de sfear fan de earste joun by in faem yn in lyts keammerke mei allinne in ljochtsjend thépitsje; de freugde fan in grouwe iel oan de angel, of in nacht praten mei in kammeraet nei 't fragelearen. Wei wurde yn in greate stêd, dêr't net in minske jin ken, soe 't bêste wêze; opsmelte yn de massa om jin sels werom to finen - yndied wie dat to forkiezen, hwant op 'e mar soe hy allinne it wetter fine mei fûgels of fisken, op 'e heide of yn de bosk de natûr yn hiel syn gloarje en thús... in tsjuster skaed fan hwat eartiids gelok hiet.
Hy frege om de rekken en bitelle in daelder - en doe tocht er: Hjirre kom ik nea werom, dit doocht net! 'n Daelder foar in nacht yn it paradys - hy liet de pûden mei rémakke iten op it taffeltsje stean en makke dat er op strjitte kaem, eart hy mei 't hiele soadtsje oppakt waerd foar bûtenlânske aktiviteit, smokkelderij of sa... hy wist nearne hwerfoar, mar it doogde net yn dat ding.
Mar hwer doogde it eins wól? Yn him sels doogde it yn gjin gefal, yn syn organisaesje allike min. En thús...
Om de smaek fan dat iten, dat him nou tsjin stie, út to bannen, dronk hy yn it stasjon in kom kofje. Dy smakke him ek al net. Yn Den Bosch, wachtkeamer tredde klasse,