nofteren. It soe in tsjustere joun wêze moatte, sa tsjin Krysttiid bygelyks. It plan hie langernôch yn him ommeâld, it soe suver automatysk gean, as in film. De pet djip yn 'e eagen, de kraech omheech. De doar fan de klub gie iepen. Yn de ljochtskyn Stalpert mei sigaer, dan it tsjuster wer.
- Joun, mynhear, ha jo efkes fjûr?
- Wiswol, freon, wiswol....
En sa fierder. It spile as fansels, net to kearen mear. De grêft wie djip en swart. De sigaer moast daliks útgien wêze.
Soene hja thús al op him sitte to wachtsjen, mannen mei boeijens en lytse skriuwboekjes? - De Jong, Hendericus, âld sawn en tritich jier? Kloppet. Juffer Visser soe it altyd wol tocht hawwe....
Stom hied er west, oerstom. Hjir briek de film ôf, hoe nou fierder? Hy hie jild opnimme moatten, in spoarkaertsje keapje en in pas faeks. It reinde mar ta, it kaem al troch de jas hinne.
Yn de stasjonshal wie it tominsten droech en der stie in bank. Hate hied er dy Stalpert, fan 'e dei ôf dat er yn syn libben kommen wie. Jehanne wie nou widdou, dat hie hja der fan. Soe er al foun wêze? Hy koe yn alle gefallen driuwe op syn fet. faeks wol oan 'e opslach ta.
Der kaem in man op 'e bank, in nuver soarte fan man:
- Soene jo op reis? Soene jo op reis, frege ik. Of't jo op reis soene. Sjochris, mynhear, as ik jo hwat freegje....
Dat wie mis, dy drokte wie dochs earne goed ta. It easde bûtendoar, it waerd jounich. De huzen wiene forljochte, hjir en dêr stie efter de bigûlde ruten in krystbeam, bern biweegden der omhinne. Idioate wrâld.... Signalemint: ien meter fiif en sawntich, skrael postuer.... Mynhear Stalpert wie grif ûnder dizze brêge trochsyld, nei de opslach ta.
Mar hjir soene hja him fuort net sykje, sa'n djûre saek. Hy krige de drankkaert. De feint brocht it bistelde: - Mynhear! It smakke goed, de holle waerd der klear fan, to klear suver. Hwant ynienen seach er, hoe't it der mei him foarstie: mynhear Stalpert wie wei, it libben wie leech wurden, hie gjin inkeld doel mear, hy stie yn in idele romte. Hoe soe er der sa ea yn fuort kinne? Noch in glês. De feint seach nuver: guon lju jowe mear as hja wurdich lykje: - Nacht, mynhear!
Wie dit syn stêd? Alles wie him frjemd wurden. As de