De Tsjerne. Jaargang 6(1951)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 363] [p. 363] O. Postma: Provinsjalistysk. Ik sit foar it finster yn 'e sinne en sjoch nei it biwegen fan de twiichjes fan de roazebeam; Sa kin in invalide yn Oktober noch eat fan de simmer hawwe. Oan 'e line hingje himd en lekken opbolle fan de krêftig'e wyn; Ik tink: foar myn kuijer op 'e sédyk soe sa'n wyn wol hwat to stiif wêze. Né, ik haw net folle war dien om ‘provinsjalistyske en folkloristyske tradysjes’ to forbrekken; Ik bin mar in stikje provinsje en folklore hat myn kostelikste spize west; (Provinsje, lit ús sizze, fan de ierde, atoomke fan it heelal.) Mar dêrút wei haw ik de ierde bineame kinnen as fiedster en boarne, En in inkele kear haw ik my fierder bijaen doaren yn al-siele' great domein. Sa haw ik der gjin forlet fan hawn'mei Sjoerd nei Perzië of Arabië to reizigjen, En woestinen en oséanen binne my alheel frjemd bleaun. En nou sit ik hjir, mei myn beide stokken nêst my, yn de waerme strieling dy't de himmel jowt, En de wyn, dy't fan de ierde is, bringt my it libben biwegen fan de beamtûken. Vorige Volgende