E.B. Folkertsma:
Op it sicht fan it baernende Babel.
God tank, it ìs safier, dêr baernt it greatske Babel,
Lit baerne mar, haw gjin bigreatsjen, wraek foar Abel,
Tôgje oan hwat baerne wol, mei al 't ûnbrânb're flamje,
It wetter fleane yn brân, de Eufraet fjûr útamje,
Gjin wiette, kjeld, hok elemint forkuolje of dwêste,
Mar himel, ierde en hel fan koalljocht lôge gêste.
Dû wiest ynwindich fjûr, dû woest yn hertstocht gloeije,
De flammen soene út dij oer alle folken floeije,
Nou hast dyn sin, nou is 't hielal op fjûrslach hjitte,
Nou kin al 't skepsel grime en wraek oer dij útsjitte,
Ha, bloed is fjûr, ha, grouwel flam, ha, ûnrjocht lôge,
Dû bist de bût, jager, tsjin dij stiet keard de bôge.
Hwat klagest dan? dû krijst hwatst sels ynmoed bigeard hast,
De folken dogge oan dij werom neist harren leard hast,
Hja jowe fjûr foar fjûr en bloed foar bloed, kin 't sljochter?
Hja jowe 'er jitte op ta, trofst ea royaler rjochter?
Mar heger eare mei, prinshearlike, dy barre,
God sels wol, pylk en swurd en hogge, oer dy farre.
Of docht Er dy to koart, dat ingelen en stjerren
In hege douns útfiere ta dyn skien fordjerren,
De himel optein tilt en wjertilt fan 'e sangen,
D' ûntsette hel rydbosket, eang sa'n bût to ûntfangen?
Dû woest de skientme sels, dû woest de Godlike eare,
Dêr hást dyn skientme: 't oardiel fan Himsels, de Heare.
Ja, dìt is rjocht, nou gjin biklach, nou gjin genede,
Soest yn 'e ein, lytsman, noch bidde en smeke om frede?
Dat dóchstû net, dû soest Sodoom en Rome oerkliuwe,
Dû soest de himel swylje mei in iiz'ren riuwe,
Né, dát dochst nèt, partûr soest wêze fan titanen;
De kop der foar, it herte heech en heech de fanen!
| |
Allinnich wit, hwa hat dyn grime brân oanstutsen,
Hwat reade earn is fan Gods stjerren op dy strutsen?
Is 't eigen kroan en gloarje? sikerwier, dat mist dy,
It is 't forachte folk, it bin de slachtskiep Christi,
God wol syn tsjerke yn oardiel, bloed en fjûr forheare,
Dystû forachte hast, har wreker is de Heare.
Och, hwerom hast syn lytse bern oergrousum slachte,
Hwerom dyn eigen sels, sa jong, forhuorke en jachte,
Hoe koest dyn edel rier ta Bazans bolle oansette,
Hoe koe erbarming' dy en ûnskuld sá fortrette?
Der waerd yn dij net bidden mear, net song, net boarte,
Och, wie 't bihâld fan Ninevé dy noch taparte.
O fjêre stêd, o mole mjellend tsjin Gods wolken,
O draek foar seil en fleanend túch nei ôfgrouns kolken,
O frou yn flam fan macht en gloarje en juwielen,
Forliedster fan 'e lea, bitsjoenende de sielen,
Hwat hast boppe alle like dochs fûleindich libbe,
Hwat fielt it ienlik hert him frjemd oan dij bisibbe.
Wjerhâld dat hert, o Heit, fan byld en idelheden,
It bliuwe bern, it boartsje, bliid, mei Jo tofreden,
It haww' lyts lok en mei it greatste goed biminne,
It trachtsje net, mar libje op genede allinne,
It gunne Jo it rjocht, it ryk, de iiv'ge gloarje,
Sa tsjûgje Jins gemeente, yn striid en yn fiktoarje.
|
|