De Tsjerne. Jaargang 6
(1951)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 370]
| |
Anne Wadman:
| |
Tredde en leste bidriuw.
(Spilet in wike of 4 nei it twadde. Neimiddei yn Maeije op it Direksjekantoar Salomons. Ine Smeding en Salomons Sr.)
SALOMONS:
Juffer Smeding.... INE:
Ja, mynhear? SAL.:
Sjit it hwat op? INE:
Ik bin sa klear, mynhear. Allinne de lêste kolommen noch efkes verifiëarje. SAL.:
Dus, juffer Wassenaer kin alles sa oernimme? Jo hawwe har alles útlein, n'twier? Ek fan de saek-Meerding? INE:
Wis, mynhear. Wy binne fan 'e moarn nochris alles trochgien. Se sil it wol rêdde. SAL.:
Moai sa.
(Skoftsje swijen. Ine wurket troch. Sal. sjocht nei bûten, skeukt op syn stoel hinne en wer.)
Juffer Smeding....
INE:
(Glimkjend.)
Ja, mynhear? SAL.:
Dat fanke is goed yn har wurk en fluch fan bigryp, mar ûnder ús sein, ik hâld mear fan jou slach. INE:
(Glimkjend.)
Jo sille wol oan har wenne. SAL.:
Ik hie it leaver oars hawn. INE:
(Earnstiger.)
Ik ek, mynhear. Mar it lân leit der sa ta. SAL.:
Jo komme net op jou bislút werom? INE:
Ik haw it oannommen yn Stockholm. En ik bin der de persoan net nei om der foar omlizzen to gean. SAL.:
Ik hoopje net dat it in needsprong is, of it gefolch fan bitterheit. INE:
Ik haw myn bislút nommen yn folle frede mei mysels, en dy frede haw ik noch. SAL.:
(Giet oerein, rint hinne en wer.)
Dat nim ik wol oan. Jo litte jou ein net gau slûpe. Jou motiven binne persoanlik en dat wol ik graech earbiedigje. Mar.... INE:
It avontûr lokket my wol. De fierte hat my altyd oanlake. En nou't dizze kâns him opdie.... | |
[pagina 371]
| |
SAL.:
Wis, ik bigryp dat. De jongerein wol de wjokken útslaen. Dat sil wol sa hearre.
(Wer swijen.)
Dit is hwat in nuvere middei, tinkt jo ek net?
(Bliuwt foar har oer stean.)
INE:
(Sjocht by him lâns nei de klok.)
Hoedatsa, mynhear? SAL.
Nou ja, sa'n Maitiidsdei as dizze.... en dan.... jou lêste middei hjir op 'e saek.... INE:
In hjerstdei past better by in ôfskied, ja. SAL.:
Ik kin my yntinke, dat jo op in dei as dizze al sa leaf hwat oars diene.... INE:
(Glimkjend.)
Bygelyks.... SAL.:
Ja, ik wit net.... Kuijerje yn it park? INE:
(Glimkjend.)
Tusken berneweinen en hearkes mei pinsjoen.... SAL.:
Ja, wit ìk hwat jonge fammen sokke dagen by de ein hawwe? Ut to fytsen mei in freon of sa....? INE:
Jo binne net op 'e hichte fan 'e tiid.... In auto is langer al it minste dêr't wy soks foar dogge.... SAL.:
(Skodhollet.)
Soks foar dogge.... INE:
Ja, hwat in mentaliteit, net? SAL.:
(Earnstich.)
Ja, de jonge fammen binne oars as yn myn dagen.... INE:
(Glimkjend.)
Jonge fammen, sizze jo.... SAL.:
Ja, of woene jo der op út, dat.... INE:
(Earnstich.)
Njoggen en tweintich is noch jong, jo hawwe gelyk. Dan binne der noch kânsen genôch yn it libben. SAL.:
Nim my net kwea-ôf.... Ik sei dat net om jo jou jierren yn it sin to bringen. INE:
Manlju kinne soms sa bernlik ûntaktysk wêze. Mar oars, it is wol ris goed jinsèls jins jierren yn it sin to bringen. SAL.:
Ik bigryp jo net.... INE:
Jonge fammen binne soms sa ûnbigryplik, mynhear. Mar haw gjin noed: ek foar harsels.... SAL.:
Kom kom....
(Rint by har wei, draeit him dan wer om.)
Jo binne dochs net bang, dat.... Sa'n ien as jo....
INE:
Ik bin alhiel net bang. Fan neat en nimmen. SAL.:
(Rint hinne en wer, bliuwt stilstean, it hege wurd moat der út.)
Juffer Smeding, mei ik jo freegje, hawwe jo ek hwat oan myn soan fornommen, de lêste tiid? | |
[pagina 372]
| |
INE:
(Drôgjend.)
Fornommen?.... Tja, lit my sizze....
(Komt ta harsels.)
Ja, hy is oars as oars. SAL.:
Oars as oars.... Ja, alhoewol.... INE:
Oer hòe oars haw ik neat sein.... SAL.:
Krekt. Sjoch, ik haw nea konfidinsjes mei myn.... eh.... INE:
(Glimkjend.)
.... personeel.... SAL.:
As jo it sa neame wolle, ja. En dat ik dat fan 'e middei al haw, leit him.... ja, hwat sil ik sizze.... INE:
(Pleagjend.)
Oan 'e Maitiid? SAL.:
Dêr bin ik to âld ta.... Né, oan hwat oars. INE:
Hwat oars as oars....
(Marijke Wassenaer komt deryn, mei post. Hja sjocht de beide oaren oan.)
MARIJKE:
Hjir is de middeispost, mynhear. SAL.:
(Koart.)
Moaisa.
(Marijke wifket, sil dan fuort. Sal. ropt har werom.)
Juffer Wassenaer, wolle jo en mynhear Welling efkes dy steaten LS 17 neigean?
MAR.:
LS 17, dat kin wol, mynhear.
(Bliuwt ôfwachtsjend stean, sjocht fan de iene nei de oare.)
SAL.:
Dan kinne jo nou wol gean.
(Mar. ôf. Tsjin Ine:)
Dat fanke stiet my net oan.
INE:
Hja is noch jong, mynhear. SAL.:
Dêrom, hja moast har plak better witte. Dat gedoch mei Welling altyd.... Hawar, hwer wiene wy ek al wer? INE:
Ik bin mei de lêste kolom dwaende. SAL.:
Né, dat bidoel ik net....
(Swijt, draeit him hommels mei har ta.)
Juffer Smeding, forjow my as ik mis bin, mar.... is der hwat tusken jo en Herman?
INE:
(Earnstich.)
Net mear, mynhear. SAL.:
Nou ja, dat bidoelde ik ek. Dus der hàt hwat west? INE:
Ja, der hat hwat west.... SAL.:
Frjemd, dat ik dêr nea hwat fan fornommen haw.... INE:
(Glimkjend.)
Och, sa frjemd is dat net. It wie noch mar koart. En.... jo binne, mei permis je sein, ek wolris hwat to goed fan bitrouwen.... SAL.:
Hm. Unnoazel, siz mar. INE:
En boppedat, wy hiene goede reden om der net mei to keap to rinnen. SAL.:
O soa, mei ik freegje..... INE:
O, alhiel neat djipsinnichs, mynhear. Mar faeks hawwe jo wolris boereromans lêzen oer de soan en de faem. Soks jowt faek swierrichheden. | |
[pagina 373]
| |
SAL.:
Hm. Ik sjoch jo net as in tsjinstfaem. En mysels net as sa'n batske boer. INE:
En dan binne der noch biskate kwestjes fan.... lit my sizze: ras, dy't.... SAL.:
Hm, kin sa wêze. Mar goed, dy saek tusken jo en Herman wol ik net yn omreare. Jimme moatte dat sels mar útfine. Ik bin in âld man en de konservative kant neist.... Allinne....
(Komt ticht by har.)
ik moat jo sizze: myn soan komt hjir net wer op dit kantoar....
INE:
(Kjel.)
Herman.... komt net wer? Dêr wist ik neat fan. Om my net?
SAL.:
Hy hat jo net neamd. Mar it kaem my fuort al fortocht foar dat jimme beide tagelyk.... Hy is justerjoune fan syn reis nei Brussel weromkomd.... Hy giet nei Israël, INE:
Nei Israël?.... Foargoed? SAL.:
Yn alle gefallen foar in jiermannich. Syn papieren leine al in skoft ré, hat er my fan 'e moarn forteld... Moarn giet syn fleantúch.... Moarnmiddei al. Syn mem en ik wisten fan neat.... INE:
Dat is.... dat is.... gau. En hwerom, as ik freegje mei? SAL.:
Hy sjocht hjir foar ús Joaden gjin takomst mear. Dat wie al lang syn oertsjûging. Hwat de doar tadie, wie dat gefal mei dy SS-er hjir oan 'e saek. Hy achtet dat forried oan ús folk. En miskien haw ik der ek wol mis mei west. Ik miende dat ik myn minsklike plicht die, mar der is foar ús Joaden ek noch in oare plicht.... De earbied foar de deaden fan ús folk, de solidariteit. INE:
Miskien fiele jo nou it forbân tusken Hermans en myn ûntslach. SAL.:
Dat gefal mei Ir. Koopmans steane jo dochs bûten? INE:
En, as ik siz, dat ik om Ir. Koopmans myn forhâlding mei Herman ôfbrutsen haw....? Hy hat earder.... mei my forloofd west. Ik stean der dus net bûten. SAL.:
(Fan 'e wize.)
Is it dàt?....
(Telefoan.)
....Dat wist ik net, fan jo en Ir. Koopmans....
(Telefoan skillet troch.)
INE:
Ik sei niis al, jo binne to goed fan bitrouwen.... SAL.:
Siz mar, dat ik mei myn eagen yn 'e bûse rin.... Mar hwat wit in minske fan syn eig'en bern, lit stean fan syn.... | |
[pagina 374]
| |
INE:
.... personeel.... SAL.:
(Nimt telefoan fan 'e heak.)
... Direksje Salomons... Ja, Steensma.... Wer defekt?.... Soa.... ja, ik sil sels wol efkes komme.... Goed, ja.... set de boel mar stil....
(Op heak; linet wurch foaroer efter syn bureau, hannen oan 'e holle.)
Wer itselde forhael. Men soe erchtinkend wurde, dat is sa.... Soene jo jo foarstelle kinne, dat hjir sabotearre wurdt, juffer Smeding?
INE:
Sabotearre? Fan hwa....? SAL.:
Herman hâldt stiif en strak fol, dat de saek mei Steensma net suver is. INE:
Hat er biwizen? SAL.:
Dat net. It wol my ek net oan.... It is altyd mei dy nije Amerikaen to rêdden.... Och, as der mar net méar defekt wie hjirre, dan mocht it hinnebruije. Hawar....
(Giet oerein.)
Mar wer ris sjen.
(Nimt syn hoed en giet ôf.)
INE:
(Bliuwt allinne sitten, hannen oan 'e holle. Telefoan giet op bureau fan direkteur; hja lit earst in skoft skilje, giet dan hinne en nimt op.)
Direksjekeamer Fa. Salomons.... Ja.... eh.... Arent. Né, is der net, krekt fuortgien, der is in machine defekt.... Né, Arent, better fan net.... Né, net dwaen, ik biswar it dy.... De kop stiet der my net nei.... Hy kin sà weromkomme....
(Leit op.)
....O stumper, dat ek noch....
(Wurdt kloppe.)
MARIJKE:
(Komt yn.)
Juffer Smeding, hjir binne dy steaten LS 17, - oft jo dy foar Welling.... Mar hwat skeelt jo? INE:
My? Neat.... alhiel neat.... Hoe komme jo der by....? MAR.:
O, ik tocht.... INE:
(Harsels wer.)
Hwàt wie der oan? MAR.:
De steaten LS 17. Soene jo dy foar Welling efkes neigean wolle? Hy kin der net rjocht útkomme.... INE:
(Nimt oan.)
Dat wol ik foar mynhear Welling wol efkes dwaen.
(Giet sitten, Marijke bliuwt ôfwachtsjend stean. Efkes swijen.)
MAR.:
Hawwe jo ek heard, dat de jonge baes fuortgiet? INE:
(Arbeidet troch, koart:)
De jonge direkteur? Ik wit fan neat. MAR.:
O.... nou, it is wol sa.... Al hiel gau, nije wike of sa.... | |
[pagina 375]
| |
INE:
Hm, ik wit der neat fan. MAR.:
Ik tocht dat it jo wol nijdwaen soe.... INE:
Moat ik yn swym falle? MAR.;
Né, marre.... jo hiene dochs.... INE:
Just, ik hie.... En hwat ik hie, binne myn saken net mear en jowes noch folle minder. MAR.:
Jo hoege net sa koart to wêzen. Ik bidoel neat forkeards, hear.
(Swijen.)
Bigripe jo soks nou fan him? Ik net.
INE:
Soe hy fan jò freegje om soks to bigripen?
(Wurdt kloppe; Arent komt yn mei pakje tekeningen.)
ARENT:
Middei, juffers. MAR.:
Middei, Koopmans. Hwat in waer, net? INE:
Middei, mynhear Koopmans. AR.:
As side, juffer Wassenaer. INE:
Juffer Wassenaer, jo kinne wol tsjin mynhear Welling sizze, dat it yn oarder komt. MAR.:
Moaisa. It sil ús in eare wêze.
(Sjocht fan de ien nei de oar, dan ôf, sjocht by de doar jitris om.)
AR.:
Ine.... INE:
Arent, ik haw dy niis sein.... ik wol net datst hjir komst. Tink om dat fanke.... AR.:
Lit my twa minuten mei dy prate. INE:
Né, haw ik sein. Efterfolgje my dochs net langer. Lit my gewurde. Ik haw dy alles sein hwat ik to sizzen haw. It is út mei mij en Herman, it is út mei dij en mij. Hâld en draech dy dêrneffens, wês net berneftich. Ik forsykje dy, lit my allinne. De direkteur kin sà komme. AR.:
Ik haw in jildich boadskip.
(Sjocht nei it papier yn syn hân.)
INE:
Lit my lykwols mei rêst. AR.:
Lit my joun by dy komme. INE:
(Keart har ôf.)
Ik haw sein: né. En nòu alhiel net mear. AR.:
Hwerom nòu? Hwat is der foar bysûnders nòu? INE:
Lit my myn eigen tinzen. AR.:
Mar siz my dan dochs ien ding: hwerom ìs it út? Dat mei Herman en dij is foarby.... Siz it my.... Ik haw dochs rjocht op dy? INE:
(Kalmer, keart har wer nei him ta.)
Krekt, dêr hast it. Dyn rjocht. Dêr draeit alles om. Ik moat de kroan op dyn suvering wêze, de offisjele bifêstiging, it | |
[pagina 376]
| |
stimpel op dyn suveringsbiwiis. Ast my haste, fielst dysels wer geastlik soun. AR.:
Dus dou leaust net dat ik dy nedich haw? INE:
Wis al, mar ik wol gjin purgearmiddel wêze. Ik wol net leafhawwe út meilijen en ek net omt in man mient ‘rjocht’ op my to hawwen. AR.:
Dou bist my gjin middel, mar in doel. INE:
Hwerom praetst dan fan rjocht? Dou hast rjocht om suvere to wurden, sûnder mis. Mar yn 'e leafde sprekt men net fan rjocht. AR.:
Dou praetst oars as okkerjouns yn 'e Posthoarn.... INE:
A's ik in ding trochtink, tink ik it g'òed troch. AR.:
Dus dou tinkst net dat ik dy nedich haw oars as foar myn suvering? INE:
Foar dyn selsbifêstiging. Oars net, tominsten net mear as hokker oare frou ek. Der binne froulju genôch op 'e wrâld. En manlju ek. As it mei mij en Herman út is, is dat foar my gjin reden om nou mar mei dij....
(Doar giet iepen, Herman komt yn, knikt bigripend.)
HERMAN:
Hm....
(Sjocht fan de iene nei de oare.)
De duvel en syn sturt, hè'n? Hwat ik sizze woe, is de direkteurskeamer miskien forhuze?
INE:
Jou heit is efter yn 't fabryk. Der wie in machine defekt. HERM.:
Ei soa. Nou, ik moat my raer forsinne, as hjir ek net in machine defekt is.
(Giet efter it bureau fan syn heit sitten, blêddet yn de post om. Swijen. Sjocht dan op.)
Moat ik foar monteur spylje?
AR.:
It saekje rint al wer. To min oalje, dy Amerikanen frette oalje.
(Of.)
HERM.:
Dy is polityk noch net rjocht akklamatisearre, leau 'k. INE:
It is ek net sa maklik en hâld al dy facetten fan de moderne minske út inoar. Elk fortsjintwurdiget syn eigen misforstân. HERM.:
Sels ús freon Steensma. Ik haw it altyd al sein, mar nimmen wol it leauwe, sels dy yngoede heit fan my net. INE:
Hwat bidoelste? HERM.:
Sabotaezje. It doocht net mei dy Steensma. Ek in facet fan de moderne minske. INE:
Hast dêr de biwizen fan? HERM.:
Dy mislearre staking fan forline jier seit my ge- | |
[pagina 377]
| |
nôch. Hwa wie doe de operateur? Dyselde Steensma. INE:
De easken binne ynwillige. HERM.:
Just, sa sleau hat ús heit west. INE:
Dy hat him de wyn út 'e seilen nommen. HERM.:
Dat kin er net forkropje. Nou bisiket er it op in oare wize. Hawar, ik bin bliid dat ik út dit holdersnêst weigean. Dou hast it heard, dat ik fuort sil? INE:
Jimme heit hat it my forteld, ja. HERM.:
Hm. Kinst myn motiven neikomme? INE:
Wol sahwat, al hie 't om mij net nedich west. HERM.:
Hwa seit dy dat it om dij wie? INE:
Myn eargefoel.... HERM.:
En hwerom wie it om dij net nedich? INE:
Omt ik ek fuortgean. It is hjoed myn lêste dei. HERM.:
Ja, dat sei ús heit. Wy bliuwe dus oant yn it ôfskied ta solidair. Allinne spitich, dat de âld man it forbân net seach.... INE:
(Sjocht him skerp oan.)
Dus.... myn eargefoel wie net hielendal mis. HERM.:
Miskien net hielendàl, né. Mar forjit net, hjir wie noch in tredde man yn it spul. En polityk is altyd mear as erotyk. INE:
Mar hja hoege elkoar dêrom net út to sluten.... HERM.:
Yn alle g'efallen, de SS hat it pleit woun. INE:
Hwat my oanbilanget net. HERM.:
Miskien net yn 'e leafde, mar wol yn 'e polityk. En dat is noch altyd it wichtichste. Men moat de dingen great sjen kinne, n't wier? It feit, dat de SS it pleit winne kìn, it feit dat ús heit de Joadske saek forriede kin troch in SS-er yn tsjinst to nimmen, it feit, dat miljoenen deaden, dat konsintraesjekampen, gaskeamers, massagrêven en gean mar troch, dat al dy dingen gjin libjende wurklikheit mear binne en gjin appèl mear oan 'e siele fan de minskheit, - dat allegear biwiist dat der hjir yn Europa in machine defekt is. INE:
Holle en hert hawwe hjir yn Europa altyd noch mei elkoar oer 'e heap lein, dat is gjin nijs. HERM.:
Né, mar it kin oer de hege skuon gean. INE:
Ja, en dan kin men mar better de wyk spylje. Mar wês dan ek net forheard dat de SS dyn plak ynnimt. HERM.:
Ine, dou spilest in dûbelde rol. INE:
Dat tinkst, omdatst myn motiven net neifiele kinst. | |
[pagina 378]
| |
HERM.:
Hwat binne dyn motiven? INE:
Ik hie tocht dat Arent my nedich hie. HERM.:
Nou, hwerom soed er net? INE:
Goed, elke man hat in frou nedich. Mar it is by him oars. Foar him is it rjocht habben op, in kwestje fan rehabilitaesje. Dat wol ik net. HERM.:
Kin 'k dy gjin ûngelyk yn jaen. INE:
Ik haw yn 'e ôfroune wik en de saek goed trochtocht. It is in komplex by him, in soarte fan sykte. Syn suvering, syn ûnskuld dus, is him ta in soarte fan skuld wurden. HERM.:
Dy skuld kinstou him fan ôfhelpe, ast him fan dy sykte ôfhelpst. INE:
Hwat foar in minske soe hy wurde as wy him ek noch fan dy skuld ôfholpen? In soarte fan ûnoantaestbere en apathyske übermensch. Ien út in opera fan Wagner. HERM.:
As ik it goed sjoch, komt it dus hjir op del: Hy hat dy nedich, sa lang as er dy net hat, en sadré as er dy hat, hat er dy net nedich. It komt my earlik sein altyd hwat fortocht foar, as froulju sa skerpsinnich redenearje. Dou komst mei dyn gefoel net klear. INE:
Myn gefoel fan dy jouns yn 'e Rosthoarn wie hwat oars as dat fan nou. HERM.:
Kin dat ek ris gesichtsbidroch wêze? Bigryp my goed, ik wol dy net nei him tatwinge, mar ik leau dat dy Wagner-minske in suvere forstânskonstruksje fan dy is en dat dizze man, dy't ik forstânlik min of mear forachtsje, dochs genôch manljuskwaliteiten hat om dy gelokkich to meitsjen. INE:
Ik bin bliid datst sa greatmoedich bist. HERM.:
Forsin dy net yn myn greatmoedichheit. Faek in biwiis fan ûnforskillichheit. INE:
Goed, dan bin ik bliid datstou net haetdragend bist. HERM.:
Hwerom soe ik? Klearste biwiis dat ik fan dy ôf bin. Ik kin de saek nou objektyf sjen. INE:
Ja, ik leau it. HERM.:
Forsin dy net yn 'e motiven fan myn fuortgean. Fan Europa haw ik al lang myn nocht. Israël wie al lang myn sin. En hwat hiestou dêr sild, as Aryske? INE:
(Spotsk.)
Binne se dêr sa keken yn rassesaken? HERM.:
Dêr koene jimme, Européanen, ús wolris ta twongen hawwe. | |
[pagina 379]
| |
INE:
Pff. Hwat bist sels? Tinkst datst dêr dyn needlot fan Européaen ûntkomst?....
(Wurdt kloppe.)
HERM.:
Ik hoopje it. Já....
(Marijke komt yn.)
INE:
Ik hoopje it mei jo. MAR.:
Middei, mynhear.... Juffer Smeding, Welling' freget hwer't de steaten LS 17 bliuwe. INE:
O ja, it is ek sa. Ik sil se efkes trochgean. Jo kinne der wol op wachtsje.
(Skriuwt.)
HERM.:
(Tsjin Marijke, forfeelsum.)
Dus.... jo sille it plak fan juffer Smeding ynnimme? MAR.:
Ja, en jo g'eane ek al gau fuort, nou? HERM.:
(Wrantelich.)
Ja, ik gean moarn fuort. MAR.:
(Kjel.)
Moarn al? HERM.:
Moarn. MAR.:
En hawwe jo der sin oan? HERM.:
Hm. MAR.:
As ik jo wie, bleau ik hjir mar. HERM.:
Soe dêr folle kâns op wêze? MAR.:
Hwerop? HERM.:
Dat jo mij wurde? MAR.:
(Lûkt oan 'e skouders.)
Ik wit net. HERM.:
O, ik wol.
(Swijen. Ine arbeidet troch, Herman tyspelt mei hwat om op 'e skriuwtafel. Marijke sjocht nei him. Welling komt op.)
WELLING:
Minsken, ik wit wol dat it libben ôfgryslike gearstald is en dat oeral ûnforwachte knopen lizze. Ik wit ek wol, dat myn steaten LS 17 tige ûnnoazele dingen binne yn it ljocht fan in SS-man dy't út 'e ivige jachtfjilden werom komt, mar lykwols soe ik jimme forsykje wolle om.... HERM.:
Fjouweresom it kwartet út 'e Rigoletto to sjongen. MAR.:
Hea ja, sjonge, dat kin moai wurde. Mar kinne jo net hwat fleuriger muzyk útsykje? Ik hâld folle mear....!
(Swijt as Salomons Sr. der yn komt.)
INE:
(Tsjin Marijke.)
It liket my better ta dat wy mar efkes nei Welling syn keamer ta geane. Dan sille wy de hiele saek noch efkes bisjen. Kom, mynhear Welling', geane jo mei?
(Ine, Marijke en Welling ôf.)
SAL.:
O.... Herman, dou hjir.... HERM.:
Ja heit, ik moast hjir noch efkes.... deisizze. SAL.:
Hm, deisizzè.... Mei muzyk? HERM.:
Ja, stekt dêr hwat yn? SAL.:
Né, neat. It is hjir hjoed dochs in gekkeboel. Niis wer dy nije machine. | |
[pagina 380]
| |
HERM.:
Ik haw it al lang sein, mar heit wòl it net leauwe. Dy Steensma is net to bitrouwen. SAL.:
Ik haw net it minste biwiis. En it wol my ek net oan. HERM.:
Nou, dan net. It is myn saek net mear.
(Swijen, beide geane sitten. Herman stekt de piip oan.)
SAL.:
Ik wol net mear bisykje dy tobek to hâlden. HERM.:
Hat ek gjin doel. SAL.:
Mar ik freegje my dochs ôf: moat dit nou sa? Dou hast hjir in skoandere takomst. As ik der ris útgean.... en dêr falt oer to praten. HERM.:
Heit wit wol, dat Israël altyd myn sin west hat. SAL.:
Ik bigryp net hwatst dêryn sjochst. Stel dy dat Israël net foar as in dorado of in idéale steaf. HERM.:
Né, mar al as in steat dêr't wy Joaden alteast sykhelje kinne en ús sels wêze. SAL.:
In steat lyk as alle steaten. HERM.:
Mar net in folk lyk as alle folken. SAL.:
Né, mar dat sil it wurde, as dy steat ienris op poaten stiet. HERM.:
Der ìs yn alle gefallen in steat op poaten to setten, dat kin men hjir net sizze. SAL.:
Fan folk nei steat, nei polityk, nei macht, nei machtsmisbrûk, nei imperialisme, nei oarloch, it is mar in hoannestap. HERM.:
As de oaren it dogge, hwerom wy dan net? SAL.:
Omt wy de histoarje akseptearje moatte. HERM.:
(Hunend.)
Mei gaskeamers en SS en al. SAL.:
Miskien hat God dêr ek syn bidoelingen mei hawn. HERM.:
Ik tankje dyselde God dat ìk mear bitrouwen yn Syn rjochtfeardichheit haw. It Joadske folk hat noch in takomst. SAL.:
Wis, in opjefte hawwe wy, mar in oaren astou sjochste. HERM.:
En hoe sjocht heit dy opjefte: birêste, jin deljaen, de histoarje akseptearje, ek as der aenst wer in skreauwend stik idioat opstiet? SAL.:
Europa is it lân fan ús tradysje, fan ús humane geast, is ús ta in klimaet wurden. Dat needlot moatte wy oannimme. HERM.:
Dat bitsjut dat wy ús ûndergong' oannimme. SAL,:
As dat Gods bidoelingen binne, ja. HERM.:
Ik haw Gods bidoelingen net yn 'e bûse. SAL.:
Herman, dou bist jong en sjochst in heap dingen oars | |
[pagina 381]
| |
as ik. Ik bin bliid datstou noch idéalen sjochste. Ik kin dat allegear net mear neikomme. HERM.:
Ik haw altyd miend dat heit sa'n selsbiwuste Joad wie dy't de tradysjes heechhâlde woe, dy't leaude yn 'e ropping fan syn folk. Ik bin in ôffallige, in heiden, ik haw maling oan 'e tradysjes, en fan 'e âlde Jahvè ha'k ek net folle mear op 'e rekken. En hwa blykt nou by einsluten it measte foar syn folk to fielen? SAL.:
Dou forwikselest macht mei geast. HERM.:
Kin geast bistean bliuwe sûnder macht? SAL.:
Ik haw gjin bitrouwen yn dat machtsexperimint. HERM.:
Welné, en strak, as der wer in Adolf Hitler opstiet, dan jin mar slachtsje litte, lyk as ús Louis. SAL.:
Lit de deaden hjir bûten. HERM.:
De libbenen fan hjoed binne de deaden fan moarn. Hwat hoop hat heit foar de Joaden hjirre? Stekt net oeral de Joadehaet de kop wer op? O ja, o sa freonlik en foarsichtich, mar ûndertusken: ‘Ik haw neat op 'e Joaden tsjin, mar ik haw it net op harren stean.’ Hawwe de lju ien ding leard sûnt de dagen fan Adolf Hitler? SAL.:
As der guods binne dy't hwat leard hawwe fàn Adolf Hitler, binne it jimme, Sionisten. Is it oars as bloed en groun en rasforhearliking dêrre? Soe ien net-Joad dêr ien foet oan 'e groun krije kinne? HERM.:
Dy Europeeske les sille wy ek wol as histoarje akseptearje moatte. Nou is it ús bar. SAL.:
En ik soe dit nòch net tsjin dy sizze, as ik net wist, dat der by dy ek noch oare motiven efter sieten. HERM.:
Dat gefal Koopmans wie mar in lyts ûnderdiel fan it g'ehiel. It hat net mear as oanlieding west, de oarsaek sit djipper. SAL.:
Dat gefal Koopmans is in saek fan simpele barmhertichheit. HERM.:
Ik wit wol, dat it heit syn goede hert is, mar ik kin sa net. Ik sjoch hjir efter de gesichten fan miljoenen formoarde en úthongere bern en froulju en âlde minsken, fan in net út to wiskjen skande dy't ús folk oandien is. De greatste misdied út 'e skiednis, dy't ús forgetten is, as wy jouns ús fuotten útstekke en de radio oansette en feilich op ús bêd krûpe. Dêr is dy Ir. Koopmans mei skuldich oan, dat wisket gjin suvering fan him ôf. | |
[pagina 382]
| |
SAL.:
Dit gefal stiet alhiel op himsels. HERM.:
It is in symptoom. Ik kin it net oars sjen as in forried dat heit bigiet oan 'e Joadske saek, in forried dat heit net forantwurdzje kin foar syn rasgenoaten, foar de deaden net, net foar de Alderheechste. Allinnich mei in birop op in forwettere en mjitsk humanisme fan de foarrige ieu. SAL.:
It is in âld konflikt tusken Gerjochtichheit en Barmhertichheit. HERM.:
Ik wit heit syn driuwfearen wol: men moat forjitte kinne, skulden moatte ienris forjown wurde. Goed, fjouwerkant mei iens. Lit dy fint rjocht dien wurde. Hy sil in goede ûnderdirekteur wêze. En op syn troudei kin heit in treflik wurdtsje sizze út namme fan direksje en kommissarissen, enveloppe mei ynhâld en al. SAL.:
Dou slachst troch, Herman. HERM.:
Goed, ik slaen troch. Né, ik bitankje foar de komeedzje. Myn fijannen binne myn fijannen. Miskien bin ik mis. En de wrâldhistoarje sil my grif ûngelyk jaen. Sjoch mar nei dat Poepelân, hoe't se allegear streakje en flaeikje en frije om 'e gunst. Hoe sitte wy net to long'erjen op in oarder út Stuttgart of Frankfort. Ik bin dy poppekast sêd. SAL.:
Herman, wês earlik. Der is noch hwat oars. En krekt dêrom bin ik sa bang, dat it dy ôffalle sil. Dit is in flecht. HERM.:
Praet net sokke orakeltael. SAL.:
Goed, ik sil planút prate: juffer Smeding. HERM.:
(Glimkjend.)
Heit is dochs skerpsinniger as ik tochte. Suver tò skerpsinnich. Meitsje jo gjin soargen. Ik bin mei juffer Smeding klear. Fan datoangeande hat de SS it pleit ek woun, dêr haw ik frede mei. En foar in gewissekonflikt mei de Joadske tradysjes sil ik heit yn dàt opsicht alteast net stelle. SAL.:
Ik hie it graech oars wold, mei dij en juffer Smeding, Herman. Hja soe in goede frou foar dy wêze. HERM.:
Meitsje my net oan it laitsjen, heit. It is wier to folle eare foar myn situaesje. SAL.:
Dou bist hurd oer dysels, Herman. HERM.:
Ik hie it earder wêze moatten, heit, yn de tiid dat ik noch in stengun yn myn fingers krije koe. Miskien haw ik fan datoangeande hwat goed to meitsjen. As | |
[pagina 383]
| |
heit de psychologyske oast fan myn saneamde flecht siket, dan dêrre.
(Wurdt kloppe.)
SAL.:
Ja.
(Ine en Marijke komme op. Ine sjocht de direkteur oan; dy:)
Gean jou gong, juffer Smeding.
INE:
(Giet nei it laed fan in bureau, hellet der in map út.)
Hjir is it dossier oankeapforgunningen. Hjir moat it tusken sitte.
(Marijke knikt en blêddet yn 'e map.)
HERM.:
Nou heit, ik moat noch efkes in pear lju bylâns.
(Giet op Ine ôf.)
Ine, ik winskje dy it bêste, ek mei dyn nije baen yn Sweden.
INE:
Mynhear Salomons. HERM.:
Siz foar dizkear noch mar Herman. De âld baes hat sels al útfoun dat dou en ik....
(Swijt, as syn heit op Marijke wiist.)
INE:
Goeije, Herman. HERM.:
Goeije, Ine. Hâld dy goed. Juffer Wassenaer, wês mar in goede opfolchster fan dizze juffer. Jo hawwe safolle hert net en safolle forstân lang net, mar it sil wol goedkomme. Ik hoopje mar dat jo gjin lêst krije mei takomstige ûnderdirekteuren.... Soks jowt altyd komplikaesjes. SAL.:
Herman, tink dochs om dyn wurden. MAR.:
(Kriget bûsdoek.)
Goeije eh.... HERM.:
(Oantreastgjend.)
Herman! MAR.:
.... Goeije, Herman. HERM.:
Moaisa. Kreas. Yn it ljocht fan 'e ivichheit falle dochs alle minsklike ûnderskiedingen wei. En tink om myn warskôging. MAR.:
Ja, mynhear.... Herman.
(Makket diskreet gebrûk fan bûsdoek.)
SAL.:
Herman, meitsje ús net to skande. Soks giet to fier! HERM.:
Och heit, ik gean dizze faem ek to fier, sjochris, hja kin har triennen mar amper hâlde.... Dizze Ophelia sil ek wol.... INE:
(Underbrekt him.)
Herman, mei ik dy forsykje....! HERM.:
Tankje, Ine. Kom, giet heit efkes mei it fabryk troch? Ik haw dêr noait net folle west, fanwegens myn knappe pakken. Faeks moat ik yn Israël ek noch efter de bankskroef. En ik moat ús freon Steensma noch efkes de hân jaen, mei it each op Israëls kânsen yn 'e Feilichheitsrie.
(Beide ôf, de direkteur skodholjend.)
MAR.:
Soe.... soe hy noait werom komme? | |
[pagina 384]
| |
INE:
(Bigjint wer to skriuwen, sjocht net op.)
Hawwe jo dêr sa'n bilang by? MAR.:
Ik mei him graech lije. It is in gentleman op en út. INE:
Ik tocht dat jo sin hiene oan mynhear Welling. MAR.:
Dy is dochs troud? Hy kin om my opfleane, mei syn flau praet altyd. INE:
(Spotsk, skriuwt troch.)
Dat is dan noch net sa hiel lang dat er opfleane kin. MAR.:
Hwat is lang yn 'e leafde? Dy Welling, dat is gjin gentleman.... Dat is in.... Tink ris ta; lêsten woed er my mei ha nei syn hûs, stel jo foar.... by him thús.... wylst syn frou yn it sikehûs lei.... Hy fielde him sa iensum, sei er.... INE:
Nou en doe? MAR.:
Nou, doe bin ik mar meigien, mar jawol, hwat woe mynhear doe? Earst moast ik thé foar him sette. Doe liet er my it hûs sjen, en doe't wy op 'e sliepkeamer kamen, hwat tinke jo dat er doe die? INE:
Wit ìk it? Miskien joech er jo wol in tútsje.... MAR.:
Né, folle slimmer, Hy sei....
(Swijt hommels, as der kloppe wurdt.)
INE:
Ja!
(Arent komt yn.)
ARENT:
O, nim my net kwea, ik tocht dat de direkteur hjir wie. Ik hie de nije tekening ré....
(Lit tekening sjen.)
INE:
Hy is hjir net. AR.:
O soa, just....
(Sil wer fuort, nei't er syn tekening op de dir. syn tafel lein hat, mar komt werom.)
Juffer Wassenaer, as ik freegje mei.... hawwe jo gûld?
MAR.:
Ik wit net, hoedatsa? AR.:
Witte jo dat net? Nou, it liket der tige op, lit ik jo dàt sizze. INE:
Arent, lit dat fanke yn har wêzen, hja is.... AR.:
O, hwat dat oanbilanget, wy binne hjir ûnder elkoar. INE:
Ja, mar op oarmans gerjochtichheit. AR.:
Op hillig'e groun, ja. Nou, ik bin sa útpraet. Kin ik jo ta stipe wêze, juffer Wassenaer? MAR.:
Ik woe dat jo fuortgiene, lânforrieder! AR.:
Dat doch ik, mar mei ik de reden fan jou triennen witte? MAR.:
Hawwe jo neat mei to meitsjen. INE:
Arent!.... | |
[pagina 385]
| |
AR.:
It is dochs net omt de jonge direkteur fuortgiet? MAR.:
(Lilk.)
Man, waei op! AR.:
Ja, dat hawwe jo yndertiid dochs forkeard bisjoen. MAR.:
Hwat forkeard bisjoen? AR.:
Dat telefoantsje dy jouns yn 'e Posthoarn. Ja, sjoch nou mar net sa raer! Hwer is it op útroun? Juffer Smeding fuort, de jonge direkteur sels fuort, hwa wit aenst Welling ek noch fuort.... Hawar, josels meitsje sachts promoasje, dat is dan alteast noch in ljochtpunt. INE:
Arent, yn 'e goedichheit, hâld op mei dat mâlle praet. Sjoch, juffer Wassenaer, hjir is it spul, jow dat mar oan Welling.
(Marijke ôf, sjocht haetlik nei Arent.)
AR.:
Hè, hè, hwat in pyk, ju. Hoe kinne se sa'nien.... Nou hawar. INE:
Arent, lit ús ôfskie nimme. Ik gean fuort. AR.:
Bist joun yn 'e stêd? INE:
Foar dij net. AR.:
Ek net foar in gewoan freonepetear? INE:
Ik haw oare freonen foar myn jounpetear. En moarnier gean ik nei hûs, nei ús mem en dy. Dus.... AR.:
Dou dochst gjin stap tobek. INE:
Ik haw dy sein hoe't ik der oer tink. Dizze dingen binne net to kramjen. It muoit my, dat ik dy in skoft op 'e tok hâlden haw. AR.:
Ik haw safolle jierren op 'e tok sitten. INE:
It muoit my ek, dat de romantyk my oermânsk waerd, dy jouns yn 'e Posthoarn. Dyn enscènearing wie fornimstich. Mar it hat in forsin west. In artistike mistaest. AR.:
Dyn leafde is foar Herman. INE:
Ja. AR.:
En hy giet moarn fuort. INE:
Ja. Ek al net oars. AR.:
Dat mienst net. INE:
Né, mar hwat kin ik der oan dwaen. AR.:
Sil ik nochris mei him prate? INE:
O, hwat edel! Ja, ast my bispotlik meitsje wolst. AR.:
Ik bidoel it earlik, as man tsjin man. INE:
Sels dàn net. AR.:
Bigjin dan hwat nijs mei my. INE:
As it my om hwat nijs to rêdden wie, koe 'k ek wol by Welling to plak. Ik ha g'jin reden om hwat nijs to bigjinnen, net mei Welling, net mei dij. | |
[pagina 386]
| |
AR.:
Dou forjitst datst 29 jier biste. INE:
Moat dat my twinge om mei in man to trouwen dêr't ik net fan hâld? AR.:
Dou silst wer fan my hâlde, lyk as ienris.... INE:
Dat wie romantyk, Arent. AR.:
Dyn leafde foar Herman ek. INE:
Just. En dêrom giet hy nei Israël en ik nei Sweden. Snapste? Alles fanwegen de romantyk. Goeije, Arent. AR.:
Ast sa wolste - goeije. Ik sil dy net wer yn dyn farwetter komme. INE:
Dat is edel fan dy. Ast nou ek noch seist, datst graech myn bitroude freon bliuwe wolst, hawwe wy it hiele boargerlike drama hawn. AR.:
Miskien sjit der in aensichtkaert oer. INE:
Mei Nijjier, ja. Goeije, Arent.
(Fûstket mei him.)
AR.:
(Brok yn 'e kiel.)
Goeije, Ine.
(Hja kriget har mantel út in kast, lûkt dy oan en sjocht noch in kear by Arent lâns de direksjekeamer del, giet dan stadich ôf. Arent folget har mei de eagen, sjocht nei de doar dêr't hja útgien is. Rint in pear stappen de keamer op en del. Nimt dan in kaertsje út 'e bûse, giet nei de telefoan en draeit in nûmer.)
AR.:
Ja Mulder.... mei Koopmans, Ir. Koopmans, dou witst wol, dy ûnhuere individualist.... ja.... Siz, bistiet dy org'anisaesje fan dij noch, of is er al oprôlle?... Bistiet noch? O moai, ik haw my bitocht... Ja, bikeard ta dyn organisaesje. Kinst my helpe? Ik wol fuort.... Jaaaa, siz soks mar ris, nou, lit ús sizze: Argentinië? Ja, Argentinië, dat liket my wol goed ta.... Ja, sa gau mooglik, lit ús sizze mei in wike as trije.... Ja, tankje, goed, moai.... Wy prate noch wolris wer, ik haw it nou net oan tiid.... Ja.... Goeije, Mulder.
(Leit op, bliuwt yn tinzen stean. Under it wurd Argentinië is Welling opkommen, hat stil stien to harkjen. Arent draeit him om, sjocht Welling oan.)
WELLING:
Kom, hwat hear ik dêr? Sweden, Israël, Argentinië.... AR.:
Ja man, moaije symbolyk foar jim nije Europa....
(Doek.)
|
|