motiveguod út India troch Azië en Afrika yn Europa bidarre is.
It folksforhael hat ieuwen libbe. Ien fan 'e bitingsten foar it libben bliuwen fan in forhael as it boppeneamde is, dat it hyltyd op 'e nij as aktueel forteld wurdt. It moast syn huver bihâlde. Sa om 1920 hinne lykwols wiene de Duotten al útsûndering en as ik doe net sa jong west hie, hie ik lake om sa'n ‘âldwiveforteltsje’. Har dochters en beppesizzers harkje, ek op it Geastmer Fjild, nou moarns om sawn ûre al nei it nijste nijs op 'e radio en der riidt alle ûren in bus foar de glêzen lâns. De contrôle op alles hwat der oan opfallende dingen bart is yn lannen as uzes langer to great. Sa hat de foroaring fan 'e kultuer it mounlinge folksforhael om hals brocht.
Lykwols, de festige tastannen en de fortroude birjochtjowing hoege mar wei to fallen, of de âlde forhalen sille wer, mei nije farianten fansels, forteld wurde. Hwat gyngen der yn 'e jierren fan 'e bisetting nuvere stoarjes! It hiet allegearre wier bard to wêzen, mar it is my doedestiids opfallen, dat der gauris hwat by wie, dat immen as Johannes Bolte samar to plak wiisd hie ûnder de folksforhalen, dy't oan de Georgyske mearkes of de Pançatranta bisibbe binne. Spitigernôch hat men der sokke tiden de measte nocht net oan om se op to skriuwen en se dogge ús safolle net mear as hwannear't men njoggen, tsien jier is, sadwaende bliuwe se ek net hingjen.
De Dútske skriuwer Paul Ernst hat ris de gelegenheit hawn, de lotgefallen fan sa'n stof yn oarlochstiid nei to gean. It wie yn 1914. Der waerd him foar wier forteld: de frou fan in reade-krússoldaet yn Berlyn krige oer de post in pakje fan har man tastjûrd. It like har ta dat it adres mei in frjemde hân skreaun wie. Der gyngen sokke wylde forhalen fan spionnen en oanslaggen en sa, dat hja teach it har oan en brocht it spul op it polysjebureau. Doe't it iepen makke waerd, founen se der in hiele bulte gouden ringen yn. Har man hie se fan stjerrenden of liken stellen en de frou hie se foar him opbergje moatten. Hy kaem foar de kriichsrie en waerd fusilearre.
It swakke punt yn dit forhael wie de motivearring, hwerom it minske nei de polysje gien wie. Doe't it Paul Ernst ek to Weimar forteld waerd, mei de strjitte der by dêr't de frou wenne, krige er yn 'e rekken, dat it in legin-