De Tsjerne. Jaargang 6
(1951)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermdOan Mr. Tj. Taconis.Rju Ealachtb're Hear Taconis
Dy't sa mannich jefte jown is,
Dy't de rom fan Fryslâns groun is,
Soargjend dat dit folkjen soun is,
Trou en oan 'e wet forboun is,
Earber, folchsum en biskieden
Sa yn wurden as yn dieden -
Wit it ek dit jier to lieden!
Weitsje, Hear, mei rjocht en reden
Oer fatsoen en goede seden,
Lit net ôf fan rjocht to sprekken,
Snuorje, Hear, de batske bekken
Fan dy fanatike driuwers,
Fan dy smeulske kranteskriuwers,
Dy't misledigje mei smaek
Rjochters by har hege taek:
Jow se, út Jins romme toga,
Gjin tabak, fondant of noga,
Straf se, yn 't algemien bilang,
Mei in proeftiid libbenslang!
Hwer yn 't jier dat nou forroun is
Us Kulturkampf noch net woun is
En it lek net earlik foun is -
Moed foar 't tiidrek dat bigoun is!
Hwant Jo bliuwe, o Hear Taconis,
Dochs ús man, ús Man yn Bonis!
| |
Oan ‘Heger Hân’.Us, lytse lju fan 't Lege Lân
Forbynt in fêste, taeije bân
Oan alle macht fan Heger Hân.
Wie hja mar net sa heech en fier,
Wy winsken har in fris nijjier.
| |
[pagina 392]
| |
Nou dogge wy dat leaver net,
En swije mar mei klopjend hert,
Mar hwat wy tinke, djip yn 't moed,
Dat is: O Heger Hân, hoe goed
Is 't ús ûnder Jins wiis bistel!
Strui ek dit jier Jins seine ús del!
As Heger Hân oan Leger Wâl bidarre
En elk soe Frysk ynsté fan Hollânsk swarre -
Dan moasten wy nei Canada forfarre!
| |
Oan 'e man dy't it bifel ta HOUWEN joech.HOUWE! HOUWE ! dit giet need!
HOUWE! Hjoed is 't Kneppel-Freed!
Saeilân en Prins Hindrikstrjitte
Sille 't lange jierren witte:
Dy't mei kneppels siedzje mei,
Wachtet rike rispingsdei.
HOU! bliuw ek yn 't kommend jier
Sa foar rêst en wet yn 't spier,
Klinkt der ‘Fryslân Frij’-gerop,
Set der fris de brânspuit op:
Droege ikkers moat men sproeije
Sil der streksum nôt op groeije.
Jo it siedzjen, ús de weet,
Dat 's de frucht fan Kneppel-Freed.
| |
Oan S.E. Mr. H. Mulderije.Sorry, mister Mulderije,
Dit is mar hwat lulderije
Efter út de Kompenije
Fan in ûnbisniene Fries,
Ien fan tweintich yn in snies;
Né, wy weagje 't net om ringen
Oan Jins Steat ús op to twingen,
Hwant wy hingje 'r mar hwat by,
Excellinsje Mulderij!
Né, wy sill' net giizje of gobje,
‘Wy, wy litte ús tael bidobje’,
Lit ús op Jins lolly sobje!
Earbied foar de magistraet
Wêze ús moarns- en middeispraet.
Lit ús sa mar fierder piele,
Slach noch fûlder op ús siele,
Lit ús, nomm'le Mulderije,
Noch hwat hurder meppen krije,
Lit Jins kneppel ûnbiskromme
Op ús corpus juris komme -
En wy hoopje, bliid fan sinnen,
Skielk 't nijjier Jo ôf to winnen!
| |
Oan Mr. H.W. Kuipers, Ofsier fan Justysje.P.f.
|
|