De trein kaem binnen. Efkes krige er it byld foar him fan in stream minsken, tôgjend mei greate koffers, roppend, laitsjend en pratend yn forskate talen. Mar neat fan dat: in pear froulju yn boeredracht, in oarlochsynvalide op krukken, in âldmantsje, guon skoaljonges. Mar dêr kamen, drok gestikulearjend, noch twa mannen ûnder de oerkaping wei: Frânske ofsieren. Hja setten op him ta.
- A demain, Charles, à demain.
De oare kearde him om. Hja saluearren net ienris.
De man Charles smiet syn aktetas op 'e bank.
- Aha, le grand-duc lui-même, sei er, op it wapen wizend; en dan yn goed dútsk: - Sie sind also der grossherzog selbst, ha ha. Zum Berghotel!
Hy joech him del yn 'e kessens.
Dus dochs wer in bûtenlanner yn 'e wein. Wie it de lêste mar.
It Berghotel wie it stafkertier fan de nije masters. Krekt of hy net wiste hwêr't de man hinne moast. De man woe grif syn dútsk demonstrearje, dat yndie net min wie foar in Frânsoas.
Hy koe dit folkje, al sont de foarige oarloch, doe't er in skoftke tsjinst hawn hie yn in kriichsfinzenenkamp. Drok, libben op 'e trie, fleurich, licht oer alles hinne. It wiene suver heale Joadtsjes. Ek hwat ûnbitrouber.
In goede opmerker oars, dizze. Lyk as dy oare Joad, dy't jierrenlang fan syn tsjinsten gebrúk makke hie: herr Goldbaum. Dy hie ek net samar direkteur fan in great Keulener hannelshús west. Hy hie it ek altyd oer it wapen. In nuvere sprekker oars, men wisten suver nea hwat der efter syn wurden stiek.
- Soa, Heinrich, myn freon, libbest noch altyd ûnder it âlde wapen? Ja man, in slaef bliuwt in slaef, al is er de boeijens ek kwyt.
It wie him, as hearde er de âld-Joad wer efter him praten. It hynder sjuttele de stasjonsleane del.
Jawis, de hannel smiet wol jild op. Hy libbe der tominsten goed fan. Hwêrom ek net: dy't it breed hat kin it breed hingje litte. It wie in knaep, dat fielde men fuortdaliks. Mar sokke knapen mocht er net. Hwat bisiele dy keardel eins? Alle dagen ried er mei minsken, lju dy't nei de baden moasten, famyljes dy't in rountsje makken troch it gea. It lei him kâld, as hja mar bitellen. Ek Goldbaum bitelle, bitelle goed sels, en it wie in fêste klant, al jierrenlang.