| |
| |
| |
D. Kalma:
Seis fersen fan Yeats yn Fryske oersetting.
Ta ynlieding. - W.B. Yeats (1865-1939) hat yn de tiid dy't krekt efter ús leit, de greatste dichter fan Ierlân west, en ien fan de greatste fan Jerope. Syn libbensdoel hat, neffens in tsjintwurdich Ingelsk skriuwer, west ‘de opfieding fan syn heitelân yn forbylding en smaek’, en selden sil ien, ta it iverjen foar sa'n great doel, sokke rike talinten meikrige hawwe. It hat Yeats net allinne jown west, greate wurdearring en eare troch syn dichting to winnen (yn de tweintiger jierren waerd him dêrfoar de Nobel-priis takend), mar troch syn wurk oan it Abbey Theatre to Dublin hat er ek, mear as hwa oars, bydroegen ta de foarming en de bloei fan in eigen Iersk toaniel, dat mei gauwens Jeropéske reputaesje krige. Minder fan bilang is syn polityk wurk; de steatkundige bifrijing fan Ierlân is it wurk fan oaren; dochs hat Dublin him nei de stifting fan de Ierske Frijsteat ta senator makke.
Yeats skreau Ingelsk, en is yn syn dichting foar alles yndividualist, mar syn djippe leafde foar syn heitelân jowt de lêzer dochs ek forstean foar de greate dichterlike wearden fan de Ierske tradysje en yn de Ierske folkssiele. Yeats is in dichter fan de dream, binammen fan de mystike dream, dy't yn de skientme fan natûr en minske ús forbynt mei ûntiidlike krêften foarby it libben. Troch it libben fan de dei sjongt sa to sizzen in dream hinne, dy't har eigen ûnsichtbere oarde net forlit en de harker ta in oar, fan skyn bifrijd minske makket. Yeats hat in wiel fan skientme oer Ierlân weve, dêr 't it meast eigene fan dat greate eilân en in ljocht dat fan fierder as it libben komt, bitsjoenend yn gearweve binne. Ierlân, nou net langer slavinne mar de frije Mem fan har bern, sil him yn lingte fan tiden earje, mar hja net allinne.
| |
Leech by de wylge-hôven
Leech by de wylgehôven haw ik myn leafste moet;
By de wylgehôven gie hja, lyts, wyt as snie har foet;
Hja sei, nim leafde licht, as it leaf groeit oan de beam,
Mar ik, ûnwiis en jong, waerd troaid fan eigen dream.
Sa stiene hja en ik, yn dat stille streamelân,
Sêft op myn lynjend skouder lei har sniewite hân;
Hja sei, nim licht it libben, as it gers groeit by de daem;
Ik wie ûnwiis en jong, en 't lok is my ûntkaem.
| |
| |
| |
It Mar-eilân fan Innisfree
Nou wol ik my hjirwei jaen en gean nei Innisfree
En dêr in klinte meitsje fan tienen en fan liem;
Mei njoggen beane-rigen en in bijekoer dêrby,
En wenje dêr allinne, yn it bij-trochgounze grien.
En ik fyn dêr wol frede, hwant frede siicht dêr stil
Fan moarntiids lichte fluezen oant jouns it yntsje' liet;
Midnacht is dêr fol glinsters, de middei poarp'ren preal,
En joun fan finkewjokken fol en swiet.
Nou wol ik my hjirwei jaen, hwant nacht en dei, altyd,
Hear ik it wetter klokjen, lyklûdich d' iggen roun;
Mids skiere stêd en stien, dêr't alles rint en rydt,
Hear ik it, yn myn herte' djipste groun.
| |
Ast' âld al bist
Ast' âld al bist en griis, fan sliep bisocht,
En doddest by it fjûr, nim dan dit boek,
En stadich lêzend, dream hoe't ienris ljocht
Yn dyn sêfte eagen noege, en skaed dat loek;
Hoe't mennichien dy leave om blidens ryk,
Dyn skientme priizge (falsk of wier fan hert),
Mar ien man leave yn dy de siele, lyk
Hja oer dyn antlit hearliks tsjoende en smert;
En lústrje, bûgend by de gloed fan 't fjûr,
Hwat drôvich wol, hoe't leaf de kaem en gie,
En kleau en riisde, greate bergen oer,
Oant, mank de stjerren, wei syn antlit wie.
| |
Aedhs winsk nei it Himeldoek
Hie ik it pronk-borduere himeldoek,
Mei goud trochweve en sulvrich ljocht,
It blauwe en it dizige en it tsjust're doek
Fan dei en nacht en it skimerljocht,
Dan spraette ik it ûnder dyn fuotten út,
Mar ik bin earm, ha neat as dream.
Myn dream spried ik ûnder dyn fuotten út;
Gean sêft, dû giest op myn dream.
| |
| |
| |
De man dy't dreamde fan it féelân
Hy stie, ien yn in kloft, yn Drummahair;
En hiel syn hert hong oan in siden klaed,
En einlings foel der tearens oer syn paed,
Ear't er yn sliep foel, bern fan Ierde wer;
Mar doe't in man fisk op in steapel smiet,
Like it, de koppen tilden hja oerein,
En songen fan in twiljocht, deitiids tein
In eilân oer, sa grien, sa eigen swiet,
Dêr't minsken leavje oan séen stjerreklear,
En Tiid nea brekke kin har tear ûnthjit,
Reaunte as it wâld syn tûken weevje lit;
Him rôp dat liet, hy hie gjin frede mear.
Hy swalke by it strân fan Lisadill;
Syn tinzen wiene fol fan soarch om jild,
H'want hoeden hie er swiere jierren tild,
Ear't hja syn grêfsté heappen, from en stil;
Mar doe, in sé-birûze plak foarby,
Song him in sé-wjirm, skier en ûnder slyk,
In tynge, der wie noard, súd, west, in ryk
Fan lokkich folk, fol sang en dream as hy;
En hoe't, ûnder dy trij'ris seine loft,
De moanne twirre troch de frucht'né floed,
Dy't siicht troch leaven mei in rûzjen froed;
En al syn wiisheit flechte, foar sok noft.
Hy mym're by de saed fan Scanavin,
Hy mym're oer dy't him hunden; hy woe wrek,
En rounom wie dy neamd yn folks bisprek
Nei syn forsinken yn de tiid'ne rin;
Mar in blaugerske, waechsend by de poel,
Sei - o, dat lytse lûd, net ien ta nut -
Hwer't stiltme in iensum folk ta blydskip wurdt
En oer har sliepen leit, as leaven koel;
En hoe't, as deitiids roaze oer 't wide swynt,
Myld fielen lyk in flues har sêft omaeit,
Dat yn dy rêst har eitse noed ûntwaeit;
Hy wist net mear fan wrok, fan grym dy't tynt.
| |
| |
Hy sliepte by de kling fan Lugnagall;
Faeks hied er dêr nea steurde frede foun,
Under dy kâlde hichte, dize-omwoun,
Nou't er wer ien wie fan âlde Ierde' tal;
As him de wjirms, om 't biente winend, net
Fornijden mei har lûd, as reid sa tear,
Hoe't God syn hannen rikt út himels klear,
Ta seine oer 't eilân, dat syn noegjen heart;
Dat nimmen fielt de woede yn weach en wyn,
Noch om in leave dounsfaem leed hat ea,
Ear't Hy Natûr forgean lit yn in pea;
Dy man hie sels it grêf gjin rêst foar yn.
| |
De spylman fan Dooney.
As ik spylje op myn fidel yn Dooney,
Dounsje hja as de sé my foarby;
Myn neef is pastoar yn Kilvarnet,
Myn broer yn Mocharabuiee.
Ik moete myn broer en myn neef;
Hja liezen yn har brevier;
Ik lies yn myn boek mei sankjes,
Dat ik kocht by merke-tier.
Skielk oan tiids ein, as wy komme
Dêr't Petrus steatlik sit,
Dan glimket er tsjin ús trijen,
Wylst er my it earst yn lit;
Hwant de bêsten binne altyd de bliden,
En de Widen hâlde fan spyljen,
En de Widen dounsje jern;
En as dêr de lju my sjogge,
Streamt al dat folk op my ta,
Mei: ‘Dêr is de spylder fan Dooney!’
En as weagen dounsje hja.
|
|