Op it harspit.
Fan dichters, festjes en woarstjes.
Yn ‘Het Boek van Nu’, in noch al hwat nuet ‘maandblad voor Boekenvrienden’ (redaksje Van Eckeren, Ritter en Stuiveling) fynt Jan Greshoff, dy't it sa 't skynt net by syn sammele wurken sitte litte wol, mar de ‘oude Jan’ ek net mear is, de lêste tiden rûmte om him to tjirgjen en syn rankunes en wjeraksel to wjirjen. In wjeraksel hied er û.o. fan de hâlding fan hjoeddeiske litteratoaren, dy't neffens him net ‘behoren deel te nemen aan feestelijkheden met een reclamedoel, niet op te treden in warenhuizen en in het algemeen geen dwaasheden te begaan om de aandacht te trekken.’ G. doelt hjir û.o. op de business fan de Hollânske Boekewike en foar in great diel kin ik him gelyk jaen, al moat men oppasse ek yn earslingse rjochting net yn pose to forfallen. By einsluten is ek de boekskriuwer in ‘leverânsier’ en hat er as sadanich in plakje yn it ekonomysk bistel to foroverjen en to hanthaven.
Mar frijhwat nuverbaerlik is it kommintaer dat in hear yn ‘De Uitgever’ (Maandblad van de Ned. Uitgeversbond) oan Greshoff syn boutade fêstknopet. Dy hat nl. in foto sjoen dêr't Ed. Hoornik op 'e forneamde ‘galajoun’ op ôfbylde stie...... sûnder festje. ‘Wil de Gala-avond te Amsterdam inderdaad aan zijn naam beantwoorden, dan late men noch de heren met worstjes noch die zonder vesten of houding toe’, sa ropt er dan fol hillige forûntweardiging.
My kaem yn 't sin hoe't Fedde Schurer op it Boalserter stêdhûs ta gelegenheit fan de G.J.-priisútrikking yn in skipperstrui forskynde en dat wy nei ôfrin mei hege hearen oaljebollen ieten.... Ek al falt it foar in Frysk litterator net ta, in útnoeging foar de Boalserter plechtichheit to krijen, as it al sa fol sit mei autoriteiten en kommisjeleden: de himel hat ús oant nou ta noch biwarre foar de ‘chic’ en de diktatuer fan (Hollânske) útjowers in bonis. Lit ús der tankber foar wêze, freonen.
FREARK DAM.