to gûlen: ‘Jierren en jierren lang hat by dus heit sein tsjin in man, dy't him frjemd wie, pûr-frjemd. Né, dat dochs net. Net frjemd! ‘Jan’, seit er sêft. Mar daliks dêr oerhinne: ‘Né, heit! Jo wiene myn heit. Jo hawwe wy bihannele as in echte heit en jo sille yn myn tinzen myn heit ek bliuwe!’ (180).
4. Dit boek is trillebillich fan sabeare-djipsinnigens en would be-intellektueelderichheit. Foarbyld: ‘Hy freget har, oft sy ek de stilte om barren hinne “hearre” kin’ (158). ‘Fortel my leaver einlings ris - dêr haw 'k mear, ûneinich folle mear bilang by - hwa bin ik sels....’ (177, Wiger bidoelt: Hwa wie of is myn heit). S. 182: ‘Né, mem, ik sil jo net forachtsje! Ik leau earder, dat it wurdtsje “mem” foar my fuortoan just noch greater bitsjutting hawwe sil as juster en earder. En - myn heit - dy hawwe wy dochs nei it tsjerkhôf brocht, mem. Hy wie altyd myn heit en - dat sil sa bliuwe. Earlik sein leau ik net, dat ik Halbe Dykstra haetsje sil, lyk as jo dat dien hawwe en dogge.’ En dit stilearre geëarmoed duorret oant healwei s. 183.
5. It sil dúdlik wêze, dat al dizze flaters fuortkomme út ien grounflater: de psychology. Dat fan de dramatis personae de iene helte striemin is, de oare helte pûrbêst, mei noch hinnebruije. Yn in biskaet soarte fan swart-wyt-litteratuer is dat nou ienris sa, allegearre bêst. Mar dat fan al dy persoanen, de folslein ûnbilangrike Wiger foarop, net ien yn steat is om in biskate yndruk fan minsklikheit to meitsjen, dat hja stik foar stik gearbrousels binne út ûnderskate minsklike eigenskippen, dat hja de nuverste tinzen hawwe, prate yn optochte boeketael en gjin ûnske normael fleis om 'e ribben hawwe, dat is it slimste. Hwat seit men b.g. fan de krankjorume ‘fizioenaire’ flaute dy't Wiger op bls. 147-8 kriget, omdat it ‘miskien tó waerm wie yn de tinte’? En hwat fan dy Gerdykster keapmansdochter, dy't de H.B.S. trochroun hat en dy't oer har houlik mei Halbe dizze syklik-sentimintele tinzen provocearret: ‘De lytse minskjes yn de Streek soene by de jonge boerinne fan De Hichte, dy't de Hegere Boarger trochroun wie, dy't spile op oargel en piano, opsjen. It like har hearlik ta dizze jit ûnbidoarne skepsels to fortellen fan moaije boeken, fan muzyk en wit hoefolle dingen mear en mei har to genietsjen fan de skientme fan it lân om har hinne; fan de blommen, en de fûgels en alle oare bisten, dy't hjir libben.’ (11). Is it in wûnder dat dit immaterieel en imponderabyl skepsel, H.B.S. of net, ausgerechnet yn de barbare-earms fait fan de greate bolderbast Halbe Dykstra? En it lot hat wold, dat de skriuwer just, like ausgerechnet, dizze ynberne skurk noch hwat skriel relief jaen wold hat yn de foarm fan in streek wyt by al dat swart. It is it iennichste spoar fan tragyk - mar hokfoar útlibbe en útsakke tragyk! - as Halbe op s. 127 ‘yn himsels’ seit: ‘Oan jou eask is
foldien, heit. Hûnderttweintich pounsmiet; hûnderttritich, hûndertfjirtich! Mar ik flok de dei, dat jo de vuurden sprieken!’
Hoe't dizze minsken dan wól libbe, tocht en sprutsen, al of net yn harsels, hawwe, kin 'k net sizze, - mar dat se it oars diene as de hear v.d. Zeel ús oansmarre wol, dêr doar ik myn holle foar op it blok to lizzen. ‘Lutske' jonge’ is it boek fan immen dy't gjin forstân hat fan minsken.
A.W.