oar, de lêzer, witte: Hwat wol dy man, hwat seit er, hwat bidoelt er? Is dy alderindividueelste ekspressy fan de allerindividueelste emoasje ûnforsteanber, dan hat it foar in oar as de dichter sels, gjin wearde. Sa'n dichter paste moai by de steatslju dy't neffens Talleyrand, de jefte fan it wurd krigen hiene om har tinzen to forbergjen.
Neffens Schurer is it in faei ûndernimmen om út in gedicht de dichter kennen to learen. Is dat wier sa? Kriget men gjin goed byld fan Gezelle, Harmen Sytstra, Piter Jelles of Fedde Schurer, as men har gedichten lêst? En soene biografyske bisûnderheden fan dy dichters har wurk net in soad bigripeliker meitsje? It stiet by my fêst fan al.
By it symposion hat Fedde Schurer de stelling opset, dat in dichter him uterje mei, sa't him sels goed tinkt en dat er him oan gjin noarmen hoecht to steuren. Ik haw der tsjin ynlein, dat Schurer de konsekwinsje fan dy stelling fêst net oandoart. Ik jow daliks ta, dat men in dichter hwat mear frij jaen moat as in oar, mar der binne foar sokke lju ek biskate grinzen, dêr't se rekkenskip mei hâlde moatte. As der stikken foar de Tsjerne oanbean wurde, sil de redaksje dy dochs earst ek wol hikje èn op 'e ynhâld èn op 'e foarm. Sa goed as ik it bigryp, is dat krekt it wichtichste wurk fan 'e redaksje. Hwer bilânje wy oars?
En om nou op Jolm werom to kommen, it liket my ta, dat dizze bondel en inkelde oare út 'e lêste tiid it biwiis leverje, dat it peil fan 'e Fryske dichtkunst in stik sakke is. Hwer fynt men bisieling foar in ideael, hwer kriget men de yndruk: Hjir sprekt in man, in paedwizer foar syn folk? As it paedwizers binne, dan is it nei de bidelte en wy moatte krekt de oare kant út, omheech! Hokfor ynfloed hawwe bondels lykas Jolm op ús jongerein? En dy moat dochs gedichten lêze en de bêste foar de fûst wei deklameare kinne! Sloppens en healens moat men har nou net oanpriizgje.
As men de tiidsomstannichheden rekkent, dêr't de jonge dichters fan hjoed-de-dei yn opgroeid binne, kin men der ynkomme, dat alle idealisme har frjemd is. As tiidsspegel hat har wurk neffens my wearde. Fierder is it in mene tekel. It binne swiere wurden, dy't ik hjir delskriuw, mar siz ris earlik: Komme wy sa wol thús? En nou Jo, Fedde Schurer!
Wytgaerd, 24 April 1949.