| |
| |
| |
Anne Wadman:
Memme eagen.
III.
Op in moarne yn Novimber brocht de frachtrider Anna har kiste en twa reiden koffers, dy't tonearsten yn 'e timmerwinkel plak founen tusken skammels en spuonnen. Lytse Marten wreide it útsjoch fan syn fiif jier âlde bernewrâld op syn manear mei kiste en koffers út, dy't nije doelen en mooglikheden brochten, ek foar syn boartsjen. Rienkje sette kofje, heit sloech in nij tsjil oan Marten syn rollebak, in plan dat al dagen lang bipraet wie, mar de beuker hie mear nocht oan de koffers as oan syn rydark, dit stuit. Gepke libbe de spanningen fan it nij wjerfarren op 'e skoalbanken út. It middeismiel forgyng ûnder in hwat binearjend swijen. De hiele gong fan laken stie Roelof tsjin. Heit hie, mei syn âlde fornimstigens, ornearre, it koe bêst, dat Anna hwat earder kaem, foardat hja troud wiene, dat makke dochs gjin forskeel mear, nou't hja ûnder de geboadens stiene. Hja koe dan mei-iens moai hwat ynboargerje, hoe gauwer't hja it bistjûr oer de húshâlding krige, hoe better. Fan de plannen om Rienkje nei it naeijen of de húshâldskoalle to stjûren wie al neat mear oer. Hja soe to tsjinjen moatte, der wie wol in plakje to finen, en greate útjeften koe de brune net lûke. Fansels, dat hie ek wer ien fan heit syn skynarguminten west, dy't er forfalle liet, as de saek it net mear nedich hie.
Anna kaem mei de healweitrijen bus. It waerd in nuodlik momint; hoe har to bigroetsjen? Roelof stie mei de piip oan en de hannen yn 'e bûse ûnforskillich tsjin de syddoar, doe't hja it paed opkaem. Heit droech har koffer en paraplu, ien en al bihelpsumens, mei in tofreden glim op syn antlit.
‘Dach Anna, noch goed mei jo?’
‘Neam my mar....,’ glimke hja senuweftich en forstuivere oer hwat hja sels wol fielde as in taktyske misset tsjin in fint fan tweintich jier. Mei-iens lei hja bislach op Marten, hyste him op 'e earm, kroep him oan, en bearde: ‘Jonge, hwat bistou in ein keardel wurden, Allemachtich’. En sette him doe wer del. Marten fortelde dat der in kiste en twa
| |
| |
hiele greate koffers kaem wiene en dat heit in nij tsjil oan syn rollebak set hie, dêr't er aenstouns mei nei stêd soe.
Efkes letter sieten se meimankoar yn it sydkeammerke om 'e tafel, Roelof wie mar meigien, al hied er earst oanstriid hawn, om yn 'e timmerwinkel to fordwinen en dêr hwat ûndefiniearbers yn himsels ôf to reagearjen op in stik hout. Mar dat koe net bêst, by moast wol mei om thé. En hja wiene allegear sa goed op 't skik, binammen heit, dy't it forhael die, mei lytse Marten op syn knibbel to hobbeljen. It théstoofke glimke oer de tafel en alles like sa moai en nij en glinsterjend, ont nichte sniewite tosken ta.
Roelof bisocht al it oare fan him ôf to skouwen en it ek sa to sjen, lyk as it wie: nije fleur yn 'e hûs, forjitten fan it âlde. Hy moast sjen, yn dit famke hwat oars to sjen as in fierôf famyljelid, dat alris hwat ûntrochtocht mei him wraksele hie. Har as mem sjen, dêr kaem er net oan ta, it soe genôch wêze as hja ynearsten foar him mar de húshâldster waerd, dy't it bihear hie oer jild, itenstafel en it tafoarsjoch oer klean en skuon, Dat wie al in hiel ding, en it oare woed er mar net oan tinke.
Mar iderkear kroep tusken syn wramen om fleurich en optein to dwaen dy gedachte, dat hja hjir komd wie om nachts by heit op bêd to kinnen, of faeks, dat heit it har hjitten hie, omt syn hytsige sinnen net langer wachtsje koene, De âlde hate bleau sadwaende yn him wekker, Dizze jonge frou, in famke noch hast, yn 'e earms fan syn heit, oerlevere eins oan syn kommandearjen en de twingende hearsksucht fan syn wêzen, dy man dy't dêr nou sa noflik en foldien siet to smoken, reekdampen om 'e holle, in glim op it antlit, glunder as er yn gjin wiken west hie. In kening moast er him fiele, greatsk op hwat er forovere hie, greatsk suver ek op syn motivearringen. Ré, om myld en goederjowsk to wêzen, om lof fan de wrâld en it libben to sjongen, dy man, dy't syn lok net opkoe, omt syn libben fannijs bigjinne soe, as yn in twade jeugd. Ik moast eins bliid wêze, tocht Roelof, bliid om myn heit, en ik kin fan de hiele fortoaning wol spuije, it wearzget my. Ik kin der net foarwei om bitter en sinysk to wurden as ik dit oansjoch en dan wer dat pertret fan mem dat dêr as in warskôging oan it lewant hinget en wol gau fordwine sil.
Rienkje bleau skruten en swijsum, lyk as altyd. It wie har net oan to sjen kokker útwurking it kommen fan Anna op har hie. Tusken har en Roelof wie der mei On wurd fan
| |
| |
praet. Faeks wie hja ek noch to jong, om by harsels strideraesje to hawwen tusken it Helen foar de eigen mem en dizze frjemde. Dy twa dingen sleaten elkoar net út by har, dy't alve jier wie, amper, doe't mem stoar. Nou in stil, bidêsd famke fan fyftjen, goedhinne en hwat domeftich, mei nou en dan in healforhoalen utering fan kommende hertstocht yn 'e eagen en al rounjend yn foarmen ta ien dy't de oandacht fan alle doarpsjonges op har lûke soe, as hja ienris troch de skrutenens hinne wie en it sels yn 'e gaten krige.
Nicht sette in wiidweidich forhael op oer har mem, beppe suster, Iebeltsje, dy't trije en sawntich wie, en noch sa kras dat it in aerdicliheit wie. Die alles jitte sels, oan 't strjitskrobjen ta. Mar it himmeljen griemde se de lêste jierren hwat mei om, dat gyng wakker rûch. En it houlik tusken Jan en Anna like har mar skoan ta.
Roelof koe it net forneare, dit ûnnoazel famylje-praet en seach mei de fingers op 't tafelswilk trommeljend ta 't finster út fan argewaesje. It wie in kant fan Anna dêr't er net oer koe en dy't in tsjinstelling foarme mei har wêzen, salt er dat iderkear foar him hawn hie. Soe syn mem ek sa sleau eamelje kind ha oer de dingen fan 'e dei?
Marten en Gepke harken mei de mûle iepen nei dit nije lûd. Marten bigriep der neat fan mei syn dommige slûge eachjes, mar de goedmoedige wurden út de mûle mei de wite tosken mocht er wol lije. En Gepke hie oars gjin tinzen, de lêste dagen as hwat de bern op skoalle seine, dat der fêst mei gauwen wer in lytse poppe by barren komme soe. Hja hie it Roelof allegear forteld yn in ûntwapenjende fortroulikens. Hoe koe dat nou, dat dy lytse poppe út 'e nije mem komme koe? En dat hiene de jonges sein. En ek dat der in greate brulloft komme soe, hie hja heard, mei omkes en muoikes, en taertsjes en mear hearlikheden. En hja tocht, dizze mem soe har jouns wol op bêd bringe en ynstopje en in nachttútsje jaen, en miskien wol in forhaeltsje fortelle, dat diepe de memmen yn 'e skoalboekjes ek.
Roelof hie net folle sein op har forhalen, it die him allegear hwat sear, mar by koe it bern ek net foar de holle stompe, dat by hie mar hwat knikt en ja sein, en oer de lytse poppe hied er mar swijd.
Doe't Anna útpraet wie oer har mem, foei der wer stiltme yn it keammerke. Alles like heit woldiedich oan to dwaen, dizze dei, sprekken en swijen. Hy hie hwat fan in selsfol- | |
| |
dien sultan, dy't mei alles yn 't lyk is. Bûten big'oun it hwat to stoureinen. Fierder wie dêr neat as deadskens en trystens. Sa is it faek, tocht Roelof, De minsken wolle hawwe dat it òf hurd waeije of reine moat òf moai sinneskyn waer wêze, mar fierwei de measte dagen is it sa as hjoed: alhiel neat, leech en hol. O sa faek hat it sa al west, ek doe't mem noch libbe, en sa sil 't noch wol faek wêze: tabaksreek yn 't sydkeammerke op 't noarden en Novimberstiltme bûtendoar. In swijen fan alle hertstocht, dy't lykwols elk momint wer opbrûzje kin: aenstouns, moarnier, nije wike, letter....
Sa'n amerij soe ik deagean wolle, tocht er, men kin der dan nea gjin spyt fan krije. Hy skrille op, doe't heit risselwaesje makke. De thé wie op en de koeke bislikke, Heit hie noch hwat to dwaen, en dochs hinge 'r om krekt as woed er hwat sizze. Mûglik tsjin Anna, tocht Roelof, en by hie bihoefte om it to bihinderjen, dat hja elkoar ûnder fjouwer eagen to wurd kamen, Anna avensearre it théguod bymankoar en bliesde it ljochtsje út. Hy en heit seagen elkoar oan. It wie in frjemd momint, krekt as waerd der efkes hwat útfochten. In bytsje spotskens en in bytsje fijânskip by him, by syn heit allinnich it léste, mar forhoalen yn duorjende tofredenheit. Doe gyng heit de doar út: ‘Ik moat noch nei de Eastein’, sei er, ‘in lekke pomp. Ik bin foar fiven wol wer thús’. Hy stapte yn syn klompen. ‘Goed’, sei Anna, wifkjend oft hjà dat sizze moast of in oar. Hja krige in kaem, mar fuort déroerhinne boarte hja útlitten mei lytse Marten dy't har meitroaide om de rollebak to sjen.
Roelof holp har om de kiste nei boppen to sjouwen. Hy sloech syn greate hannen mei hwat tofolle gewelt oan 'e izeren hânsels en tôg'e it hiele gefal allinne de treppen op.
‘Hwat bistou sterk’, sei hja biwûnderjend.
Hja kaem him efternei, de treppen op. Boppe moast er efkes útpûste, it kaem der op oan, Anna lake:
‘Falt net ta, he'n? Der sit ek fan alles yn. Moarn komt der noch sa'n ien.’
Hwêr moatte wy yn 'e goedichheit mei dy bringst hinne, in útset gelyk, tocht Roelof. Op syn moaisten ek noch in partij ruften en berneklean. Hy waerd hwat opsternaet, mar bleau réwillich:
‘Hwêr sil de kiste stean, nicht?’ mei de klam op ‘nicht’.
‘Mar by 't béd hjirre?, dat is wol in noflik plakje.’ Hy sei it sûnder erch, mar Anna krige alwer in kaem as fjûr,
| |
| |
yn 'e goedichheit, hwat wie dat bern gau fan 'e wize. Roelof lake en praette der mar hwat oerhinne, sabeare ûnnoazel:
‘Bliid dat er to plak is, hear. In baes ding.’
Hja sweijen. Hy twong syn eagen en syn tinzen fan it bêd ôf en sinde op in nij grapke, ûnskuldiger. Mar der kaem neat. It wie ynienen allegear to earnstich suver, swier op 'e hân, it koe gjin spot forneare. Hwat soe der yn dit famke omgean, dat hja har sa forslingeret oan myn heit? tocht er. Soe se mistribeling hawn hawwe, mei in frijer of sa? Dus ditte bywize fan wanhoopsdie? Einliks is se fiersto g'oed en fiersto kosther foar sa'n man. Dit kin net goed biteare, dit rint mis, hjoed of moarn, as hja troch hat mei hwa't hja der ynroun is. Moat ik har warskôgje?
Hy die it dakfinster iepen, it knarste oer in rustige Spiker. Warskôgje? Mar dit wiene syn saken net, by einsluten. Anna wie âld en wiis genôch om har eigen dingen to dwaen. Hwat soe men dêr yn om riede? Hûndert om ien dat it noch minder waerd. Mei har prate? Mar by koe ommers net mei har prate, de wurden soene hiel mâl en ûnbirekkene út syn mûle komme en by de dingen lâns glide dy't er sizze woe....
Anna siet mei in kaei yn 't slot fan de kiste to nifelien. It woe net.
‘Wacht, lit my mar.’
Hy liet him by har delfalle, harren hollen wiene ticht by elkoar, har siken giene oer syn antlit, har hier foel oer syn skouder. Ien oankrûp, tocht Roelof, en myn heite houliksgelok is nei de barrebysjes. Soe ik safolle macht ha? Faeks wie 't har wol bêst, foar har sil it ommers gjin forskeel meitsje, hwaens kop hja hat, heites of mines, en ik haw myn jierren mei. Mar né, fansels soe se 't nèt goedfine, it is in nicht fan myn mem, en ik haw forkearing.... Healwiis, dit fanke, hwant mear as in fanke is 't net, dat sjoch ik nou wol, dit fanke yn myn earms, de frou mei koartens fan myn heit. Is dit oergunst? Forgun ik myn helt dit frouminske, ik, soan fan tweintich jier?
It slot knarste iepen, it gefaerlik momint wie foarby. Anna bigoun jurken út to hing'jen oan in droechline op 'e souder. Mar der kaem mear út 'e kiste as jurken: in spegel, in hierkaem, in klok, in waeksen byld fan in jonge mei in ammerke, in doaze luxe sjippe, skilderijkes, in Bibel, in psalmboek.
‘Ha wy sels wol’, wiisde Roelof, foaroerbûgd, wylst hja
| |
| |
oan 't útstallen wie. Hy wist oars neat to sizzen.
Hja knikte, folslein earnstich: ‘'k Wist net hwer't ik der oars mei hinne soe. It measte is noch fan ús mem, hat se my meijown sjoch, nou't ik de hûs út gean’.
It gyng Roelof troch alles hinne, dat lêste. Soe der wolris mear in frouminske by mem de hûs út gean mei sa'n bytsje romantyk en sa'n bytsje yllúzjes?
In string kralen, trije pear skuon, fleskes kloanje en parfum, in lytse neakene baeipoppe, in greate rûge teddybear, mei greate grille eagen.
‘Haw ik as bern altyd mei boarte’, sei hja, forûntskuldigjend.
‘As bern’.... Hja wie nòch in bern ommers.
Hja seagen elkoar oan. Roelof bûgde him oer har hinne. De neakene poppe liet hja falle. It bloed fleach him nei de holle: noch in amerij skeat it troch him hinne, dat sa syn heit ek dien hie yn sa'n g'efal. Doe loek hja him nei har ta. Hy stoarre yn 'e eagen fan syn mem.
(Tonei it lêste.)
|
|